Selsbewustwêzen

Selsbewustwêzen is it jin bewust wêzen fan jins eigen persoanlikheid, identiteit en/of yndividualiteit, ynkl. karaktertrekken, emoasjes, hâlden en dragen en ûnderfinings út it ferline. It is sawol it belibjen fan wat der op in stuit yn jins geast en lichem omgiet, as it besef fan it eigen bestean. It is ien fan 'e aspekten fan it bredere minsklike bewustwêzen.
Oantinkens oan foarfallen út it ferline foarmje wichtige eleminten fan it selsbewustwêzen. Men kin neitinke oer jins ûnderfinings, der learing út lûke en se brûke om in byld fan 'e takomst te foarmjen. Op dy wize kin men ferskate takomstige senario's gearstalle en de mooglike effekten dêrfan evaluëarje. Dêrnjonken is men jin ek bewust fan aktuele gefoelens, stimmings, tinzen en reäksjes fan it eigen lichem op prikels út it om-en-by.
Selsbewustwêzen moat net betize wurde mei selsrefleksje. Dat is it fermogen om nei te tinken oer de eigen motiven, plannen, langstmen en tinzen. Dat is in rekursyf proses, wat betsjut dat it weromgrypt op himsels: men kin weromtinke oan in oantinken fan in kear dat men weromtocht oan in oantinken fan earder.
Yn 'e filosofy libbet al iuwenlang it idee dat der sokssawat bestiet as "it sels", de ferburgen eigen identiteit dy't inkeld tagonklik is troch yntrospeksje. Neffens it dualisme fan 'e Frânske wiisgear René Descartes makket it sels(bewustwêzen) diel út fan 'e ûnstoflike siel dy't húsmannet yn in stoflik lichem. De ferneamde útspraak fan Descartes: Cognito ergo sum ("Ik tink dus ik ben") yllustrearret syn miening dat it selsbewustwêzen it bewiis foarmet fan it bestean fan 'e siel en yn it ferlignde dêrfan ek fan it bestean fan 'e eigner fan dy siel.
Lang waard tocht dat inkeld minsken selsbewustwêzen hiene, mar sûnt de 1970-er jierren hat ûndersyk oan it ljocht brocht dat ek beskate soarten bisten har bewust binne fan 'e eigen identiteit. Ut 'e spegeltest, wêrby't neigien wurdt oft bisten harren spegelbyld as harsels weromkenne, is bleken dat beskate hegere sûchdieren, lykas minskapen, dolfinen en oaljefanten oer selsbewustwêzen beskikke. Datselde jildt ek foar beskate oare soarten bisten, lykas de ekster, de hûsmûs en de reuzemanta.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |