De Selebesdwerchiisfûgel (Ceyx fallax) is in fûgelsoarte út de famyljeiisfûgels (Alcedinidae). De fûgel waard yn 1866 wittenskiplik troch de Nederlânsk-Dútske soöloochHermann Schlegel as Dacelo fallax beskreaun.
De Selebesdwerchiisfûgel is in tige lyts iisfûgeltsje fan 12 sm. De soarte hat in fel oranje snaffel, in blauspikkele swarte kroan, in readbrún kopke mei fiolette fearkes, in fioletkleurich wang en in wyt plak yn 'e nekke. De fûgel hat in wyt kin en is fan ûnder oranje. De boppedielen binne brún mar de ûnderrêch, de stút en de boppe sturtdekfearren binne helder grien oant blau. De Sangirdwerchiisfûgel (Ceyx sangirensis) is nau besibbe oan 'e Selebesdwerchiisfûgel en waard earder as ûndersoarte behannele, mar is grutter en hat in gruttere donkere kroan oant it each en mear fiolet as blau op 'e boppedielen. It fûgeltsje hat in donker each en oranje poatsjes.
It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de fûgel komt net algemien foar. Op basis fan 'e omfang fan it ferspriedingsgebiet en it dêryn noch geskikte biotoop wurdt oannommen dat de totale populaasje net lyts is. De IUCN kategorisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.