See-earnen
| See-earnen | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | rôffûgels (Accipitriformes) | |
| famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
| skaai | see-earnen (Haliaeetus) | |
| Savigny, 1809 | ||
It skaai see-earnen (Haliaeetus) omfiemet fjouwer tige grutte fûgelsoarten. De grutste soarte is de reuzesee-earn mei in lingte fan 85-105 sm, in spanwiidte fan maksimaal 2,90 m en in gewicht fan 4,9 oant 9,0 kg.
Mienskiplike skaaimerken fan it skaai binne meast de tige brede wjukken, in relatyf koarte, faak kilige sturt, de meastentiids tige grutte en krêftige snaffel en de foar in grut part ûnbefearre tarsometatarsus. By hast alle soarten is de sturt foar in grut part of hielendal wyt. By alle soarten binne jonge fûgels dúdlik oars fan kleur as folwoeksenen; it folwoeksen fearrekleed krije se ears nei ferskate jierren.
De yn Afrika, Súd-Aazje en op Nij-Guineä, Austraalje, de Salomonseilannen en Madagaskar foarkommende earnen binne lytser en hearden oarspronklik ek ta it skaai Haliaeetus, mar wurde sûnt 2018 troch guon autoriteiten yn it aparte skaai Icthyophaga ûnderbrocht, dat al yn 1843 troch de Frânske natoerûndersiker René Primevère Lesson ynsteld wie. De reden dêrfoar is dat der in dúdklik ûnderskied is tusken de beide klades, dy't nei alle gedachten al sa'n 15 miljoen jier lyn yn it Mioseen útinoar groeid binne.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Haliaeetus albicilla | goesearn of see-earn | Europa, Aazje, Grienlân | net bedrige | |
| Haliaeetus leucocephalus | Amerikaanske see-earn | Noard-Amearika | net bedrige | |
| Haliaeetus leucoryphus | wytbânsee-earn | Aazje fan 'e Kaspyske See oant Sina. | bedrige | |
| Haliaeetus pelagicus | reuzesee-earn | Sibearje, Koreä, Japan, Sina, Taiwan. | kwetsber | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
