Seán Tomás Ó Ceallaigh

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Seán T. Ó Ceallaigh.

Seán Tomás Ó Ceallaigh (Ingelsk Seán Thomas O'Kelly; Dublin, 25 augustus 1882 - dêre, 23 novimber 1966) wie fan 1945 oant 1959 de twadde presidint fan Ierlân.

Seán Ó Ceallaigh wie fan 1923 oant er as presidint keazen waard lid fan de Dáil Éireann, it parlemint fan de Ierske Republyk. Hy wie fan 1932 oant 1939 minister fan Binnenlânske Saken en fan 1939 oant 1945 minister fan Finansjen. Ó Ceallaigh wie fan 1937 oant er presidint waard tánaiste, oftewol fise-premier fan Ierlân.