Springe nei ynhâld

Sebradowen

Ut Wikipedy
Sebradowen
Geopelia striata
Geopelia striata
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dowen (Columbidae)
skaaisebradowen (Geopelia)
Swainson, 1837

Sebradowen (Geopelia) foarmje in fûgelskaai út de famylje dofûgels (Columbidae).

Se binne lânseigen yn Súdeast-Aazje en Australaazje en wurde waarnommen yn iepen gebieten en op stoppelân. Se ite sied en foerazjeare op 'e grûn. Yn 'e regel besteane harren lechsels út twa aaien yn in ienfâldich nêst fan twigen en gers. De fearren binne meast griisbrún mei in patroan fan streken of stippen.

It skaai waard yn 1837 troch de Ingelske ornitolooch William Swainson yntrodusearre mei de sebrado (Geopelia striata) as typesoarte. De namme fan it skaai kombinearret it Aldgrykske geō (grûn) en peleia (do).

De sebrado en de diamantdo wurde in soad as folièrefûgel holden.

It skaai bestiet út fiif soarten:

OfbyldWittenskiplike
namme
Fryske
namme
FerspriedingsgebietStatus
Geopelia cuneatadiamantdoAustraaljenet bedrige
Geopelia humeraliskoperneksebradoAustraalje, Nij-Guineänet bedrige
Geopelia maugeusTemmincks sebradoMolukken, lytse Sûnda-eilannennet bedrige
Geopelia placidaGoulds sebradoAustraalje, Nij-Guineänet bedrige
Geopelia striatasebradoMalakka, Sûnda-eilanden, Sumatra,
Java, Baly, Selebes, Filipinen
net bedrige
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sebrado fan Wikimedia Commons.