Sedentarisme

Sedentarisme is in libbenswize dy't karakterisearre wurdt troch it permanint (of alteast foar lange tiid) wenjen bliuwen op itselde plak. It is it tsjinstelde fan nomadisme, dêr't in libbenswize mei oantsjut wurdt wêrby't oanhâldend fan it iene plak nei it oare tein wurdt. It eigenskipswurd fan sedentarisme is sedentêr. Sedentarisaasje of sedentarisearring is it proses om te kommen (fan nomadisme) ta sedentarisme. "Sedentarisme" is etymologysk ôflaat fan it Frânske eigenskipswurd sédentair, fan it haadwurd sédentarité, dat úteinlik tebekgiet op it Latynske sedere, dat "sitte" betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e iere prehistoarje, doe't alle minsken jager-sammelders wiene, oerhearsken nomadisme en libbenswizen dy't de midden holden tusken sedentarisme en nomadisme. Sedentarisme kaam doedestiden minder foar, om't oanhâldende bejeiïng fan wylde bisten en it oanhâldend rispjen fan yn it wyld groeiende planten op ien en itselde plak foar langere tiid oer it algemien in negative ynfloed op it foarkommen fan dy wylde bisten en planten hie. Op in stuit, ornaris nei inkele jierren, waarden de minsken dêrtroch twongen nei in oar plak te gean, dêr't bisten en planten noch rûnom foarkamen. Dêrtroch koe de stân fan 'e bisten en planten op it eardere wenplak dan wer bekomme.
Tsjin 'e ein fan 'e Stientiid begûn mei de Neolityske Revolúsje foar de measte maatskippijen in stadige oergong fan nomadisme nei sedentarisme. Dy feroaring waard oandreaun troch de yntroduksje fan 'e lânbou. Hoewol't feehâlders faak noch nomadysk libben troch har keppels fee te folgjen, dy't allegeduerigen ferweide waarden nei nij gerslân, wiene bouboeren foar langere tiid bûn oan har lân. Rispingen fan lânbougewaaksen beaën boppedat sa'n betroubere boarne fan iten, dat it ek net mear nedich wie om fan plak nei plak te tsjen.
Sedentarisme ûntjoech him op trije plakken yn 'e wrâld al ier yn 'e skiednis ta de dominante libbenswize:
- yn noardlik Sintraal-Jeropa en it suden fan Skandinaavje fan 25.000 f.Kr. oant 17.000 f.Kr.;
- yn 'e Nyldelta fan Egypte en de dêrop oanslutende de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten fan 12.000 f.Kr. ôf;
- en yn it noarden fan East-Aazje, ynkl. Japan, noardeastlik Sina, it Koreaanske Skiereilân en súdlik Mantsjoerije, ek fan 12.000 f.Kr. ôf.
Tsjintwurdich heart de oergrutte mearderheid fan 'e minskheid ta sedentêre kultueren.
Soölogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e soölogy wurdt de term 'sedentarisme' ek brûkt om bisten mei oan te tsjutten dy't (rûchwei) it jier rûn op itselde plak libje. Sa wurde bygelyks stânfûgels foar sedentêr oanmurken, wylst trekfûgels as nomadysk karakterisearre wurde. By guon bistesoarten komt sawol sedentarisme as nomadisme foar, lykas by de earrebarre (Ciconia ciconia), wêrfan't guon yndividuën al dielnimme oan 'e fûgeltrek, mar oaren net. By bisten dy't net fan har plak ôf komme kinne om't se oan 'e ûndergrûn fêst sitte, lykas anemoanen, sprekt men net fan sedentarisme, mar fan sessiliteit.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |