Sebrafink
| sebrafink | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Taeniopygia guttata | ||||||||||||
| Vieillot, 1817 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De sebrafink (Taeniopygia guttata) is in lânseigen fink yn Yndoneezje en Austraalje en in tige faak foarkommende foliêrefûgel.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De sebrafink hat in typyske reade koanyske snaffel en in wite en swarte fertikale streek ûnder it each, in griisblauwe kroan en mantel, brúngrize boppewjukken en in swartwyt bandearre boppesturt. Tusken mantsjes en wyfkes binne dúdlike ferskillen. It mantsje hat opfallende oranjereade eardekfearren en in griisblau boarst mei donkere ringen dy't einigje yn in swarte boarstbân. Under de swarte boarstbân is it mantsje fierder ljocht, wylst de flanken brúnoranje binne mei wite rûne plakjes. It wyfke is minder opfallend tekene en hat in griis earplak, in ljocht boarst en in ljochte ûnderkant
It fûgeltje mjit 10 oant 13 sm.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sebrafink is in nomadyske stânfûgel mei in ferspriedingsgebiet yn Yndoneezje en it grutste part fan Austraalje, útsein Tasmaanje en gebieten mei hege reinfal yn 'e noardlikste, súdeastlike en súdwestlike regio's. Bûten it haadferspriedingsgebiet is der ien befêstige waarnimming op Baly.
De sebrafink wurdt op it stuit as monotypysk soarte behannele yn Taeniopygia, mar faak noch yn twa ûndersoarten ferdield. Fûgels yn Austraalje binne wat grutter as dy fan 'e Lytse Sûnda-eilannen.
- Taeniopygia guttata guttata (Timoreeske sebrafink) - de nominaatfoarm komt foar yn Yndoneezje, de Lytse Sûnda-eilannen (ynklusyf East-Timor) en oan 'e kust fan Austraalje.
- Taeniopygia guttata castanotis (Australyske sebrafink) - komt foar yn fûn yn it Australyske binnenlân.
De sebrafink is in yntrodusearre fûgel yn Portegal, Porto Riko en de Feriene Steaten (Kalifornje en Oregon). Der binne wylde populaasjes op ferskate lokaasjes yn dy lannen.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It habitat fan sebrafinken is gersryk, faak mei wetter en strûken, mar ek yn kultivearre gebieten. It dieet bestiet út sied, somtiden ek fruchten en ynsekten. Se wurde faak op 'e grûn waarnommen en griemt in soad by it iten, itjinge de fersprieding fan sied fan planten befoarderet.
Se libje yn pearkes of lytse kloften. Wat nêstwensten oanbelanget binne se net sinnich en briede se yn beammen, boskjes, termiteheuvels, tusken spjalten fan rotsen of op gebouwen. Yn it wyld is de briedtiid fan augustus oant desimber, mar de briedtiid kin langer duorje.
In lechsel kin bestiet út fjouwer oant maksimaal seis aaien. Mantsjes en wyfkes briede. Nei it útkommen fan 'e aaien duorret it twa wiken foardat de piken útfleane. Se binne earst griis mei in swarte snaffel.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN behannelet de beide ûndersoarten elts foar himsels en beöardielet se as net bedrige.
Koaifûgel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sebrafinken binne net sinnige fûgels en maklik te hâlden. Se ha romte nedich om te fleanen en ek kalsiumsuppleminten. De fûgel hat yn finzenskip in grut tal kleurmutaasjes.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
