Seerotsje
| seerotsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alle alle | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
trekfûgel wintergast |
It seerotsje (Alle alle) is de iennige soarte yn it fûgelskaai Alle út 'e famylje fan 'e Alkfûgels (Alcidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It seerotsje is in lyts, knobsk fûgeltsje fan 20 sm, likernôch de helte fan in seepappegaai en noch wat lytser as de protter. De fûgel hat in tsjokke koarte snaffel en simmerdeis in swarte kop mei in lytse wite wynbrau, in swart boppeboarst en in swarte rêch. De wjukken binne swart, wêrfan't de skouderfearren wite rânen ha. Under is de fûgel sniewyt. Winterdeis is it swart op it boarst, it kin en by it ear ferfongen troch wyt. Tusken mantsjes en wyfkes binne yn it fearrekleed gjin ferskillen.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt oer it generaal yn twa ûndersoarten ûnderskieden mei de folgjende fersprieding:
- A. a. alle (Baffineilân yn Kanada oer Spitsbergen nei Nova Sembla)
- A. a. polaris (Frâns Joazeflân oant Sint-Laurens yn Alaska)
Seerotsjes briede yn grutte koloanjes op eilannen yn 'e Noardlike Iissee op steile kliffen en steile hellingen tusken rotsen. Winterdeis ferlitte se de poalgebieten en geane se op see, oant de kusten fan 'e Noardsee, mar fral de Barentssee en de Noarske See.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seerotsjes kinne oan 'e Nederlânske kusten sjoen wurde, mar de fûgel komt yn ús kontreien net algemien foar. De measte waarnimmingen binne fan ein oktober oant healwei desimber. Nei noardwestlike stoarmen kinne guon fûgels ek op plassen en marren sjoen wurde. Op 23 oktober 2005 waarden op Skiermûntseach yn njoggen oeren tiid 3.287 lytse rotsjes teld.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Seerotsjes briede yn ûnbidich grutte koloanjes op berchhellingen yn it arktysk gebiet en dat hoecht net perfoarst oan see te wêzen. De fûgeltsjes begjinne ein febrewaris oant begjin april werom te kearen nei de koloanje om dêr begjin juny te brieden. Der wurdt ien aai lein tusken grint en de ynkubaasjetiid is 28 oant 31 dagen. Mantsjes en wyfkes briede alletwa en wikselje inoar om de fjouwer oeren ôf. Nei it útkommen duorret it in lytse moanne ear't de jonge fûgels fleane kinne.
De fûgel libbet meast fan plankton, dy't dûkend fan it wetteroerflak fongen wurdt, winterdeis ek fiskjes en kreefeftige dierkes.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seerotsjes foarmje tradisjoneel in wichtich ûnderdiel fan it iten fan 'e Eskimo's. Hûnderten fûgels wurde mei spesjale netten yn 'e koloanjes fongen. Kiviaq (of kiviak) is een tradisjoneel Grienlânsk gerjocht fan dy folken. Foar de tarieding wurde de fongen fûgels yn seehûnefel stoppe, de lucht wurdt der út parse en de iepening tichtnaaid. Dêrnei wurdt de tichtmakke hûd ûnder stiennen begroeven, dêr't it moannelang yn 'e winter fermintearret. Om't de fûgel foar in grut part in seefûgel en kustfûgel is, wurdt de soarte ek swier troffen by oaljelekkaazjes.
Natuerlike fijannen fan seerotsjes binne ûnder oaren de grutte iismiuw en de poalfoks, dy't sawol aaien, jongen as folwoeksen fûgels fange. Iisbearen ite ek wolris aaien.
In oare bedriging foar seerotsjes is in waarmer klimaat op Grienlân en Yslân.
Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klasisfisearre (Least Concern, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Seerotsje
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Noardsee
- Lânseigen fauna yn de Eastsee
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen

