Seis personaazjes om in skriuwer út

Seis personaazjes om in skriuwer út, yn it oarspronklike Italjaansk: Sei personaggi in cerca d'autore; is in toanielstik skreaun troch Luigi Pirandello yn 1921. Pirandello hat mei it stik bydroegen oan it feroarjen fan it moderne toaniel, troch syn dúdlike ferwizings nei de teatrale yllúzje – it feit dat it stik en it publyk yn deselde fysike romte sitte (fjirde muorre) – en it ûntmanteljen fan it realisme fan it stik. It stik is yn 1992 opfierd troch Tryater, yn in oersetting fan Anne Wadman, mei ûnder mear Jan Arendz.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal is in metadrama oer seis personaazjes dy't net in toanielstik hawwe om yn te libjen, foar in ferhaal dat op himsels in famyljedrama omfiemet. It ûnderwerp fan it stik is de relaasje fan keunst mei it libben, en ek de meganismen efter kreatyf skeppen.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn it Italiaansk waard Sei personaggi in cerca d'autore 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.