Sawa
In sawa (fan it Maleiske sawah) of rysfjild is in ikker foar de bou fan rys. It ferskilt fan in gewoane ikker trochdat rys in semy-akwatysk lânbougewaaks is, dat yn steand wetter groeie moat. Dêrta binne sawa's bedike of ommuorre mei lege wâlen fan liem. Yn heuveleftich terrein, dêr't it wetter normaliter by de heuvelskeanten del rinne soe, wurde sawa's yn terrasfoarm oanlein.
Om't de rys spesifike easken hat om optimaal te groeien, is de wetterhúshâlding tige wichtich. Pas as it tiid is om 'e rys te rispjen, kin men it wetter fuortrinne litte, hoewol't it ek dan faak noch stean bliuwt as der in twadde rispinge oanplante wurde moat. Behalven rys wurdt ek taro op dizze wize ferboud.
It wetter yn 'e sawa's tsjinnet net inkeld as groeimiljeu foar de rys en ta yrrigaasje, mar komt ek grûneroazje foar. In bykommend foardiel is dat ûnkrûd foar it meastepart net yn it wetter groeie kin. Yn it wetter fan 'e sawa's wurdt faak fisk útset. Sa tsjinje de fjilden behalven as ikker ek as fiskkwekerij. De fisken wurde letter wer fongen en opiten, en ûnderwilens bedongje se mei har kjitte de rys en frette de larven fan langpoaten op dy't har yn it wetter ûntwikkelje. Dat lêste bestriidt dan wer de fersprieding fan sykten lykas malaria. Wat it wetter en de fisken net bestride, binne de rotten, dy't troch de lânbougewaaksen en de hege wetterstân oanlutsen wurde. Dy kinne mei har fraat in protte skea oan 'e rispinge tabringe. Guon soarten binne sels nei dizze foarm fan lânbou ferneamd, lykas de rysfjildrôt (Rattus argentiventer) en de lytse rysfjildrôt (Rattus losea).

Der binne trije soarten sawa's: dy't ôfhinklik binne fan reinwetter, dy't op keunstmjittige wize befloeid wurde, en dy't yn moerasgebieten oanlein binne. Yn it wetterryk lânskip fan sawa's kin net folle fee holden wurde, hoewol't men yn 'e doarpen tusken de sawa's yn faak wol wat hinnen en in pear bargen hâldt. Fan âlds wurdt it lânwurk yn 'e sawa's mei de hân dien, of oars mei help fan in wetterbuffel.
De ierste sawa's waarden yn it Neolitikum troch de Pre-Austronezyske en Hmong-Miën-kultueren oanlein yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jangtsekiang yn súdlik Sina. Dêrwei fersprate dizze lânboutechnyk him oer grutte dielen fan Aazje, Oseaanje en Madagaskar. Tsjintwurdich binne sawa's ien fan 'e dominante foarmen fan bou yn Pakistan, Yndia, Sry Lanka, Nepal, Bûtan, Bangladesj, Birma, Tailân, Laos, Kambodja, Fjetnam, Maleizje, Brûnei, Yndoneezje, de Filipinen, Sina, Taiwan, Noard-Koreä, Súd-Koreä en Japan. Se komme ek foar yn noardlik Iraan, Mongoalje, noardlik Itaalje, de Camargue yn Frankryk, dielen fan 'e regio Falinsia, de Ebrodelta en de Guadalquivir yn Spanje, de Artibonitedelling yn Haïty, de Sacramentodelling yn Kalifornje en oan 'e easkust fan Brazylje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
