Sayacatangare
| Sayacatangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thraupis sayaca | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sayacatangare (Thraupis sayaca) is in fûgelsoarte yn it skaai blauwe tangaren (Thraupis) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sayacatangare is in grutte tangare mei in relatyf sterke snaffel. It fearrekleed is blaugriis en de wjukken binne blauwer. De soarte liket op de azuerskoudertangare, mar is kleurleazer yn 'e fearren en hat ek net de blauwe skouder en it donkere plak foar it each.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde trije ûndersoarten erkend:
- Thraupis sayaca boliviana: noardlik Bolivia.
- Thraupis sayaca obscura: fan sintraal en súdlik Bolivia oant westlik Argentynje.
- Thraupis sayaca sayaca: eastlik en súdlik Brazylje, Paraguay, noardeastlik Argentynje en Oerûguay.
Sayacatangaranen wurde waarnommen oan boskrannen, lânbougebieten, stedsparken en tunen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoe grut de populaasje is, is net bekend. De populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sayaca komt fan it wurd Saí-acú yn 'e Tupí-taal, itjinge ferwiist nei it tige warbere karakter fan 'e fûgel en foar ferskillende soarten tangaren brûkt wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
