Saskatoon
Saskatoon | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Saskatchewan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 224.300 (2010) | |
Oerflak | 217,92 km² | |
Stêdekloft | 265.259 | |
Hichte | 481,5 m | |
Oar | ||
Stifting | 1883 | |
Tiidsône | CST (UTC−6) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.saskatoon.ca |
Saskatoon is de grutste stêd yn de Kanadeeske provinsje Saskatchewan. De stêd leit oan de rivier de Súd Saskatchewan.
Saskatoon hat in klimaat mei hjitte simmers en kâlde winters. Totaal hat Saskatoon sa'n 2381 oere sinne it jier, ien fan de heechste weardes fan Kanada.
Saskatoon is in wichtich sintrum foar de distribúsje fan Saskatchewan's lânbouprodukten, fral fan nôt. Mynbou is ek fan grut belang foar de stêd en omkriten.
De earste delsettingen yn wat letter Saskatoon wurde soe, kamen yn 1883 en 23 jier letter waard it plak offisjeel in stêd. De namme fan de stêd is ôflaat fan it Kreewurd mis-sask-quah-toomina wat in lokaal foarkommende frucht is.
Saskatoon wurdt wol The City of Bridges neamd fanwege de 7 brêgen dy't it hat. It ynternasjonale fleanfjild fan Saskatoon is ferneamd nei de eardere minister-presidint fan Kanada John Diefenbaker.
-
Wetterpark oan de rivier
-
Efterkant fan Hotel Bessborough
-
Yngong fan it Thorvaldsongebou, universiteit fan Saskatchewan
-
Universiteitsbrêge Saskatoon
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Umeå, Västerbotten, Sweden
- Shijiazhuang, Hebei, Folksrepublyk Sina
- Keulen, Noardryn-Westfalen, Dútslân
- Tampere, Pirkanmaa, Finlân
Berne yn Saskatoon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joanna Glass (* 1936), skriuwster
- Roy Romanow (* 1939), politikus
- Catriona LeMay-Doan (23 desimber 1970), reedrydster
- Edith Wiens (* 1950), operasjongster
- Dafydd Rhys Williams (* 1954), astronaut
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saskatoon fan Wikimedia Commons. |