Sekundêr wâld

In sekundêr wâld is in wâld dat fierhinne troch natuerlike prosessen op 'e nij oangroeit of oangroeid is nei't it troch minsklike aktiviteiten fersteurd wie. Sokke fersteurings kinne houtkap foar de hout- en papieryndustry wêze of ûntbosking foar bygelyks de lânbou of de feehâlderij. It komt ek foar dat de fersteuring net troch de minske feroarsake is, mar troch natuerlike ferskynsels, lykas in boskbrân, in orkaan, in ierdbeving, in fulkaanútbarsting of oanfraat troch ynsekten of oare parasiten. In sekundêr wâld ûnderskiedt him fan in primêr wâld of oerwâld, dat tige âld is en net (resint) sa'n fersteuring ûndergien hat. It ûnderskiedt him ek fan in tertiêr wâld dat ûntstiet troch wergroei fan 'e bosk nei't der houtkap plakfûn hat yn in sekundêr wâld.
Sekundêre wâlden ferskille merkber fan primêre wâlden troch har iensidigere gearstalling út beamsoarten en it lytsere bioferskaat dat se ûnderstypje kinne. Nettsjinsteande dat kinne se dochs noch fan grut nut wêze foar it bieden fan in habitat oan lânseigen bistesoarten en it wer opbouwen fan 'e ûnderlinge ferbannen tusken ferskillende ekosystemen.
Sekundêre wâlden groeie werom troch in proses dat oantsjut wurdt as ekologyske suksesje. Wannear't in stik primêr wâld fuortkappe is, kin sinneljocht de wâldflier berikke. Dy wurdt dan earst kolonisearre troch leech by de grûn groeiende pioniersoarten, folge troch opgeand strewelleguod. Meitiid komme der beammen te groeien en úteinlings krije de beamsoarten dy't karakteristysk wiene foar it oarspronklike primêre wâld ek yn it sekundêre wâld wer de oerhân. In sekundêr wâld docht der yn 'e regel fjirtich oant hûndert jier oer om wer in bytsje op it oarspronklike primêre wâld te lykjen. It komt lykwols ek foar dat in wâld nei houtkap of in natuerlike fersteuring net weromgroeit fanwegen boaiemeroazje of it ferlies fan fiedingsstoffen út 'e boaiem. Fral by tropysk reinwâld, dat dochs al op tige fiedingsearme grûn goeit, is dy kâns grut.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
