Scarlett-ein
| Scarlett-ein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| † Malacorhynchus scarletti | ||||||||||||
| Olson 1977 | ||||||||||||
| útstoarn | ||||||||||||
De Scarlett-ein (Malacorhynchus scarletti) is in útstoarne Nijseelânske einfûgel. De fûgel wie nau besibbe oan 'e Australyske rôze earein (Malacorhynchus membranaceus). De fûgel is ferneamd nei de Nijseelânske ornitolooch en palaeöntolooch Ron Scarlett, dy't it holotype yn 1941 ûntduts. Der wiene lykwols yn 1903 al earder net beskreaune subfossielen fûn, dy't yn 1998 yn it Otago Museum yn Dunedin op 'e nij ûntdutsen waarden. Teminsten 32 fossilen fan 'e soarte wurde yn kolleksjes fan musea bewarre.
De Scarlett-ein wie twa kear sa swier as syn Australyske sibbe en seach der fierder nei alle gedachten likernôch itselde út. De soarte koe fleane en libbe op it iepen wetter fan lagunes, sompen en ûndjippe marren. De fûgel libbe op it Noardereilân, it Sudereilân en Chatmaneilannen. Lykas syn Australyske sibbe filtere mei syn leppelfoarmige snaffel lytse organismen út it wetter.
Subfossilen binne yn jiskebylten fan Maori fûn en dêrút docht bliken dat de earste bewenners fan Nij-Seelân op 'e fûgel jaiden. De nêsten waarden mooglik plondere troch meinommen rotten. Der wurdt fanút gien dat de fûgelsoarte yn 'e 16e iuw útstoar.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|