Springe nei ynhâld

Sebrado

Ut Wikipedy
sebradoke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai sebradowen (Geopelia)
soarte
Geopelia striata
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige

It sebradoke (Geopelia striata) is in doke dat oarspronklik yn Súdeast-Aazje foarkomt. De soarte is op in soad oare plakken útset, dêr't selsstannige populaasjes ûntstiene.

Iepentearde wjuk.

It 21 oant 23 sm lange fûgeltsje is wat grutter as it diamantdoke.

De boppekant fan it bealchje is ljocht griisbrún. De fleugels binne ljochtgriis oant donkerbrún. De fearren ha swarte seamen, sadat de boppekant fan it bealchje fine streekjes hat. Op 'e hals, it boarst en de flanken wjerhellet dat patroan him. Op it griisrôze boarst ûntbrekke de streken. De dokes ha in blaueftige snaffel mei op 'e ein in griisbrune punt. It iris is ljochtgriis en de eachring is blaueftich. De poatsjes ha in fleiskleur. Wyfkes binne wat lytser as mantsjes en de eachring is by mantsjes wat dúdliker en breder.

Jonge fûgels binne oer it generaal wat bruner as folwoeksen sebradokes en harren fearkes ha noch gjin heldere seamen. Nei trije moanne krije se it fearrekleed fan harren âlders.

It oarspronklike ferspriedingsgebiet omfettet súdlik Tailân en Birma, it skiereilân]] Malakka, Singapoer en de Yndonezyske eilannen Sumatra en Java. Op Baly, Lombok, Sûmbawa, dielen fan súdlik, westlik en noardlik Borneo en yn 'e Filipinen kin de sebrado ek lânseigen wêze; dat is net alhiel dúdlik.

Der binne boppedat ferwyldere populaasjes yn sintraal Tailân, dielen fan Laos, Kambodja en Fjetnam, op 'e Yndonezyske eilannen Selebes, Ambon, en dielen fan Borneo. Oare eilannen dêr't dizze fûgel grutte populaasjes hat, binne Hawaï, dêr't er yn 1922 troch de minske yntrodusearre waard en op Tahity, dêr't er yn 1950 yntrodusearre waard. Hy libbet s6unt 1960 ek op 'e Britske Chagoseilannen yn 'e Yndyske Oseaan en op Mauritsius, dêr't er al foàr 1768 ynfierd wêze moat. De sebrado komt as eksoat ek foar yn Nij-Kaledoanje en op 'e Seysjellen, Reünion en Sint-Helena. Op Java en Baly binne de fûgels dêrfoaroer yn sokke grutte hoemannichten fongen, dat se dêr seldsum binne.

It leefgebiet bestiet iepen lânskip mei strewellen, parken en stedsgebieten.

Sebrado op Hawaï.

De fûgeltsjes binne faak yn pearkes of lytse groepkes te sjen. As der genôch te iten is, kinne de groepen ek grutter wurde. De soarte yt sied en siket dat op'e grûn. Somtiden pikt er ek wat ynsekten mei.

In lechsel bestiet út twa wite aaikes, dy't yn 13 dagen útbret wurde. Nei 12 dagen ferlitte de jongen it nêst.

Sebradokes ha in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren hiel lyts. Der is gjin rûzing fan 'e oantallen, mar likemin oanlieding om te tinken dat de soarte yn oantallen efterút giet. Dêrfandinne wurdt de sebrado as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Njonken de diamantdokes is de sebrado in populêre koaifûgel fan it skaai. De dokes wiene al yn 1845 yn 'e dieretún fan Berlyn te sjen en in earste fok slagge yn 1868 yn Frankryk, mar mooglik waard yn Nederlân al earder mei de soarte fokt. Oant 1998 fûn der noch in soad ymport fan 'e soarte plak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sperbertäubchen (ferzje 17 febrewaris 2025.)