Selenge (rivier)

Ut Wikipedy
It streamgebiet (447.000 km²) fan de Selenge

De Selenga of Selenge (Russysk: Селенга, Selenga; Mongoalsk: Сэлэнгэ гол, Selenge gol) is in rivier yn Mongoalje en Ruslân, dy't ûntspringt yn it Khangayberchtme ûnder de namme Ider. In oare boarnerivier is de Delgermörön. De rivier mûnet út yn de Baikalmar, dy't de Angara en de Jenisej op har beurt fuorret.

De lingte fan de rivier is 1024 km, dêrfan lizze 615 yn Mongoalje. At de Ider (456 km) as de langste fan trije sydrivieren meiteld wurdt, dan komt de totale lingte op 1480 kilometer. De Selenga-delta fan 546 km² is yn de rin fan miljoenen jierren 15 kilometer yn de mar opskood. Dat is ekstreem at betocht wurdt dat de mar him mei 870 meter opfold hat. Fan novimber oant maaie is de rivier beferzen.

De Selenge yn Ruslân

De meast wichtige stêden oan de rivier binne Sükhbaatar yn Mongoalje op de grins mei Ruslân en Ulan-Ude, de haadstêd fan de autonome republyk Boerjaatsje. De provinsje Selenge yn noard-Mongoalje is nei de rivier ferneamd.