Springe nei ynhâld

Selah (Washington)

Ut Wikipedy
Selah
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Yakima County
Sifers
Ynwennertal 7147 (2010)
Oerflak 11,71 km²
Befolkingsticht. 621,5 /km²
Hichte 341 m
Oar
Stifting 1919
Postkoade 98942
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
[1]

Selah is in plak (city) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 7147. It plak leit 6 km benoarden Yakima en it falt ûnder de stêdekloft fan Grutter Yakima. It plak leit oan Rykswei 97 en Rykswei Yntersteat 82. Ek Rykswei 12 komt fanút it westen wei en komt justjes besuden it plak oan op Rykswei Yntersteat 82.

Selah waard in gemeente op 3 april 1919. Yn de stêd binne in protte warehûzen en ferwurkingspakhûzen fan de ferskate fruithôven rûnom it plak. De Tree Top Apel Ferwurkings Koöperaasje hat syn haadkantoar en 2 ferwurkingsfabriken yn de stêd. Ek Sun-Rype Products USA, de Amerikaanske takke fan Westlik Kanada's grutste distribúsje fabryk fan fruitsop en -hapkes hat hjir in pakhûs. De fruithôven yn it njonkenlizzende Wenas Valley , de grutte wegen en it spoar dat troch de stêd rint, makket de stêd foar dy yndustryen oanloklik. Dêrtroch wurdt Selah ek wol de Apelsophaadstêd fan de wrâld neamd. Selah en Wenas Valley binne ornaris ek de sliepstêden fan it gruttere Yakima, dat fuort besuden leit.

Selah, Washington sjoen fanôf Lookout Point.

Selah hat ferskate parken dêr't jin op ferkillende wizen ûntspanne kinne. Sa is der in apart park foar picnicjen, kuorbaljen, rôlriden, ensfh. Justjes benoarden de stêd tusken Selah en Ellensburg is de Yakima River Canyon, dêr't jin kuierje, fiskje of oare wettersporten dwaan kinne.

Lince, Robert S. The Selah Story. Selah, Washington: Selah Valley Optimist Printing, 1984.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]