Springe nei ynhâld

Sebra-iisfûgel

Ut Wikipedy
Sebra-iisfûgel

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai sebra-iisfûgels (Lacedo)
Reichenbach, 1851
soarte
Lacedo pulchella
Horsfield, 1821
IUCN-status: net bedrige

De sebra-iisfûgel (Lacedo pulchella) is in fûgeloarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai fan 'e sebra-iisfûgels (Lacedo)

De iisfûgel is in tige kleurryk fûgeltsje mei in karmynreade snaffel en in relatyf grutte kop. It mantsje hat in felblauwe kroan mei in kastanjebrún gesicht en in wyt kin. Op 'e rêch en de wjukken hat er in swart-blau strekepatroan, wylst it boarst en de búk oerkleurich binne. It wyfke hat boppedielen mei in brún-swart strekepatroan en it wite ûnderbealchje hat donkere streekjes dy't fan 'e flanken nei de midden fealer wurde.

De soarte komt yn it leechlân en de grienbliuwende bosken fan Súdeast-Aazje en de Grutte Sûnda-eilannen foar, meastentiids yn 'e ûnderlagen en middelste lagen fan beammen, oant in hichte fan likernôch 1.100 m. Earder kaam de soarte yn Singapoer foar, mar dêr is de soarte útstoarn. Der wurde trije ûndersoarten erkend:

De sebra-iisfûgel boud syn nêst yn rotte beammen of termiteheuvels.

De soarte wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. Der binne gjin rûzings fan 'e wrâldpopulaasje, mar sebra-iisfûgels ha in grut ferspriedingsgebiet. Om't der in soad bosk yn it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte ferneatige is, wurdt der fanút gien dat de oantallen fan 'e soarte tebekrinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: