Springe nei ynhâld

Selebesgrûndo

Ut Wikipedy
dolkstekdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai dolkstekdowen (Gallicolumba)
soarte
Gallicolumba tristigmata
(Bonaparte, 1855)
IUCN-status: net bedrige

De Selebesgrûndo (Gallicolumba tristigmata) is ien fan 'e sân soarten yn it fûgelskaai dolkstekdowen (Gallicolumba) út de famylje dowen (Columbiformes), dat allinnich op 'e Filipinen foarkomt.

De soarte is in knobske do mei in koarte sturt. De soarte hat in giele foarholle en blaugriene irisearjende kroan en nekke. Oan 'e sydkant fan 'e nekke sit in opfallend pears plak. Selebesgrûndowen binne op 'e rêch en wjukken donkerbrún. De sturt is donkerbrún, mar de bûtenste sturtfearren binne griis. De ûnderkant is griiseftich mei in giel plak op it boarst. Jonge fûgels binne bruner mei rustkleurige rânen oan 'e fearren.

De soarte is endemysk op it Yndonezyske eilân Selebes en bestiet út trije ûndersoarten:

  • Gallicolumba tristigmata tristigmata: reinwâlden fan noardlik en noard-sintraal Selebes.
  • Gallicolumba tristigmata bimaculata: súdlik Selebes.
  • Gallicolumba tristigmata auripectus: súd-sintraal en súdeastlik Selebes.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Selebesgrûndowen libje yn berchbosken op 'e grûn. Se wurde allinnich of yn pearkes waarnommen en sykje it iten op 'e grûn, meast sied of fallen fruchten. By fersteuring rint er earder fuort as de wjukken te nimmen. It wyfke leit ien aai.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net hurd genôch om de soarte as bedrige te klassifisearren. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) set de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: