Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Seattle
Seattle International Film Festival
Seattle International Film Festival logo.svg
plak en tiid
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Washington.svg Washington
plak Flag of Seattle.png Seattle
tiid fan it jier maaie / juny
bysûnderheden
ôfkoarting SIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1976 – no
oprjochter Dan Ireland
Darryl Macdonald
offisjele webside
siff.net

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle (Ingelsk: Seattle International Film Festival), gauris ôfkoarte ta SIFF, is in filmfestival dat elts jier yn maaie en/of juny holden wurdt yn 'e stêd Seattle, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Sûnt de oprjochting yn 1976 hat dit evenemint him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste filmfestivals fan Noard-Amearika. Ek it publyk is stadich oanwoeksen; yn 2006 wiene der 160.000 besikers. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle duorret mear as trije wiken (24 dagen) en omfiemet mear as 400 films. Benammen bûtenlânske produksjes en ûnôfhinklike films binne sterk fertsjintwurdige, en ek binne der ornaris in protte dokumintêres te sjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle waard yn 1976 oprjochte troch Dan Ireland en Darryl Macdonald. De earste fiif edysjes waarden holden yn 'e bioskoop The Moore Egyptian Theater, mar dat waard neitiid oars ferhierd (en sûnt hat it syn eardere namme Moore Theater weromkrigen en fungearret it as in poppoadium). Ireland en Macdonald rjochten sadwaande it Egyptian Theater op yn in eardere frijmitselderstimpel yn 'e wyk Capitol Hill, dêr't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle fan 1981 ôf holden waard.

Ek tsjintwurdich is it Egyptian Theater noch in wichtige lokaasje, mar it festival brûkt no yn 'e regel in stik as seis bioskopen tagelyk. Dêrûnder is sûnt 2007 ek de eigen SIFF Cinema. Yn 2006 waard foar it earst ek in bioskoop yn 'e buorstêd Bellevue by it festival belutsen, mar fan 2008 ôf waard it wer beheind ta Seattle sels. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle spile yn 'e 1980-er jierren in wichtige rol by de yntroduksje fan Jeropeeske films yn 'e Feriene Steaten, û.m. dy fan 'e Nederlânske regisseur Paul Verhoeven, dy't dêrtroch by steat steld waard en begjin in karriêre yn Hollywood.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle rikt sûnt 1985 ek eigen filmprizen út, de SIFF Awards. Dêrfoar besteane anno 2018 seis kategoryen:

De wichtichste priis is de Golden Space Needle foar de bêste film. Dy priis is ferneamd nei de Space Needle, in tige bekende toer yn Seattle. De Golden Space Needle is troch de jierren hinne útrikt oan films as De Aanslag (1986), fan Fons Rademakers, Priscilla, Queen of the Desert (1994), Trainspotting (1996), Run Lola Run (1999) en Whale Rider (2003). De priis foar bêste regisseur is û.m. gien nei Fons Rademakers (1986), Lasse Hallström (1987), Ang Lee (1993) en Danny Boyle (1996).

De priis foar bêste akteur is wûn troch û.m. William Hurt (1985), Bob Hoskins (1986), Gary Oldman (1987), Rutger Hauer (1989), Alan Rickman (1991 en 2008), Kevin Spacey (1995) en Stephen Fry (1998). En de priis foar bêste aktrise is takend oan û.m. Renée Soutendijk (1985, foar De Vierde Man), Monique van de Ven (1987, foar Iris), Mimi Rogers (1994), Nicole Kidman (1995), Robin Wright Penn (1997), Christina Ricci (1998), Jennifer Lawrence (2010) en Patricia Arquette (2014).

Sjoch foar in folsleine list mei winners op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.