Springe nei ynhâld

Sedelsberg

Ut Wikipedy
Sedelsberg / Seedelsbierich
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
LandkreisKloppenburg
GemeenteSealterlân
Sifers
Ynwennertal3.053 (2023)
Hichte5 m
Oar
Postkoade26683
Offisjele webside
www.saterland.de
Kaart
Sedelsberg (Nedersaksen)
Sedelsberg

Sedesberg (Sealterfrysk: Seedelsbierich) is in doarp yn 'e Dútske gemeente Sealterlân. mei 3.053 ynwenners (2023). Ta it doarp wurde ek de buorskippen Sedelsberg-Kolonie (Seedelsbierich-Kolonie), Hüllen I (Hällene I) en Hüllen II (Hällene II), Fermesand (Fäärmesound), Heselberg (Heeselbierich) en Moorberg (Muddebierich) rekkene.

It doarp is om 1810 hinne ûntstien as in buorskip fan Scharrel en hearde ek ta dy gemeente, oant it 1 maart 1974 by de nije gemeente Sealterlân kaam. Der wurdt lykwols net folle Sealtersk praat, om't der nei de Earste Wrâldkriich in soad lju út Pommeren te wenjen kamen. Trochdat der yn twadde helte fan 20 iuw ek lju út 'e noardliker doarpen hinne ferfearen en om't it al ta de gemeente Skäddel hearde, wurdt it no ek kultureel beskôge as part fan it Sealterlân. Oan 'e westkant fan Sedesberg leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie.

De namme komt faaks fan Seedel-bierich: in berch mei in delsetting.

Sealterfryske strjitnamme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oolde Seeidelsbierich (bewenne berch of terp)

Doarpen yn 'e gemeente Sealterlân
Ramsloh (Roomelse) · Scharrel (Skäddel) · Sedelsberg (Seedelsbierich) · Strücklingen (Strukelje)
· · Berjocht bewurkje