Springe nei ynhâld

Schouteneilannen

Ut Wikipedy
Schouteneilannen
geografy
lokaasje Grutte Oseaan
ûnderdiel fan Schouteneilannen
lân Yndoneezje
provinsje Papoea
koördinaten 1°0'S 136°0'E
algemien
ynwennertal 130.000 - 140.000 (?)
sifers
oerflak 2.535,18 km²
heechste punt 1.034 m [1]
kaart
Schouteneilannen (Yndoneezje)
Schouteneilannen
Lokaasje Schouteilannen yn Yndoneezje.

De Schouteneilannen lizze yn 'e Stille Oseaan benoarden it fêstelân fan Nij-Guineä. Bestjoerlik falle se ûnder de Yndonezyske provinsje Papoea. De eilannen binne ferneamd nei Willem Schouten, dy't yn 1616 mei Jacob le Maire yn opdracht fan 'e Australyske Kompanjy de eilannen besocht.

De wichtichste eilannen binne Biak, Supiori en Numfor. De arsjipel leit yn 'e Golf fan Irian, in grutte baai oan 'e noardlike kust fan Papoea. De eilannen ha in tropysk lânskip mei reinwâlden, bergen en kustgebieten mei koraalriffen. It heechste punt fan 'e eilannegroep is de Bonsupiori mei in hichte fan 1.034 m op it eilân Supiori, dat relatyf rûch en mei reinwâlden oerdutsen is. Op Biak binne de heuvels leger en meast ûnder 300 m.

De eilannen wurde al iuwenlang bewenne troch Austronezyske - en Papoeafolken.

Nei alle gedachten hat de Portegeeske seefarder Jorge de Meneses yn 1526 en de Spaanske Álvaro de Saavedra yn 1528 de Schouteneilannen ûntdutsen. Wis is dat de Nederlanners Willem Schoten en Jacob Le Maire de eilannen yn 1616 besochten, mar it duorre noch oant de 19e iuw dat se troch Nederlân kolonialisearre waarden.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich wiene de eilannen fan strategysk belang. Japan besette de eilannen, mar yn 1944 waarden se befrijd troch Amerikaanske troepen.

Bloedbad fan Biak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is al jierrenlang ferset fan Paoeafolken tsjin it Yndonezysk bewâld en sa ek op de Schouteneilannen. De ynwenners fiele harren polityk, ekonomysk en kultureel eftersteld troch Yndoneezje. Ek is der ferset tsjin it Yndonezyske transmigraasjeprogramma, dat minsken fan oare eilannen nei Papoea ferhûzet. Dat soarget foar in demografyske feroaring en gefoel fan kolonisaasje. In soad minsken wolle mear autonomy fan Yndoneezje en organisaasjes lykas de Organisasi Papua Merdeka (OPM) ha oanhingers yn it gebiet.

Op 6 july 1998 foelen Yndonezyske militêren freedsume demonstranten oan en tsientallen oant hûnderten minsken waarden fermoarde of ferdwûnen. It drama waard bekend ûnder de namme it Bloedbad fan Biak en wurdt as in symboal fan 'e ûnderdrukking fan Papoea's troch de Yndonezyske steat betocht. De slachtoffers binne nei alle gedachten yn 'e see smiten, mar oant hjoed-de-dei is der gjin offisjele ferantwurding ôflein.

Fiskjende ynwenners op Biak.

De befolking fan 'e eilannen bestiet foar it grutste part út Papoea-folken. Troch it transmigraasjeprogramma fan Yndoneezje binne der yn 'e 20e iuw ek Javanen nei de eilannen brocht. De minsken prate Biak, Papoeatalen en Yndonezysk (Bahasa Indonesia).

De measte ynwenners binne kristlik, fral protestantsk. It kristendom waard troch Dútske en Nederlânske sindelingen yn 'e 19e iuw yntrodusearre. It kristendom wurdt faak kombinearre mei tradisjonele rituelen.

De befolking hâldt rike tradysjes lykas houtfykkynst, muzyk en dûns yn eare, mar de globalisearing en Yndonezyske ynfloed set de lokale tradysje jimmeroan mear ûnder druk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: