Sebastiaan fan Schonenburg
| Sebastiaan fan Schonenburg | ||
| berteplak | earne yn Dútslân? | |
| stjerdatum | 1558 | |
| stjerplak | Kollum | |
| Drost yn Frjentsjer | ||
| amtsperioade | 1527 | |
| Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
| amtsperioade | 1535/1536-1556 | |
Sebastiaan fan Schonenburg (ek wol: Schoonenburg, Schonenburg of Schoenenburger) (stoarn yn Kollum, 1558) wie in Fryske bestjoerder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Schonenburg skynt fan Dútsk komôf west te hawwen, al is dêr gjin bewiis foar fûn. Yn 1527 kaam er foar as drossaard yn Frjentsjer. Dêrnei waard er yn 1535 of 1536 beneamd ta grytman fan Kollumerlân. [1] Noardlik fan Kollum besiet er de Schonenburg State en yn Kollum sels stie it Hûs Schonenburg dêr't letter it gritenijbestjoer sit hie. [2] Yn 1550 wie Van Schonenburg fanwege sykte ôfwêzich by de lândei yn 1550 wêrby't de huldiging fan kening Filips II fan Spanje behannele waard. Dêrom waard plakferfangend-grytman Tjepke Hessels as folmacht stjoerd. [3]
Yn 1551 hie Fan Schonenburg in konflikt mei de abt fan it kleaster Jeruzalim oer de jurisdiksje oer Boerum. [4] Yn 1552 wurdt Van Schonenburg fermeld as eigener fan in wapenrissing yn Kollum. [5] Yn 1556 waard er opfolge as grytman troch syn skoansoan, Joost van Hardenbroek. Van Schonenburg sels bleau funksjonearjen as substitút-grytman. [2]
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Schonenburg troude mei Ath fan Herema, dochter fan Sybrant fan Herema en Auck fan Camstra. It pear krige ûnder oaren de folgjende bern:
- Maarten fan Schonenburg, troude mei Eelck van Heemstra. Maarten wie grytman fan Dantumadiel.
- Anna fan Schonenburg, troude mei Pieter fan Eemskerk, griffier fan it Hof fan Fryslân.
- Cecilia (Siettie of Lucia) fan Schonenburg, troude mei Joost fan Hardenbroek, grytman fan Kollumerlân nei Van Schonenburg.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|