Springe nei ynhâld

Savannemosk

Ut Wikipedy
Savannemosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer shelleyi
Sharpe, 1891
IUCN-status: net bedrige

De savannemosk (Passer shelleyi) is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae). Earder waard de fûgel as in ûndersoarte beskôge fan 'e Masaimosk (Passer rufocinctus).

De savannemosk is in fûgel mei in streke rêch, in grize kroan en nekke en in swarte slabbe. Yn 'e flecht binne de readbrune boppedielen goed te sjen. De skaaien binne wat fearrekleed oanbelanget wakker allyk, mar it mantsje is oeral helderder fan kleur en hat mear readbrún op 'e kop. De soarte liket op 'e Somalyske mosk, mar it mantsje ferskilt troch in grize kroan en it wyfke troch folle mear kleur op 'e fearren. De Masaimosk is ek tige ferlykber, mar oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e savannemosk net en hat ljochte en gjin tsjustere eagen. De rop is in fleurich tsjilpen lykas oare soarten yn it skaai.

De fûgel komt foar yn súdeastlik Súd-Sûdan, noardlik Uganda, súdlik en eastlik Etioopje, noardwestlik Somaalje en it westlikste part fan Kenia. Hy wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Savannemosken wurde lokaal oantroffen op drûge savannes, mar ek yn lânbougebieten en soms om delsettings hinne, mar it is net in echte stedsfûgel.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It foerazjearjen wurdt meast op 'e grûn dien en hy yt meast sied en ynsekten.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in stabile ûntwikkeling fan 'e populaasje. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

De spesifike namme is ferneamd nei de Ingelske geolooch en ornitolooch George Ernest Shelley.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: