Springe nei ynhâld

Wynbraudwerchspjocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sasia ochracea)
wynbraudwerchspjocht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljeSpjochten (Picidae)
skaaiSúdaziatyske dwerchspjochten (Sasia)
soarte
Sasia ochracea
Temminck, 1825
IUCN-status: net bedrige

De wynbraudwerchspjocht (Sasia ochracea) is in fûgel út de famylje spjochten (Picidae).

De wytbraudwerchspjocht is in tige lyts spjochtsje mei in lichemslingte fan mar 9-10 sm, in tige koart sturtsje en in lytse snaffel. It fearrekleed is olivegrien oan 'e boppekant en oranjebrún oan 'e ûnderkant. Efter it each hat er in wite wynbrau, dêr't de namme nei ferwiist. It mantsje hat in goudgiel plak op 'e foarholle, dat by it wyfke ûntbrekt.

De soarte komt foar yn Súdeast-Aazje en telt trije ûndersoarten:

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat er yn oantal ôfnimt, alhoewol net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: