Springe nei ynhâld

Schindler's List

Ut Wikipedy
Schindler's List
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurSteven Spielberg
produsintSteven Spielberg
Gerald R. Molen
Branko Lustig
útfierend
   produsint
Kathleen Kennedy
senarioSteven Zaillian
basearre opSchindler's Ark
   fan Thomas Keneally
kamerarezjyJanusz Kamiński
muzykJohn Williams
filmstudioAmblin Entertainment
Universal Pictures
distribúsjeUniversal Pictures
spilers
haadrollenLiam Neeson
Ben Kingsley
Ralph Fiennes
byrollenJonathan Sagall
Embeth Davidtz
Mark Ivanir
Miri Fabian
Ezra Dagan
Adi Nitzan
Caroline Goodall
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre30 novimber 1993
foarmlangspylfilm yn swart-wyt
sjenrehistoaryske dramafilm
taalIngelsk
(ek Dútsk, Poalsk, Jiddysk, Hebriuwsk)
spyltiid195 minuten
budget en resultaten
budget$22 miljoen
opbringst$322,2 miljoen
prizen7 × Oscar
3 × Golden Globe
7 × BAFTA
Dizze side giet oer de film fan Steven Spielberg. Foar oare betsjuttings, sjoch: Schindler's List (betsjuttingsside).

Schindler's List is in Amerikaanske histoaryske dramafilm út 1993 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Ben Kingsley en Ralph Fiennes. De film is hielendal yn swart-wyt, útsein ien lyts detail. De titel betsjut "Schindler syn List", en ferwiist nei in list mei nammen fan Joaden (de saneamde Schindlerjoaden), dy't yn 'e Holokaust rêden waarden fan 'e dea troch de Dútske ûndernimmer Oskar Schindler. Schindler's List waard basearre op 'e histoaryske roman Schindler's Ark fan Thomas Keneally, dy't sels wer basearre wie op in wierbard ferhaal.

Neeson spilet de rol fan Schindler, in playboy en oarlochsprofiteur dy't nei de Dútske besetting fan Poalen yn Krakau in fabryk begjint. As wurkkrêften set er Joaden yn, om't er dy net hoecht te beteljen. Hy liket in bienhurde sakeman te wêzen dy't inkeld gebrûk makket fan 'e ellinde fan oaren om der sels better fan te wurden, mar geandewei it ferhaal docht wat langer wat mear bliken dat er wol deeglik in hert hat. Mei tsjinnichheid begjint er Joaden oan te nimmen dy't oars it gefaar rinne fermoarde te wurden. Kingsley spilet de rol fan Itzhak Stern, de folle pleage Joadske boekhâlder fan Schindler, dy't eins dejinge is dy't it bedriuw draaiende hâldt. Fiennes spilet de psychopatyske SS-ofsier Amon Göth, dy't in wier skrikbewâld fierd oer it konsintraasjekamp Krakau-Płaszów. As dat kamp yn 1944 opheft wurdt, stelle Schindler en Stern in list op mei de nammen fan 1.100 Joaden dy't Schindler, mei it jild dat er oant dan ta fertsjinne hat, keapet fan 'e SS, sabeare om se yn in nij fabryk yn it Sudetenlân tewurk te stellen, mar eins om foar te kommen dat se ôffierd wurde nei de gaskeamers fan Auschwitz.

Schindler's List krige fan 'e filmkritisy suver ienriedich lof taswaaid en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film wûn sân Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama) en sân BAFTA's. Schindler's List wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne en teffens as de definitive ferfilming fan 'e Holokaust. Yn 2004 waard de film dêrom troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Op 1 septimber 1939 begjint nazy-Dútslân oan 'e oerweldiging fan Poalen. Op 27 septimber folget de Poalske kapitulaasje. Ofsjoen fan it eastlike diel fan it lân, dat beset wurdt troch de Sovjet-Uny, komt Poalen dan ûnder in Dútske besetting. De ferfolging fan Poalske Joaden troch de nazys begjint frijwol fuortendaliks. Yn Krakau, de grutste stêd yn súdlik Poalen, wurdt de hiele pleatslike Joadske mienskip, mei dêropta alle Joaden út 'e omlizzende plattelânsprovinsjes, geartroppe yn it wanhopich oerbefolke Getto fan Krakau, in buert fan sechstjin wenblokken dy't fan 'e rest fan 'e stêd ôfskaat is.

Yn dyselde snuorje arrivearret Oskar Schindler yn 'e stêd. Hy is in etnyske Dútser út it Sudetenlân, dat foar 1938 ta Tsjechoslowakije hearde. Schindler is lid fan 'e NSDAP: net om't er in oertsjûge nazy is, mar út opportunisme. Hy is in glêdjanus dy't himsels mei moaie praatsjes in paad troch it libben klearret en in skeanskermer dy't syn frou Emilie yn it Sudetenlân efterlitten hat en yn Krakau oerhoer bedriuwt mei it iene nei it oare tsjeppe Dútske of Poalske fanke. No sjocht er syn kâns skoan om fan 'e oarloch gebrûk te meitsjen om grou jild te fertsjinjen.

Schindler hat syn each falle litten om in stillizzend fabryk yn Krakau dat emaillearre potten en pannen makket, mar hy hat sels it jild net om dat bedriuw te keapjen. It jild dat er àl hat, jout er út oan it omkeapjen fan korrupte ofsieren fan 'e Wehrmacht en de SS, dy't it no yn Krakau foar it sizzen hawwe. As er op dy manear ienris de goede wil fan 'e machthawwers wûn hat, nimt er kontakt op mei Itzhak Stern, in lid fan 'e pleatslike Joadske Ried en in boekhâlder mei in protte ûnderfining. Oan dyselde leit Schindler dit plan foar: hy wol dat rike Joaden út it getto him jild jouwe om it fabryk te keapjen en op te starten, wêrnei't er harren werombetelje sil yn potten en pannen, mei't jild yn it getto neat wurdich is, mar ruilwaren nammenste mear. De Joadske ynvestearders besykje bettere betingsten foar de liening te krijen, mar se sitte raar yn 'e knipe en Schindler wit dat. Lang om let geane se akkoart mei syn útstel.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It bedriuw, dat de namme Deutsche Emailwarenfabrik (DEF) kriget, makket fjildflessen en itensiedersnedichheden foar de Wehrmacht en de SS en is troch de kontakten dy't Schindler lein hat fan it begjin ôf tige súksesfol. Stern docht de boekhâlding en runt it bedriuw praktysk eigenhandich, wylst Schindler de public relations fersoarget en in loailekkerlibbentsje yn lúkse liedt mei froulju, drank en wille by 't folop. Mar Stern hat syn eigen aginda en brûkt DEF om dêr safolle mooglik Joaden ûnder te bringen dy't omreden fan har yntellektuele beroppen of fanwegen âldens of oandwanings it gefaar rinne om troch de nazys fermoarde te wurden. As Schindler dat foar it ferstân kriget, foeteret er dêr bot oer tsjin Stern, mar hy liket te loai te wêzen om aktyf maatregels te nimmen om tenei soartgelikense sitewaasjes foar te kommen. Ynstee lit er him nettsjinsteande syn argewaasje kear op kear troch Stern beprate om in ekstra Joad yn 'e tsjinst te nimmen dy't gefaar rint.

De sitewaasje yn Krakau eskalearret wannear't SS-ofsier Amon Göth yn 'e stêd arrivearret om it tafersjoch te hâlden op 'e bou fan it konsintraasjekamp Płaszów. Wannear't dat kamp ree is, wurdt it Getto fan Krakau opheft. Twatûzen Joaden dy't "essinsjele arbeiders" binne, wurde oerbrocht nei Płaszów, wylst 2.000 oaren, de âlden fan dagen, siken, lytse bern en oare nutteleazen, yn 'e strjitten fan it getto ôfslachte wurde troch de SS. Fan in hichte bûten de stêd ôf dy't útsjocht oer it getto is Schindler tsjûge fan it bloedbad, dat er ûnderfynt as tige skokkend. Fan syn útsjochpunt ôf sjocht er û.o. in lyts famke yn in read jaske draven, dat in skûlplak foar de nazys siket. Nettsjinsteande syn persoanlike mienings soarget Schindler der ek neitiid goed foar dat er de SS yn it algemien en Göth yn it bysûnder te freon hâldt. Oare Dútske yndustriëlen dy't gebrûk meitsje fan Joadske twangarbeiders moatte har bedriuwen ferhúzje nei binnen de ôffredings fan it kamp Płaszów, mar Schindler kriget foarinoar dat DEF bliuwe mei dêr't it sit, en dat syn Joadske arbeiders eltse dei op en del reizgje meie tusken it kamp en it fabryk.

Yn it kamp fiert Göth, dy't in psychopaat is, in wier skrikbewâld. Hy hat it foar de moade om út syn filla wei, op in hichte boppe it kamp, mei in jachtgewear de finzenen te besjitten. Net ien fan harren is fan 'e iene op 'e oare dei it libben wis. Göth kiest út 'e jonge froulju yn it kamp ien út, Helen Hirsch, dy't him as húshâldster tsjinje moat. Hy is obsedearre troch har en begeart har, mar as in oertsjûge nazy sjocht er Joaden as Untermenschen en hy walget fan himsels om syn eigen gefoelens. Hy jout utering oan syn tsjinstridige, frustrearre gemoed troch Helen te terrorisearjen en mishanneljen. Wannear't Stern de eksessen fan Göth oan Schindler trochdocht, besiket dy Göth by te stjoeren troch him foar te hâlden dat wiere macht is as je elts rjocht hawwe om ien te deadzjen, mar derfoar kieze om dat net te dwaan. Göth prebearret dat út om te sjen hoe't it him smakket, mar hy ferfalt al rillegau wer yn syn âlde hâlden en dragen.

In jonge frou, Regina Perlman, siket kontakt mei Schindler. Sy is in Joadinne dy't yn Krakau libbet ûnder in skûlnamme en mei in ferfalske identiteitsbewiis, mar har âldelju sitte fêst yn Płaszów. It binne âldere minsken en sy is bang dat se by de earsten wêze sille dy't op transport set wurde nei Auschwitz of in oar ferneatigingskamp. Se hat heard dat it fabryk fan Schindler in feilige haven is foar Joaden dy't gefaar rinne en smeekt him om har heit en mem yn 'e tsjinst te nimmen. Schindler barst út yn grutte grime en jaget har ta de doar út. Letter beklaget er him foar Stern oer bitter oer de geroften dy't blykber omgeane oer syn bedriuw. Hy is gjin filantroop of ferlosser. Hy is in sakeman dy't winst meitsje wol en gjin tiid hat foar sokke flauwekul. Hy besiket it hâlden en dragen fan Göth te behimmeljen troch derop te wizen dat de man ûnder swiere druk stiet. En boppedat is it oarloch, wat altyd it minste yn 'e minsken boppehellet, en nea it bêste. Stern fertelt dan hoe't Göth fan in wurkploech wêrfan't bûten it kamp ien man útnaaid wie, eigenhandich eltse twadde man troch de holle sketten hat. Schindler wurdt lulk en freget wat hy dêroan ferhelpe kin. Stern antwurdet dat er neat fan Schindler ferwachtet; se wiene ommers gewoan wat oan it praten. Schindler stoarret noartsk ta it rút út en hellet dan in bryfke út 'e bûse. Hy seit: "Perlman, man en frou. Lit Goldberg harren nei it fabryk ta bringe." En langet Stern syn gouden horloazje oer om foar dy oerpleatsing de nedige lju om te keapjen.

Yn 'e rin fan 1944 kriget Göth fan hegerhân opdracht om 'e stoflike omskotten fan 'e 2.000 Joaden dy't by de opheffing fan it Getto fan Krakau fermoarde binne, op te graven en te ferbaarnen. Hy lit dat dy put troch de Joadske kampfinzenen útfiere. Wannear't Schindler Göth besiket wylst dat freeslike wurk geande is, sjocht er in kroade mei in pear liken foarbykommen dy't troch de steat fan ûntbining net mear werom te kennen binne, mar boppe-oan leit in jong bern yn in read jaske, dat itselde famke wêze moat dat Schindler by de opheffing fan it getto draven sjoen hat. Dat byld grypt him bysûnder oan. Göth fertelt him dat it spul yn Krakau op 'e ein rint. Hy ornearret dat it noch in moanne of sa duorje kin, mar dan wurdt Płaszów sletten en geane alle Joaden dy't dêr sitte nei Auschwitz. Schindler docht dat nijs troch oan Stern en bewissiget de boekhâlder derfan dat er by Göth oanstien hat op spesjale behanneling foar him (Stern). Hy besiket Stern moed yn te praten troch te sizzen dat de oarloch net lang mear duorje kin, en neitiid kinne se tegearre it glês heffe op har beider oerlibjen. Stern hat dêr net folle fidúsje yn en seit dat er dat glês better no daliks hawwe kin. Sa drinke hy en Schindler foar it earst tegearre in slokje.

Thús, dat wol sizze yn it ûnteigene lúkse appartemint fan in Joadske famylje dêr't Schindler wennet sûnt er yn Krakau arrivearre is, lit de oankundige opheffing fan it kamp en it lot fan 'e Joaden him net los. Syn plan wie om 'e kofferfollen mei jild dy't er mei syn fabryk fertsjinne hat, mei werom te nimmen nei hûs yn Zwittau (no Svitavy yn Tsjechje) om derfan te rintenieren. Mar syn ferrekte gewisse stiet him net ta om dat te dwaan. Ynstee komt er op 'e lapen mei it idee om te Brünnlitz (no Brněnec), deunby Zwittau, in munysjefabryk op te setten, dêr't er de Joadske wurknimmers fan DEF oan it wurk hâlde kin. Hy leit it plan foar oan Göth, dy't foar in riedsel stiet. Hy ken Schindler as in tûke sakeman, mar hy kin mar net begripe hoe't er mei dit plan winst meitsje kin. It idee dat immen soks dwaan soe út klearebare meiminsklikens, ek al soe men dan ferlies draaie, leit safier bûten syn eigen karakter, dat it net iens by him opkomt. It sit Göth dwers dat er Schindler syn sakeplannen net neikomme kin, mar hy lit him foar in reuseftige smacht jild mar al te maklik omkeapje om der syn meiwurking oan te ferlienen.

Yn 'e mande mei Stern stelt Schindler in list op mei de nammen fan Joaden dy't er út Płaszów wei meinimme wol nei Brünnlitz. Alle wurknimmers fan DEF komme derop te stean en de oarspronklike ynvestearders dy't Schindler by steat stelden om it fabryk te keapjen. Der wurde oanhâldend mear nammen tafoege oant der 1.100 minsken op 'e list opnommen binne. Dyselden keapet Schindler fan 'e SS foar in fêst bedrach de persoan. Underoan de list bliuwt ien plak iepen. Schindler set wer nei Göth ta en jout oan dat de lêste namme dy fan Helen Hirsch wêze moat. Göth wol dêr neat fan witte en seit dat er har meinimme wol werom nei Wenen. Wannear't Schindler him freget oft er soms gek wurden is, moat Göth dy fantasij farre litte. Hy seit dat er fan doel is en nim syn húshâldster mei de bosk yn om har op in stil plakje in kûgel troch de holle te jeien. Schindler stelt foar om ynstee in potsje ienentweintigjen om har te spyljen. As Göth ferliest, mei Schindler Helen fergees meinimme nei Brünnlitz. As er wint, betellet er Göth 14.800 Reichsmark foar har. Göth lit him beprate en de namme fan Helen Hirsch komt op 'e list.

Yn oktober 1944 wurde de Joaden yn twa treinen fan Krakau nei Brünnlitz brocht: ien foar de manlju en ien foar de froulju en bern. De manlju komme it earst yn Brünnlitz oan, mar dan docht bliken dat de oare trein troch in flater ynstee nei Auschwitz-Birkenau ta stjoerd is. Dêr steane de froulju deadseangsten út as se ûndersocht wurde troch dokter Josef Mengele en dan nei in mienskiplike dûsromte laat wurde wêrfan't se tinke dat it in gaskeamer is. Nei inkele sikestûkjende mominten docht lykwols bliken dat it yn dit gefal echt om in dûsromte giet. Underwilens fljocht Schindler halje-trawalje út Brúnnlitz wei nei Auschwitz-Birkenau, dêr't er de kampkommandant fan Auschwitz, Rudolf Höß omkeapet mei in pûdsje diamanten. Mei in hiel soad gedoch kriget er de froulju en bern frij en bringt er harren nei Brúnnlitz ta, dêr't se opwachte wurde troch de dea-ûngerêste manlju.

Yn it nije fabryk ferbiedt Schindler de SS-bewekkers om yn it fabryksgebou te kommen. Ek leit er út dat er in proses tsjin harren oanspanne sil om finansjele kompinsaasje te krijen foar eltse Joad dy't se deasjitte. Nei dy stôk biedt er harren in woartel troch drank by 't folop oan te leverjen. Wannear't er de SS-ers op dy manear fierhinne ûnskeadlik makke hat, fiteret er de Joaden oan om yn syn fabryk de sabbat te fieren. Oer de folgjende sân moannen jout Schindler foar kaptalen út om heechpleatste nazys om te keapjen om him gewurde te litten. Troch syn eigen masinaasjes produsearret syn fabryk, dêr't eins tankgranaten makke wurde, gjin inkeld brûkber wapenreau. Tsjin begjin maaie 1945 is it jild folslein op. Fuort letter, op 7 maaie, folget de kapitulaasje fan nazy-Dútslân.

Schindler sprekt de Joadske wurknimmers fan it fabryk ta en betanket harren foar har ynset. Sy binne no frij en kinne derop út tsjen om famyljeleden te sykjen dy't de Holokaust oerlibbe hawwe, hoewol't se dy yn 'e measte gefallen net mear oantreffe sille. Schindler seit dat er wit dat de SS-bewekkers opdracht krigen hawwe om alle Joaden yn it fabryk dea te sjitten, en as se dat befel opfolgje wolle, liket no him dêr in gaadlik momint foar. Mar, sa seit er, se kinne der fansels ek foar kieze om nei hûs te gean as manlju ynstee fan as moardners. De SS-ers jouwe har ien foar ien ôf sûnder dat der skot lost wurdt. Him wer ta de Joaden rjochtsjend, seit Schindler dat hysels no sjen moat dat er fuortkomt, want as lid fan 'e NSDAP en oarlochsprofiteur moat er flechtsje ear't de opmars fan it Reade Leger Brünnlitz berikt. Wylst hy en syn frou Emilie koartseftich harren besittings gearklauwe (yn in ûnbewuste echo fan hoe't de Joaden út Krakau har besittings gearklauwe moasten doe't se op slach har wenten ferlitte moasten om nei it getto ta), lûke de Joaden yn it fabryk de gouden kies fan ien fan harren, dêr't se in ring fan meitsje.

As de Schindlers jûns fuort sille, presintearje de Joaden him mei in ferklearring dy't troch harren allegearre ûndertekene is dat er harren rêden hat fan 'e dea. Ek jouwe se him de ring, dêr't se in sitaat út 'e Talmoed yn gravearre hawwe: "Wa't ek mar ien libben rêdt, rêdt de hiele wrâld." Wannear't Schindler dat heart, brekt er yn triennen út, mei't er no fynt dat er folle mear dwaan kinnen hie. Syn auto hie foar de libbens fan tsien Joaden betelje kinnen, syn gouden spjeldsje mei in heakkekrús derop hie teminsten noch ien libben wurdich west. Hy hat safolle jild fergriemd oan liddige dingen dêr't er no bittere spyt fan hat. De Joaden moatte him treaste, ear't er syn selsbehearsking weromwint. De Schindlers sette yn harren auto ôf nei it westen, dêr't se de ynfloedssfear fan 'e westlike Alliëarden hoopje te berikken om sa oan 'e wraak fan it Reade Leger te ûntkommen. De oare moarns wurde de Schindlerjoaden wekker makke troch in Russyske soldaat te pearde, dy't harren ferteld dat se befrijd binne troch it Reade Leger. De Joaden freegje him wêr't se hinne moatte, en de soldaat riedt harren sterk ôf om nei it easten te gean, want "dêr haatsje se jimme". Hy ûntriedt har ek om nei it westen te gean. (De suggestje is dat Joaden no inkeld noch nei Palestina kinne.) De film einiget as de Schindlerjoaden ôfsette út it fabryk en begjinne oan 'e tocht nei it stedsje Brünnlitz, op 'e syk nei iten en drinken.

In epilooch fernijt dat Amon Göth yn in sanatoarium dêr't er him ferskûle, oppakt waard troch it Reade Leger. Hy waard feroardiele foar misdieden tsjin 'e minsklikheid en eksekutearre troch ophinging. Oskar Schindler sette nei de oarloch yn West-Dútslân en Argentynje syn karriêre as sakeman fuort, mar al syn bedriuwen giene fallyt en syn houlik mei Emilie einige yn in skieding. Yn 1958 waard er troch Yad Vashem erkend as Rjochtfeardige ûnder de Folken. Hy ferstoar yn 1974 yn 'e âldens fan 66 jier, en leit begroeven yn Israel. Yn 1993, it jier dat de film Schindler's List makke waard, wie de ienris út miljoenen besteande Joadske minderheid yn Poalen krompen ta 4.000 minsken, wylst der wrâldwiid 6.000 Schindlerjoaden en neiteam fan harres libben.

Liam Neeson (2008).
Ben Kingsley (1990).
Ralph Fiennes (2011).
haadrollen
personaazje          akteur/aktrise
Oskar Schindler Liam Neeson
Itzhak Stern Ben Kingsley
Amon Göth Ralph Fiennes


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Poldek Pfefferberg Jonathan Sagall
Helen Hirsch Embeth Davidtz
Marcel Goldberg Mark Ivanir
Chaja Dresner Miri Fabian
rabbyn Menasha Levartov Ezra Dagan
Mila Pfefferberg Adi Nitzan
Emilie Schindler Caroline Goodall
Regina Perlman Bettina Kupfer
Danka Dresner Anna Mucha
Wilhelm Nussbaum Michael Gordon
Rozalia Nussbaum Aldona Grochal
Lisiek Wojciech Klata
Henry Rosner Jacek Wójcicki
Manci Rosner Beata Paluch
Wiktoria Klonowska Małgorzata Gebel
Ingrid Beatrice Macola
Julian Scherner Andrzej Seweryn
Rolf Czurda Friedrich von Thun
Albert Hujar Norbert Weisser
Mordecai Wulkan Albert Misak
Chaim Nowak Uri Avrahami
Julius Madritsch Hans-Jörg Assmann
Dieter Reeder Agust Schmölzer
ynvestearder Fischel Friehof Jerzy Nowak
ynvestearder Andrzej Farber Leopold Kozlowski
Rudolf Höß Hans-Michael Rehberg
dokter Josef Mengele Daniel del Ponte
Juda Dresner Michael Schneider
Leo Rosner Piotr Polk
Olek Rosner Kamil Krawiec
Mietek Pemper Grzegorz Kwas
Löwenstein Henryk Bista
Joseph Bau Rami Heuberger
Diana Reiter Elina Löwensohn
Herman Toffel Krzysztof Luft
Leo John Harry Nehring
Dolek Horowitz Paweł Deląg
Adam Levy Adam Siemion
Wilhelm Kunde Jochen Nickel
Josef Leipold Ludger Pistor
Agnieszka Agnieszka Krukówna
famke yn it reade jaske Oliwia Dąbrowska

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poldek Pfefferberg, ien fan 'e Schindlerjoaden, makke der syn libbenswurk fan om derfoar te soargjen dat it ferhaal fan Oskar Schindler en syn rêding fan 1.100 Joaden net yn 'e ferjitnis rekke. Yn 1963 wied er tige tichteby it beävensearjen fan in biografyske film oer Schindler dy't produsearre wurde soe troch de Amerikaanske filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Howard Koch soe dêr it senario foar skriuwe, mar it spul rûn op 'e non. Yn 1980 mette Pfefferberg yn Los Angeles by tafal de Australyske skriuwer Thomas Keneally. Dyselde rekke fassinearre troch it ferhaal fan Schindler, en skreau der in histoaryske roman oer dy't yn 1982 útkaam ûnder de titel Schindler's Ark. In Amerikaanske edysje waard publisearre as Schindler's List.

Regisseur Steven Spielberg.

Muzyk- en filmprodusint Sid Sheinberg wiisde regisseur Steven Spielberg op 'e resinsje fan Schindler's Ark dy't yn The New York Times stie. Spielberg lies it boek en fielde him tige oanlutsen ta it ferhaal. Hy sei dêroer letter: "It spriek my oan fanwegen it paradoksale karakter fan 'e man. Wat kin sa'nien derta bringen om ynienen alles dat er fertsjinne hat yn 'e tsjinst te stellen fan it rêden fan dy libbens?" De belangstelling fan Spielberg wie foar filmstudio Universal Pictures genôch reden om 'e filmrjochten op it boek fan Keneally te reservearjen. Doe't Spielberg yn 'e maityd fan 1983 foar it earst yn 'e kunde kaam mei Pfefferberg, ûnthiet er dyselde dat er it ferhaal fan Schindler mei tsien jier ferfilmje soe. (Yn 'e ôftiteling fan Schindler's List wurdt Pfefferberg neamd as konsultant ûnder it pseudonym 'Leopold Page'.)

Nettsjinsteande wat er tsjin Pfefferberg sein hie, besocht Spielberg it ferhaal oer Schindler ferskate kearen troch te jaan oan oare regisseurs. De reden dêrfoar wie dat er der twifels oer hie oft er sels wol folwoeksen genôch wie en ûnderfining genôch hie om in ferfilming te meitsjen dy't it ferhaal rjocht die. Ien fan 'e filmmakkers dy't er it projekt oanbea, wie Roman Polanski, waans mem yn Auschwitz fermoarde wie en dy't sels it Getto fan Krakau oerlibbe hie. Dyselde sloech it oanbod lykwols ôf en keas derfoar om úteinlik syn eigen dramafilm oer de Holokaust te meitsjen: The Pianist (2002). Oare regisseurs dy't foar de eare betanken, wiene Sydney Pollack en Brian De Palma.

Yn 1988 stie Spielberg yn bestân en lit Schindler's List regissearje troch Martin Scorsese, mar op it lêste momint betocht er him, om't er besefte "[dat] ik de kâns weijûn hie om wat foar myn bern en myn famylje oer de Holokaust te meitsjen." Dêrom bea er Scorsese ynstee de remake fan Cape Fear (1991) oan. In wichtige faktor yn Spielberg syn beslút om sels de rezjy fan Schindler's List op him te nimmen, wie de opkomst fan it neo-nazisme nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch, en it feit dat oan Holokaustûntkenners serieus omtinken yn 'e media jûn waard. Universal Pictures gie akkoart mei syn beslút op it betingst dat Spielberg earst Jurassic Park regissearje soe, in film dêr't de studio kommersjeel mear fan ferwachte.

In segmint fan 15 minuten fan 'e film is wijd oan 'e opheffing fan it Getto fan Krakau yn maart 1943.

Schindler's List waard sadwaande úteinlik regissearre troch Steven Spielberg sels. Dêrby wurke er nei in senario fan Steven Zaillian op basis fan 'e roman fan Thomas Keneally. As produsinten wiene Spielberg sels, Gerald R. Molen en Branko Lustig by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures en Spielberg syn eigen Amblin Entertainment. Kathleen Kennedy fan Amblin hie as útfierend produsinte it tafersjoch oer it hiele projekt. Foar de film wie in relatyf lyts budget beskikber fan $22 miljoen, mei't Holokaustfilms mar komselden winstjaand binne. Spielberg sels wurke sûnder salaris, mei't er it nei eigen sizzen as "bloedjild" beskôge hie as er himsels foar Schindler's List betelje litten hie. Sels hied er yn 't foar ek net ferwachte dat de film winst meitsje soe.

In diel fan 'e filmmuzyk komponearre troch John Williams, útfierd troch it Latsos Piano Duo yn maart 2025.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams. Dy lêste fielde him nei't it skynt yntimidearre troch de film en fûn syn opdracht yn 't earstoan te dreech. Hy sei tsjin Spielberg, mei wa't er al ytlike kearen earder oan films gearwurke hie: "Do hast ferlet fan in bettere komponist as my." Spielberg antwurde: "Wit ik. Mar dy binne allegearre dea." Fioelist Itzhak Perlman en klarinettiste Gloria Feidman wurken oan 'e soundtrack mei.

Foar de haadrol yn Schindler's List die filmstjer Warren Beatty audysje, mar Spielberg wie bang dat dyselde syn aksint net ferbergje kinne soe, en boppedat woed er syn Schindler frij hawwe fan "filmstjerbagaazje". Om dyselde reden keas er ek net foar Kevin Costner of Mel Gibson, dy't allebeide oanjoegen dat se belangstelling foar de rol hiene. Ynstee gie Spielberg yn see mei de doe frij ûnbekende Noardierske akteur Liam Neeson, dy't er yn desimber 1992 op Broadway sjoen hie yn it toanielstik Anna Christie. Neeson sei letter yn in fraachpetear dat Schindler yn syn eagen troch de SS-ofsieren en oare heechpleatste nazys net foar fol oansjoen waard, en dat er dêr folút fan profitearre. Om him ta te rieden op syn rol liet Spielberg oan Neeson fideo's sjen fan Steve Ross, de algemien direkteur fan it Amerikaanske medianetwurk Time Warner, dy't neffens him in soartgelikens garisma hie as Schindler. Hy dobbe ek in fideo fan in taspraak fan Schindler op, sadat Neeson de korrekte yntonaasje fan syn sprekken oanleare koe.

It personaazje fan Itzhak Stern, sa't dat yn 'e film opfierd wurdt, is eins in ferraning fan in trijetal Joaden: de histoaryske Stern, dy't Schindler syn boekhâlder wie, mei dêropta Abraham Bankier, dy't de bedriuwslieder fan it fabryk wie, en Mietek Pemper, de persoanlik sekretaris fan Amon Göth. Spielberg en senarist Steven Zaillian makken fan it personaazje in soarte fan libben gewisse foar Schindler. Dustin Hoffman wie de earste kar fan Spielberg om Stern te spyljen, mar hy wegere de rol. Doe foel de kar op Ben Kingsley.

It âlde fabryk fan Oskar Schindler yn Krakau, dêr't no twa museä fêstige binne.

Ralph Fiennes waard troch Spielberg cast yn 'e rol fan SS-er Amon Göth op basis fan syn aktearprestaasjes yn 'e tillefyzjefilm A Dangerous Man: Lawrence after Arabia (1990) en it kostúmdrama Emily Brontë's Wuthering Heights (1992). Foar syn rol yn Schindler's List kaam Fiennes 13 kg oan. Hy beseach histoaryske reportaazjes foar bioskoopsjoernaals dêr't Göth yn foarkaam en prate mei oerlibbenen fan 'e Holokaust dy't de man kennen hiene. Oer syn rol sei Fiennes: "Ik kaam tichteby syn pine. Fan binnen is er in brutsen, ellindich mantsje. Ik haw mingde gefoelens oer him, haw mei him te dwaan. Hy is krekt in smoarge, skansearre pop dy't oan my jûn is en dêr't ik meitiid op in nuveraardige manear in bân mei foarme haw." Nei't it skynt liek Fiennes sà op Göth, dat Holokaustoerlibbene Mila Pfefferberg, de frou fan Poldek Pferfferberg, befongen rekke troch eangst doe't se him yn in SS-unifoarm seach.

Yn totaal sitte der yn Schindler's List 126 rollen mei dialooch en tûzenen figuranten sûnder dialooch. Foar it meastepart fan 'e Joaden keas Spielberg Israelyske (of alteast Joadske) akteurs, foar it meastepart fan 'e Dútsers keas er Dútske akteurs en foar it meastepart fan 'e Poalen keas er Poalske akteurs.

De opnamen foar Schindler's List setten op 1 maart 1993 útein mei in skema fan 75 draaidagen. It meastepart fan 'e film waard op lokaasje yn it Poalske Krakau opnommen op of deunby de eigentlike lokaasjes dêr't it ferhaal fan 'e film spilet. It konsintraasjekamp Płaszów moast lykwols rekonstruëarre wurde yn in ôftanke stiengat bûten de stêd, mei't de hoarizon fan 'e histoaryske lokaasje yn 1993 dominearre waard troch nei-oarlochske flatgebouwen. De binnendoarsênes yn it emaillearringsfabryk DEF waarden opnommen yn in soartgelikens fabryk yn Olkusz, mar de shots fan it eksterieur en dy fan 'e treppen yn it fabryk waarden filme by en yn it histoaryske gebou, dêr't no twa museä húsfêste binne.

In stege yn 'e binnenstêd fan Krakau dêr't in bekende sêne filme waard oer de opheffing fan it Getto fan Krakau.

Foar de sênes wêryn't de froulju en bern by fersin yn Auschwitz-Birkenau bedarje, krigen de produsinten fan 'e Poalske oerheid tastimming om te filmjen yn it eigentlike kamp, dat beholden wie as it Steatsmuseum Auschwitz-Birkenau. It Joadsk Wrâldkongres oppenearre dêr lykwols etyske beswieren tsjin. Om net op it terrein fan it eigentlike ferneatigingskamp te filmjen, waard krekt bûten de poarten in replika fan in diel fan it kamp neiboud. Healwei de opnamen krige Spielberg ynienen it idee foar de epilooch fan 'e film, wêryn't tsjin 'e eftergrûn fan teksten dy't yn byld brocht wurde it grêf fan Oskar Schindler yn Jeruzalim besocht wurdt troch de eigentlike Schindlerjoaden en Schindler syn widdo, hieltyd yn it selskip fan 'e akteurs dy't harren yn 'e film spylje. De produsinten hiene der klauwen oan om 'e Schindlerjoaden op te spoaren en harren op 'e tiid foar de opnamen yn Jeruzalim te krijen.

Foar Steven Spielberg, sels in Joad, wiene de opnamen fan Schindler's List in tige emosjonele put, mei't it ûnderwerpsmateriaal him twong om eleminten út syn jonkheid ûnder eagen te sjen dy't er leaver út 'e wei gie, lykas antysemityske ynsidinten en de ferhalen dy't syn pakes en beppes him oer de Holokaust ferteld hiene. Hy sei: "Ik moast suver oan ien wei troch gûle." Hy sei ek dat er him ûnder de opnamen fan Schindler's List suver mear in dokumintêremakker fielde as de regisseur fan in spylfilm. Hy makke it spul ynoarder foar it begjin fan in sêne en dan seach er inkeld ta hoe't de opname him ûntjoech, suver as wied er mear taskôger as filmmakker. Spielberg wie ien fan 'e leden fan 'e filmcrew dy't net tasjen koene by de opname fan 'e sêne wêryn't âldere Joaden yn Płaszów folslein neaken rûntsjes drave moatte foar Dútske legerdokters om te bepalen wa't fit genôch is om te bliuwen en wa't ôffierd wurde moat nei de gaskeamers fan Auschwitz. Neffens Spielberg skuorde syn frou Kate Capshaw, dy't mei him en harren fiif bern foar de doer fan 'e opnamen fan Schindler's List in hierhûs yn in foarstêd fan Krakau bewenne, him dertroch.

It famke yn it reade jaske is it iennichste part fan Schindler's List dat yn kleur is.

De film woeks úteinlik oan ta in lingte fan 195 minuten, oftewol 3 oeren en in kertier. Dêrfan is fyftjin minuten wijd oan 'e opheffing fan it Getto fan Krakau. Dat stie net yn it oarspronklike senario, mar wie in idee dat út 'e koker fan Spielberg kaam. Hy fûn dat om rjocht te dwaan oan dat barren de ferfilming derfan suver net oan te sjen wêze moast troch alle ferskrikkings dy't yn byld brocht waarden.

It famke yn it reade jaske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spielberg besleat om Schindler's List yn swart-wyt te filmjen om 'e film oanfiele te litten as in dokumintêre oer de Twadde Wrâldoarloch, mei't sokke films ornaris fol sitte mei histoaryske swart-wytbylden. Dêr makke er ien útsûndering op: it famke yn it reade jaske. Yn 'e sênes oer de opheffing fan it Getto fan Krakau komt in lyts Joadsk famke foar dat in jaske oan hat dat read ynkleure is. Foar de rest binne dy bylden ek yn swart-wyt. It famke draaft tusken de folwoeksen Joaden en de SS-ers troch en wurdt dêrby opmurken troch Schindler, dy't it bloedbad fan in hichte bûten de stêd ôf oansjocht. Se siket in skûlplak ûnder in bêd en dêrnei komt se net wer yn byld. Letter yn 'e film, as de liken fan 'e 2.000 Joaden dy't by de opheffing fan it getto fermoarde binne, wer opgroeven wurde moatte om ferbaarnd te wurden, bringt Schindler in besyk oan Göth, dy't persoanlik tafersjoch oer de boel hâldt. Hy sjocht dan op in kroade in lyts bernelykje yn in read jaske foarbykommen, in byld dat him gâns oangrypt. It famke waard yn 'e film spile troch de Poalse Oliwia Dąbrowska, dy't op dat stuit trije jier wie.

Spielberg sels bewearde dat dizze sinematografyske technyk bedoelt wie om te symbolisearjen hoe't leden fan it heechste nivo fan 'e Amerikaanske oerheid op dat stuit wisten dat de Holokaust oan 'e gong wie, mar neat diene om it tsjin te kearen. Hy sei: "It wie like dúdlik as in famke dat in read jaske oan hat en de strjitte del rint, mar dochs waard der neat dien om 'e Dútske spoarlinen te bombardearjen. Der waard neat dien om […] de ferneatiging fan it Jeropeeske Joadendom te fertraagjen." De measte filmkritisy fetsje it famke yn it reade jaske lykwols op as in symboal fan ferlerne ûnskuld. Perfester André H. Caron fan 'e Universiteit fan Montreal seach der "it reade bloed fan 'e Joaden" yn "dat offere waard oan 'e grouwel fan 'e Holokaust."

De sênes yn it konsintraasjekamp Płaszów waarden fierhinne yn dit âlde stiengat bûten Krakau filme.

De distribúsje fan Schindler's List waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 30 novimber 1993 yn Washington, D.C. yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum mei de filmmuzyk fan John Williams ferskynde op 16 desimber 1993 by platemaatskippij MCA.

De tillefyzjepremiêre fan Schindler's List wie op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC, dat de film op 23 febrewaris 1997 by hege útsûndering yn syn gehiel en ûnûnderbrutsen troch reklameblokken útstjoerde.

Schindler's List waard yn desimber 1994 útbrocht as VHS-keapfideo. De earste dvd-edysje fan 'e film kaam út op 9 maart 2004. De earste blu-ray-edysje ferskynde op 5 maart 2013.

Fan 'e filmkritisy krige Schindler's List oer it algemien tige positive resinsjes, en ek oaren, lykas de ynfloedrike praatprogrammapresintatrise Oprah Winfrey en presidint fan 'e Feriene Steaten Bill Clinton fiteren de minsken oan om 'e film te sjen. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 4 fan 4 stjerren. Hy fûn dat it de bêste film wie dy't Steven Spielberg ea makke hie. Yn 'e edysje út 2013 fan syn Movie and Video Guide parte Leonard Maltin oan Schindler's List ek 4 fan 4 stjerren ta. Hy omskreau de film as in "busterbaarlike adaptaasje fan 'e bestseller fan Thomas Keneally" en as "Spielbergs meast intinse en persoanlike film oant no ta".

De transporteur út 'e sêne wêryn't de opgroeven liken fan 'e fermoarde Joaden út it Getto fan Krakau ferbaarnd wurde.

Stephen Schiff fan it tydskrift The New Yorker fûn Schindler's List it bêste histoaryske drama oer de Holokaust dat ea makke wie en foarsei dat de film "syn plak yn 'e kultuerhistoarje ynnimme en dat behâlde sil". De Britske kritikus John Gross hie der yn 't foar oer soarge dat de film te sentiminteel wêze soe, mar yn syn resinsje foar The New York Review of Books joech er ta dat dy noed ûnnedich west hie. Hy skreau: "Spielberg lit sjen dat er syn ûnderwerpmateriaal sawol moreel as emosjoneel goed behearsket. De film is in treflike prestaasje."

Der wie ek krityk op Schindler's List, mar dy kaam folle mear fan histoarisy as fan filmkritisy. Sa skreau Sara Horowitz yn 1997 in essay mei de namme But Is It Good for the Jews? Spielberg's Schindler and the Aesthetics of Atrocity, wêryn't se derop wiisde dat it libben fan 'e Joaden yn it Getto fan Krakau yn 'e film fierhinne liket te bestean út it útlienen fan jild, swarthannel en it ferbergjen fan kostberheden. Dêrmei waarden neffens har negative stereotypen oer Joaden yn stân holden. De lege status fan froulju yn 'e ideology fan it nasjonaal-sosjalisme waard neffens har yn 'e film korrekt werjûn, mar se fûn it in swak punt dat de keppeling tusken dy lege status en geweld en seksualiteit net fierder ferkend waard. Ek fûn se it problematysk dat de measte personaazjes yn 'e film absolút goed of absolút kwea binne, mei frijwol neat dêrtuskenyn. Neffens har fertsjustermoannet dat it feit dat de measte dieders fan 'e Holokaust gewoane minsken wiene. It hie dêrom neffens har sawol foechsum as ynteressant west om sjen te litten hoe't sokke lju har grouweldieden foar harsels rasjonalisearren, dat se dermei libje koene.

In oar punt fan krityk, dat op 't aljemint brocht waard troch perfester Omer Bartov fan 'e Brown Universiteit, wie dat de sawol lichaamlik grutte as yn it senario sterk op 'e foargrûn pleatste personaazjes fan Schindler en Göth de Joadske slachtoffers fan 'e Holokaust yn har skaad stelle. Skriuwer Jason Epstein wiisde derop dat Schindler's List de falske yndruk wekket dat Joaden, as se mar fernimstich genôch wiene, de Holokaust oerlibje koene. Bartov, ta einsluten, bewarre syn fûleindichste krityk foar de ein fan 'e film. De sêne wêryn't Schindler yn gûlen útbarst om't er beseft dat er mear libbens rêde kinnen hie as er earder yn 'e oarloch oare karren makke hie, omskreau hy as "de alderwalchlikste kitsch" dy't "in grut diel fan 'e goede kanten fan 'e film sterk ûnderminet". Om Schindler op dy wize te humanisearjen, neamde Bartov "banaal" en teffens fûn er wat er "de sionistyske ein fan 'e film" neamde (krekt foar it begjin fan 'e epilooch) in grutte flater.

In plakette dy't as tinkteken oanbrocht is yn it gebou fan DEF, it eardere fabryk fan Oskar Schindler yn Krakau.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Schindler's List in suver net te ferbetterjen goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 128 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Yn [dizze film] komt de abjekte grouwel fan 'e Holokaust gear mei it teare humanisme dêr't Steven Spielberg patint op hat om it dramatyske magnum opus fan 'e regisseur te skeppen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Schindler's List in goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 26 resinsjes.

Yn 2004 waard Schindler's List troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Schindler's List brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $96,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $225,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $322,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22 miljoen betsjut dat in winst fan $300,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Schindler's List waard yn 1994 by de Oscars, de wichtichste prizen op it mêd fan film yn 'e Feriene Steaten en de wrâld, nominearre yn 12 kategoryen. Dêrûnder wiene de prizen foar bêste akteur (Liam Neeson), bêste byrol fan in akteur (Ralph Fiennes), bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en bêste lûd. De film wûn 7 Oscars, foar bêste film, bêste regisseur (Steven Spielberg), bêste adaptearre senario (Steven Zaillian), bêste kamerarezjy (Janusz Kamiński), bêste filmmuzyk (John Williams), bêste filmmontaazje (Michael Kahn) en bêste artdirection (Ewa Braun en Allan Starski).

By de Golden Globes, de op ien nei wichtichste groep filmprizen fan 'e Feriene Steaten en de wrâld, waard Schindler's List nominearre foar 6 prizen, wêrûnder bêste akteur yn in dramafilm (Liam Neeson), bêste byrol fan in akteur (Ralph Fiennes) en bêste filmmuzyk. De film wûn 3 Golden Globes, foar bêste film (drama), bêste regisseur en bêste senario.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Schindler's List nominearre foar 13 prizen yn 12 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Liam Neeson), bêste byrol fan in akteur (Ben Kingsley), bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en hierstilearring en bêste lûd. De film wûn 7 BAFTA's, foar bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Ralph Fiennes), bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk en bêste filmmontaazje.

Fierders wûn Steven Spielberg de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy en Steven Zaillian de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.