Springe nei ynhâld

Selma van de Perre

Ut Wikipedy
Selma van de Perre
Selma van de Perre (2022)
Selma van de Perre (2022)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSelma van de Perre-Velleman
nasjonaliteit Britsk
Nederlânsk
berne7 juny 1922
berteplakAmsterdam
stoarn20 oktober 2025
stjerplakLonden
etnisiteit Nederlânsk
Joadsk
wurkpaad
berop/amtSjoernaliste
reden
  bekendheid
Koerierster yn de Twadde Wrâldkriich

Selma van de Perre-Velleman (Amsterdam, 7 juny 1922Londen, 20 oktober 2025) wie in Nederlânsk fersetsstrider. Sy wurke yn de Twadde Wrâldkriich as koerierster.

Van de Perre wie in dochter fan de Joadske akteur, sjonger en presintator Barend Velleman (Ben Velmon), en Femmetje Spier. Van de Perre hie twa âldere bruorren, en in jonger suske. Har âldste broer fear yn de kriich by de Hollandse Stoomboot Maatschappij, har jongste broer siet yn Ingelân.

Yn 1942 krige sy in oprop om har te melden mar wist dêroan te ûntkommen troch yn in bûntfabryk te wurkjen dy't opdrachten foar it Dútske leger útfierde. Doe't letter dat jier har heit oppakt waard en nei Kamp Westerbork brocht, holp Selma har mem en suske ûnder te dûken yn Eindhoven.

Nei't yn 1943 ek har mem en suske oppakt wiene, waard Van de Perre ûnder de namme Wil Buter en letter Marga van der Kuit lid fan de TD-groep en die koerierswurk troch hiel Nederlân. Yn juny 1944 waard se ferret en arrestearre, en fia Kamp Vught nei Ravensbrück deportearre. Sy waard slim mishannele, en nei har genêzing melde sy har foar wurk yn de produksjehal fan Siemens & Halske AG, omdat bekend wie dat de omstannichheden dêr wat better wiene. Op 23 april 1945 waard se yn Ravensbrück befrijd en troch it Sweedske Reade Krús nei Goateboarch brocht. Pas dêr doarde se te fertellen dat sy net Marga van der Kuit hjitte mar Selma Velleman. By weromkomst yn Nederlân hearde se dat har âlden en suske fermoarde wiene yn Auschwitz en Sobibór.

Yn 1947 krige se op foarspraak fan har broer David in baan op de Nederlânske ambassade yn Londen. Se gie antropology en sosjology studearjen en krige in baan by de BBC Wrâldomrop. Se waard Britsk steatsboarger. Dêr learde se har lettere man kennen, de Belgyske sjoernalist Hugo Vandeperre, soan fan de oprjochter fan De Standaard, Alfons Vandeperre. Se boasken yn 1955 en krigen yn 1957 in soan. Nei har ôfstudearjen waard hja learares sosjology en wiskunde. Doe't har man yn 1979 hommels ferstoar, sette se syn wurk as bûtenlânkorrespondint troch. Oant har pensjoen wurke se as sjoernalist foar ûnder mear de BBC en as korrespondint foar AVRO Televizier en De Standaard.

Selma van de Perre ferstoar op 20 oktober 2025, yn 'e âldens fan 103 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL