Springe nei ynhâld

Seabiscuit (film)

Ut Wikipedy
Seabiscuit
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurGary Ross
produsintKathleen Kennedy
Frank Marshall
Gary Ross
Jane Sindell
senarioGary Ross
basearre opit boek fan Laura Hillenbrand
kamerarezjyJohn Schwartzman
muzykRandy Newman
filmstudioDreamWorks Pictures
Spyglass Entertainment
The Kennedy/Marshall Company
Larger Than Life Productions
distribúsjeUniversal Pictures
spilers
haadrollenJeff Bridges
Tobey Maguire
Chris Cooper
voice-overDavid McCullough
byrollenElizabeth Banks
Gary Stevens
William H. Macy
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre25 july 2003
foarmlangspylfilm
sjenrehistoaryske sportfilm
taalIngelsk
spyltiid141 minuten
budget en resultaten
budget$87 miljoen
opbringst$148,3 miljoen

Seabiscuit is in Amerikaanske histoaryske sportfilm út 2003 ûnder rezjy fan Gary Ross, mei yn 'e haadrollen Jeff Bridges, Tobey Maguire en Chris Cooper. De titel betsjut letterlik "Kaakse" (de geef Fryske term foar "skipsbeskút"). It is in ferwizing nei it ferneamde Amerikaanske racehynder mei deselde namme (1933–1947). De film waard basearre op it non-fiksjeboek Seabiscuit: An American Legend fan Laura Hillenbrand. It ferhaal folget de ûndernimmer Charles S. Howard, de jockey Red Pollard en de hynstetrainer Tom Smith, trije brutsen mannen yn 'e tiid fan 'e Grutte Depresje, dy't mei-inoar it mishannele, te lytse racehynder Seabiscuit fine, traine en ta in ûnbidich súkses en in grutte mediasensaasje meitsje. Seabiscuit krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar gâns prizen, wêrûnder sân Oscars, mar wûn dy net.

Yn 'e iere 1920-er jierren wurket Charles S. Howard yn in fabryk dêr't fytsen produsearre wurde. Hy ergeret him oan 'e minne kwaliteit dêrfan en is fan miening dat er sels folle bettere fytsen meitsje kin. Dêrom beslút er in fytsehannel te begjinnen yn Kalifornje, in ûndernimming dêr't er al syn sparjild yn stekt. It docht lykwols bliken dat der net folle fraach is nei fytsen, mar nammenste mear nei auto's. Wannear't er fan in automobilist mei pech de fraach kriget oft er dy syn auto ek reparearje kin, antwurdet er fan ja. Hy hellet de hiele motor útinoar en leart himsels hoe't alles wurket. Dêrnei ferleit er al rillegau de fokus fan syn saak fan fytsen nei auto's. Mei't er in glêde prater is, berikt er grut kommersjeel súkses mei it ferkeapjen fan auto's, en groeit er út ta ien fan 'e rykste sakelju fan San Francisco. Hy keapet in pleats oan mei in grutte hynstestâl dêr't er ynstee fan hynders syn race-auto's stâlet.

Mids 1920-er jierren libbet Tom Smith in frij bestean op 'e iepen flakten, dêr't er wylde mustangs opspoart, fangt en traint om se as riid- of wurkhynder te ferkeapjen. Foar Smith is dat it ideäle libben en hy hellet der syn hert oan op. Hy hat in suver boppenatuerlik talint foar it omgean mei hynders, dêr't er yn ien eachopslach de potinsje fan ynskatte kin, en dy't er net traint troch se te brekken, mar mei geduld en leafde. Tagelyk groeit Johnny Pollard, dy't letter omreden fan syn read hier troch eltsenien "Red" neamd wurde sil, op yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Syn heit is in begoedige man, dy't syn fiif bern in leafde foar literatuer bybringt. Foar Red keapet er in eigen hynder, mei't de jonge dúdlik grutte oanlis hat foar hynstesport. Neitiid oefenet Red eltse dei it springen mei syn hynder oer obstakels. Ein oktober 1929 fynt de grutte beurskrach plak, wêrmei't in ein komt oan 'e knyntsjetiid fan 'e 1920-er jierren, en de Grutte Depresje ynset. De âldelju fan Red Pollard reitsje alles kwyt en wurde derta brocht om mei har fiif bern troch Noard-Amearika om te doarmjen op 'e siik nei los wurk om genôch te fertsjinjen om dy deis fan ite te kinnen. As de fyftjinjierrige Red troch syn talint mei hynders in baantsje oanbean kriget by in hurddraverij, beslute syn âlden dat er dat oannimme moat. Om't dêr yn 'e omkriten gjin wurk foar syn heit is, moatte se sels mei Red syn fjouwer jongere bruorren en susters fierder tsjen. Red kriget in sek mei wêryn't de dichtbondels sitte dy't syn heite leafste besit binne en wurdt frij hommels efterlitten, sadat syn âlden in mûle minder te foljen hawwe. It ûnthjit fan syn âlden dat se kontakt hâlde sille, komt neat fan op 'e hispel: hy heart nea wer wat fan harren en stiet der fan dat stuit ôf oan allinnich foar. Ek oan it soargeleaze bestean fan Tom Smith komt yn 'e Grutte Depresje in ein. It ferskinen fan ôffredings fan stikeltrie dy't syn trochgong oer de flakten tsjinkeare, makket dat er net mear lykas earder efter de wylde mustangs oan kin. Boppedat wurde hynders as wurkkrêften ferfongen troch motorisearre ferfiermiddels, wylst yn 'e Krisisjierren frijwol nimmen mear hynders keapet foar de leafhawwerij. Smith rekket oan legerwâl en einiget as ien fan 'e wurkleaze omrinners dy't yllegaal yn frachtwagons troch it lân swalkje.

Charles Howard komt de Grutte Depresje relatyf ûnskansearre troch. Hy rekket wat jild kwyt en syn bedriuw moat wat ynkrimpe, mar hy bliuwt ryk en hy besiket ek safolle mooglik fan syn wurknimmers oan it wurk te hâlden, ek al soe it finansjeel better útkomme om se te ûntslaan. Mar dan wurdt er troffen troch persoanlik leed. Wylst er fan hûs is, set syn tsienjierrige soan Frankie ôf mei syn heite pick-uptruck om út te angelfiskjen te gean. By in ûngemak rekket er mei de auto fan 'e wei ôf, rôlet by in steile heuvelskeante del en komt op 'e kop yn in rivierke telâne. It jonkje ferdrinkt ear't er fûn wurde kin. Howard is der alhiel stikken fan en syn frou Annie net minder. Mar sy jout har man de skuld fan 'e trageedzje, om't hy dejinge wie dy't Frankie fierstente jong autoriden leard hie. Net folle letter einiget it houlik fan 'e Howards yn in skieding. Charles Howard bliuwt as in brutsen man efter.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei ferrin fan tiid nimme Howard syn rike freonen him mei nei Tijuana, krekt oer de grins mei Meksiko. Wylst de Feriene Steaten noch suchtsje ûnder de Drûchlizzing, wurdt yn Meksiko wol alkohol skonken en teffens is it der mooglik om te gokken. Howard wurdt yn Tijuana opmurken troch in jongedame, Marcela Zabala, dy't oanlutsen wurdt troch sawol syn uterlik en syn persoanlikheid as troch de tragyk yn syn libben. Se siket kontakt mei him en wit him foar har te winnen; se trouwe koarte tiid letter. Marcela hâldt fan hynsteriden, en troch har kriget Howard belangstelling foar hynders. Hy beslút te ynvestearjen yn in racehynder, mar om't er sels hielendal gjin ferstân fan hynders hat, siket er immen om in goed racehynder foar him út te sykjen en te trainen.

Tom Smith is ûnderwilens ek yn Tijuana bedarre, dêr't er yn djippe earmoede libbet troch yn 'e wyldernis te kampearjen. Wannear't in pleatslike hynste-eigner in racehynder ôfsjitte wol dat in piis ferrutsen hat yn ien fan 'e foarskonken, bepleitet er om it hynder ynstee oan him te jaan, wat de eigner de kosten fan in kûgel en it opromjen fan it kadaver besparje soe. Hy kriget syn sin en helpt it hynder neitiid stadichoan te genêzen. Wannear't Howard him sjocht, is er yntrigearre. Hy siket Smith op in jûn yn syn kamp op en praat mei him. Hy freget oft it hynder genêze sil en Smith antwurdet dat it eins al wer genêzen is. It bist kin nea wer meidwaan oan in hurddraverij, mar it is noch poerbêst geskikt as rydhynder foar in bern. As Howard him freget wêrom't er it bist net ôfsjitte litten hat as it dochs net mear hurddrave kin, antwurdet Smith dat je net in hiel libben weismite kinne fanwegen in lytse skansearring. Dat oertsjûget Howard derfan dat er de juste man fûn hat, en hy freget Smith om by him yn 'e tsjinst te kommen as hynstetrainer.

Tegearre geane de mannen neitiid op 'e sneup nei in gaadlik racehynder. Mar Smith sjocht by eltse foar de hân lizzende kar wol wàt dat net doocht. Dan, op in dei, kriget er in racehynder op it each dat Seabiscuit hjit. It bist hat, as pakesizzer fan 'e grutte Man o' War, in poerbêste ôfstamming, mar nimmen sjocht der wat yn. Seabiscuit is te lyts en wurdt as te loai en te skruten beskôge om ea in goed racehynder wurde te kinnen. It hynder is yn syn jonkheid mishannele en is dêrtroch dwers wurden. Letter waard er brûkt by de training fan oare, as better beskôge racehynders. Om dy bisten mear selsfertrouwen te jaan, hold de berider fan Seabiscuit him krekt foar de finish yn, sadat syn tsjinstanner winne koe. Doe't him dat ienris oanleard wie, hold Seabiscuit tenei altyd krekt foar de finish yn, ek as it de bedoeling wie dat hy winne moast. Oare hynstelju miene dêrom dat er weardeleas is, mar Smith wurdt yn ien eachopslach syn ûnoanboarre pontinsjeel gewaar en bepraat Howard om him te keapjen.

Underwilens is Red Pollard grut wurden yn in hurde wrâld, dêr't er folslein op himsels oanwiisd is. Hy sit fol wrok oer it feit dat syn âldelju harren ûnthjit brutsen hawwe en nea wer wat fan har hearre litten hawwe. As útlaadklep foar syn razernij en frustraasje, en teffens om't er mei syn wurk as hynstefersoarger en jockey mar amperoan genôch fertsjinnet om itende te bliuwen, fjochtet er yn yllegale bokswedstriden. As er ien kear tefolle delslein wurdt, ferliest er it ljocht yn syn rjochtereach. As jockey is er eins te grut en te swier, en dêrom hongeret er himsels út, sels as er wól jild hat om iten fan te keapjen. Op in stuit bedarret er yn Tijuana, dêr't er de nachten trochbringt yn in bordeel en dêr't er kunde kriget oan topjockey George Woolf.

It trainen fan Seabiscuit giet yn 't earstoan net sa geweldich. It hynder sit fol lulkens, ferset him oan ien tried wei en skopt syn stâlen suver stikken. Howard hat sterke twifels oer it bist, mar de geduldige Smith is der wis fan dat er it hynder omturnje kin. Der moat allinnich noch wol in jockey fûn wurde dy't gek genôch is om sa'n mâlenien beride te wollen. Op in dei, wylst Seabiscuit wer ris in dwers sin hat en troch trije, fjouwer man yn 'e stringen holden wurde moat, sjocht Smith hoe't even fierderop in poerrazene Red Pollard yn in fjochtpartij in stik as seis stâljonges fan him ôfslacht. Smith sjocht efterom nei Seabiscuit en wer foarút nei Pollard, merkt de oerienkomsten tusken harren op en beslút dat er syn jockey fûn hat.

Howard nimt Marcela, Smith, Seabiscuit en Pollard mei werom nei syn pleats by San Francisco, dêr't de race-auto's út 'e stâlen helle wurde om plak te meitsjen foar hynders. Seabiscuit bliuwt lulk en dwers, oant Smith de merje Pumpkin by him yn 'e stâl set, dy't sa kalm is dat neat har wat docht. Troch de ynnovative training fan Smith leart Seabiscuit neitiid al syn ferkearde oanwensten ôf en begjint er by oefenings op hurddraversbanen de baanrekôrs te ferpletterjen. Howard skriuwt it hynder yn foar ferskate lytse hurddraverijen oan 'e Amerikaanske westkust, dy't Seabiscuit ûnferwachts (foar oaren) wint. As lyts hynderke mei in te grutte jockey wurdt er beskôge as de underdog en groeit er út ta de favoryt fan it publyk.

Wannear't Howard freget wat der eins fierder noch te winnen falt, wiist Smith derop dat der eastkant de Rocky Mountains noch in hiele hurddraverijwrâld bestiet dy't foar Seabiscuit ûnûntgûn terrein is. De hurddraverskampioen yn it easten is op dat stuit it racehynder War Admiral, de winner fan 'e Trijefâldige Kroan. Howard siket kontakt mei de miljonêr Samuel D. Riddle, de eigner fan War Admiral, om in wedstryd tusken de beide hynders te beävensearjen, mar Riddle hat inkeld minachting foar Howard syn 'hynderke' en net minder foar it hurddraven yn Kalifornje as gehiel. Yn 'e prestizjeuze Santa Anita Handicap, ien fan 'e wichtichste hurddraverijen fan Kalifornje, is Seabiscuit de ferwachte winner. Hy leit ek foar as it op 'e finish ta giet, mar Pollard syn blinens oan syn rjochtereach brekt him op as er te let gewaar wurdt dat in oar racehynder him oan 'e bûtenkant ynhellet. Hy ferliest de wedstryd mei in noaslingte en moat neitiid oan Smith syn lichaamlike beheining opbychte, dy't er oan dy tiid ta geheim holden hie. Smith is poer en advisearret Howard om Pollard te ûntslaan, mar Howard jout him syn eigen wurden werom troch te sizzen dat je net in hiel libben weismite kinne fanwegen in lytse skansearring.

Riddle sjocht yn it ferlies fan Seabiscuit yn 'e Santa Anita Handicap it bewiis foar syn oertsjûging dat Seabiscuit neat foarstelt, mar Howard wegeret belies te jaan en brûkt de media om Riddle ûnder druk te setten fia de Amerikaanske publike opiny. Lang om let stimt Riddle mei tsjinnichheid ta yn in wedstryd tusken Seabiscuit en War Admiraal, mar hy hat ferskate betingsten. Yn it foarste plak moat de race plakfine op 'e hurddraversbaan Pimlico by Baltimore, de thúsbasis fan War Admiral. En oard wol er dat foar de start net gebrûk makke wurde sil fan startpoarten, sa't Seabiscuit wend is, mar fan in tou dat oerdwers oer de baan spand is en dat fallen litten wurdt as der in bel klinkt. Howard stimt dêrmei yn en reizget mei syn frou, syn hynder, Smith en Pollard op 'e trein hielendal nei de eastkust, dêr't se in wike krije om fan 'e fiere reis te bekommen. Smith en Howard bewurkmasterje dat se by nacht, as alle potinsjele gleskegnuvers mei it fel oer de eagen lizze, op Pimlico traine kinne. Se besette in bel fan 'e pleatslike brânwacht en leare Seabiscuit oan om as in hazze út te naaien wannear't de bel klinkt.

Inkele dagen foar de race wurdt Pollard troch in âlde bekende om help frege. De man sit finansjeel yn 'e knipe en wol in hynder ferkeapje. Hy tinkt dat de keapers in hegere priis jaan wolle as se topjockey Red Pollard op it hynder sjogge. It liket Pollard in lytse muoite ta, dat hy stimt ta. Op it stuit dat er op it hynder fuortriidt, wurdt even fierderop in trekker opstarten, mei in útlaat dy't knalt krekt as hy der bylâns komt. Syn hynder slacht op 'e rin en Pollard knoffelet út it seal mar wurdt meisleept om't ien fan syn fuotten yn 'e stiichbûgel stykjen bliuwt. Hy oerlibbet it ûngelok, mar syn rjochterskonk is tebrizele en de dokter seit dat er mei ferrin fan tiid mei gelok wat omhobbelje kin, mar dat er nea wer ride sil. Howard is ree om 'e race mei War Admiral ôf te sizzen, mar Pollard leit dêr fan syn sikehûsbêd ôf it near op en hjit Howard om syn maat George Woolf op te skiljen. Dyselde komt oer en kriget fan Pollard ynstruksjes oer de eigenaardichheden fan Seabiscuit.

De langferwachte "race fan 'e iuw", sa't it treffen tusken de westlike kampioen Seabiscuit en de eastlike kampioen War Admiral yn 'e media neamd wurdt, lûkt sa'n folk dat Pimlico de deis fan 'e wedstryd oan 'e kop ta fol sit. It ferslach wurdt yn it hiele lân live útstjoerd, en 40 miljoen Amerikanen sitte oan 'e radio klústere om it spul te folgjen. Bedriuwen jouwe har wurknimmers foar de doer fan 'e race frij, treinen ride net en de ekonomy komt in skoftke hast hielendal stil te lizzen. Seabiscuit nimt fan 'e start ôf de lieding, mar yn 'e fierste bocht hâldt Woolf it hynder yn, sa't Pollard him oanret hie, oant Seabiscuit War Admiral yn it each sjen kin. Dêrop seit er "Oant sjen," tsjin 'e oare jockey en jout er it hynder de frije leie. No't er de konkurrinsje goed opnommen hat, wol Seabiscuit nammenste mear winne en strykt er fuort as siet de duvel him op 'e hakken. Tsjin 'e tiid dat er oer de finish komt, leit er fjouwer hynstelingten op 'e folle gruttere War Admiral foar. It publyk wurdt wyld en it lân stiet op 'e kop.

In pear moannen letter rekket Seabiscuit blessearre oan ien fan 'e foarskonken, in ferwûning dy't foar 't neist de ein fan syn racekarriêre betsjut. De bistedokter wol him ôfmeitsje, mar Howard leit dêr gau-gau it near op. It hynder wurdt thúsbrocht op Howard syn pleats yn Kalifornje, dêr't Red Pollard noch altyd mei syn eigen skonk yn it gips omrint. Hast in jier lang fersoarget Pollard eltse dei it hynder, en harren selskiphâlden docht har allebeide goed. Wannear't Seabiscuit op in stuit skrikt fan opfleanende fûgels en in stikje útnaait, sjocht Pollard dat it hynder wer drave kin. Fan dat stuit ôf begjint er Seabiscuit stadichoan wer te trainen, wêrby't er syn eigen kwetsbere skonk fuortsterket mei in spalk. Hy is derfan oertsjûge dat Seabiscuit wer hurddrave kin, en lang om let wit er Smith en Howard fan syn gelyk te bepraten.

De earste wedstryd dêr't Seabiscuit oan meidwaan kin, is de Santa Anita Handicap, dy't hy en Pollard earder sa sneu ferlearen. It liket Pollard tige foechsum ta dat er dy race no dochs noch winne kin, mar Howard hellet ynstee Woolf derby en is fan doel om Seabiscuit wer troch dyselde beride te litten. Foar Pollard is dat in bittere pil, en hy is der dan ek tige lulk oer om't er mient dat it Howard inkeld te dwaan is om it winnen, wylst Seabiscuit likegoed syn eigen hynder is as Howard sines. Howard siket stipe foar syn beslút by Woolf, Smith en Marcela, mar dy hâlde it allegearre mei Pollard. Uteinlik docht bliken wêr't by Howard it wiere probleem sit: hy is sa njonkelytsen begûn om Pollard as syn soan te sjen, en hy is deabenaud dat er troch oan in nije race diel te nimmen syn swakke skonk sa skansearje sil dat er nea wer rinne kin. Wannear't Marcela derop wiist dat Howard net it rjocht hat om sa'n beslissing foar Pollard te nimmen, jout er úteinlings ta.

Foar de race brûkt Pollard in mei in fiter straklutsen skonkbrace fan behurde lear, dy't er sels ûntwurpen en makke hat. Oan 'e start sjocht er dat Woolf ek oan 'e race meidocht, op in folle minder talintearre hynder. Yn 'e wedstryd skytskoarje Pollard en Seabiscuit der yn 't earstoan allebeide wat tsjinoan om folút te gean, en fan gefolgen sakje se út 'e kloft mei har konkurrinten wei. Woolf lit him yn 'e fierste bocht nei harren ôfsakje, sadat Seabiscuit syn hynder rjocht yn it each sjen kin. Dat is foar him genôch om syn âlde selsfertrouwen werom te winnen, en hy bizet by Woolf wei en sjit as in pylk tusken de rest fan 'e konkurrinsje troch om mei ferskate lichemslingten te winnen.

Yn in voice-over leit Pollard út dat it ferhaal fan Seabiscuit net, sa't faak tocht wurdt, giet oer in stikken hynder dat troch trije mannen wer hielmakke waard, mar ynstee oer trije stikkene mannen dy't troch it hynder en de omgong mei inoar wer hielmakke waarden.

Jeff Bridges.
Tobey Maguire.
Chris Cooper.
haadrollen
personaazje                              akteur/aktrise
Charles S. Howard Jeff Bridges
Red Pollard Tobey Maguire
Tom Smith Chris Cooper


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Marcela Zabala Howard Elizabeth Banks
George Woolf Gary Stevens
"Tick Tock" McLaughlin William H. Macy
ferteller David McCullough
Samuel D. Riddle Eddie Jones
Sam Kingston DuCoeur
Annie Howard Valerie Mahaffey
Frankie Howard Dyllan Christopher
heit Pollard Michael O'Neill
mem Pollard Annie Corley
de jonge Red Pollard Michael Angarano
Charles Strub Ed Lauter
Dutch Doogan Royce D. Applegate
James E. Fitzsimmons Shay Duffin
Meksikaanske prostituee Camillia Monet
assistinte/faam fan Tick Tock McLaughlin Paige King
dokter yn Baltimore Michael B. Silver
dokter yn Kalifornje Ken Magee
bistedokter Pat Skipper
kammeraatske fan Marcela Michelle Arthur

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seabiscuit waard regissearre troch Gary Ross nei in senario fan himsels op basis fan it non-fiksjeboek Seabiscuit: An American Legend fan Laura Hillenbrand út 2001. As produsinten wiene Ross sels, Kathleen Kennedy, Frank Marshall en Jane Sindell by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, Spyglass Entertainment, The Kennedy/Marshall Company en Larger Than Life Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $87 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Schwartzman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Randy Newman.

De echte Seabiscuit by in training, mei George Woolf as berider.

Boarne: Seabiscuit yn 'e IMDb.

De opnamen foar Seabiscuit setten op 15 oktober 2002 útein en duorren oant en mei 17 novimber fan dat jier. De binnendoarsênes waarden filme yn it studiokompleks fan 'e Universal Studios Hollywood yn Universal City, en de strjitsênes waarden opnommen yn it Lacy Street Production Center yn Los Angeles. De sênes mei de trainings en hurddraverijen yn it Santa Anita Park & Racetrack yn Arcadia (Kalifornje) waarden op dat plak ek echt filme. Allyksa waarden de sênes op 'e Saratoga Race Course yn Saratoga Springs (New York) dêre opnommen. De sênes op 'e hurddraversbaan Pimlico, yn Baltimore, waarden yn it echt filme op 'e hurddraversbaan Keeneland yn Lexington (Kentucky).

De ymposante Colorado Street Bridge yn Pasadena is te sjen yn 'e sêne wêryn't Red Pollard yn lulkens en wanhoop de sek mei literêre klassikers, dy't er fan syn heit krigen hat, yn 'e rivier smite wol, mar him op it lêste stuit betinkt. Oare filmlokaasjes foar Seabiscuit wiene it spoarstasjon fan Fillmore (Kalifornje), in stoeterij yn Hemet (Kalifornje), it Fairplex yn Pomona (Kalifornje), it Langham Huntington Hotel yn Pasadena en it backlot fan Universal Studios Hollywood. Ek waarden der opnamen dien yn Paris (Kentucky) en Ontario (Kalifornje).

It Santa Anita Park and Racetrack yn Arcadia wie ien fan 'e wichtichste film-lokaasjes foar Seabiscuit.

De distribúsje fan Seabiscuit waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 25 july 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 july by platemaatskippij Decca Records. Seabiscuit waard op 23 febrewaris 2004 útbrocht op dvd en op 10 jannewaris 2012 ek op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Seabiscuit oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De hurddraverijen yn 'e film binne spannend om't se spannend wêze moatte; it bestiet net dat de film it op dat mêd ôfwitte litte soe. Mar skriuwer-regisseur Gary Ross en syn kameraregisseur, John Schwartzman, bejouwe har ferbjusterjende ticht by de aksje."

Keeneland, in hurddraversbaan yn Lexington, gie yn 'e film troch foar de hurddraversbaan Pimlico by Baltimore.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Seabiscuit in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 205 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, kwalifisearret de film as: "In positive, sij it sûkerswiete, epyske fertelling oer in geastferheffend figuer út 'e sporthistoarje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Seabiscuit in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 43 resinsjes.

Seabiscuit brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $120,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $28,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $148,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $87 miljoen betsjut dat in winst fan $61,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

De skildereftige Colorado Street Bridge yn Pasadena wie in filmlokaasje foar Seabiscuit.

Seabiscuit waard yn 2004 by de Oscars nominearre foar prizen yn 7 kategoryen: bêste film, bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste kostúmûntwerp, bêste artdirection en bêste lûdsmixing. Fan dy nominaasjes wist de film lykwols net ien binnen te heljen; yn seis gefallen ferlear Seabiscuit it fan 'e epyske fantasyfilm The Lord of the Rings: The Return of the King. By de Golden Globes waard Seabiscuit datselde jiers nominearre foar twa prizen: bêste film (drama) en bêste byrol fan in akteur (William H. Macy as de eksintrike radioferslachjouwer "Tick Tock" McLaughlin).

Fierders waard Seabiscuit ek nominearre foar de Screen Actors Guild Awards foar bêste byrol fan in akteur (Chris Cooper as Tom Smith) en foar bêste cast. Gary Ross waard as senarist nominearre foar de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario en as regisseur foar de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy fan in langspylfilm. By de Satellite Awards waard Seabiscuit nominearre foar de prizen foar bêste byrol fan in akteur (Jeff Bridges as Charles S. Howard), bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste artdirection en produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste lûd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.