Springe nei ynhâld

Saruskraanfûgel

Ut Wikipedy
saruskraanfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljekraanfûgels (Gruidae)
skaaisaruskraanfûgels (Antigone)
soarte
Antigone antigone
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De saruskraanfûgel (Antigone antigone) is in fûgel yn it skaai Antigone út 'e famylje kraanfûgels (Gruidae).

Kop fan 'e saruskraan.

De saruskraan is in tige grutte fûgel, de grutste yn syn famylje. Hy wurdt likernôch 1,50 m lang en weaget 7 oant 8,5 kg. Guon fûgels kinne 1,70 m en oant 12 kg swier wurde. Se ha in spanwiidte fan sa 2,8 m. It fearrekleed is griis, wylst de neakene hûd op 'e kop en boppekant fan 'e nekke read is. By it ear binne in pear dúdlik sichtbere wite dûnsfearkes. De skaaien ferskille net yn uterlik. Lykas oare kraanfûgels hat de saruskraan in lûde trompetrop.

It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit oer in grut part fan Súdeast-Aazje fan Pakistan oant Maleizje. De saruskraan waard yn 'e jierren 1960 ek ynfierd yn noardlik Austraalje (Queensland). De fûgel bliuwt meastentiids it hiele jier troch yn 'e selde regio, mar kin ôfhinklik fan 'e beskikberens fan wetter migrearje.

Yndia hat de grutste populaasje en dêr wurdt de soarte yn wiet lân en op iepen drûge en fochtige greiden en fjilden oantroffen. Yn Súdeast-Aazje en Austraalje liket de fûgel yn it briedseizoen de foarkar te jaan oan drûge savanne-eftige lânskippen mei lytse markes en winterdeis oan iepen keunstmjittige wiete gebieten.

De soarte wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:

  • A. a. antigone - Yndia, Nepal, Pakistan, earder mooglik ek Bangladesj (de grutste ûndersoarte)
  • A. a. sharpii - Birma, Kambodja, it suden fan Laos en Fjetnam (oerwinteringsgebiet yn Fjetnam)
  • A. a. gillae - Noard-Austraalje

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foerazjearjende fûgel.

De saruskraan is in omnivoar en yt fan planten, lytse wringedieren en amfibyën. Yn Yndia kin er it hiele jier troch briede, mei twa piken: in gruttere tusken july en oktober en in lytsere yn febrewaris-maart. Yn Súdeast-Aazje en Austraalje briedt de fûgel yn it reinseizoen. De soarte kriget ien of twa jongen, komselden trije.

Earder waard de fûgel yn it skaai Grus set, mar hjoed-de-dei wurdt de fûgel troch de measte autoriteiten yn it skaai Antigone ûnderbrocht. DNA-stúdzjes wize út dat de saruskraan nau besibbe is oan 'e Kanadeeske kraan, de brolgaakraan en de wytnekkraan, in groep dy't mear op opstân besibbe is oan 'e rest fan it skaai.

De IUCN kategorisearret de soarte as kwetsber (Vulnerable, 2016). Der wurdt tocht dat it oantal flink ôfnommen is troch ferneatiging fan habitats en fersmoarging en dat dy trend trochgiet. De wrâldpopulaasje soe neffens in rûzing fan 2016 út 13.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels bestean.

Resinte sifers litte in positiver byld sjen. Yn Uttar Pradesh yn Yndia waarden yn 2024 19.918 fûgels telt en de Yndiaaske populaasje groeit.[1] Neffens The international Crane Conservation Strategy wurdt de Australyske populaasje op 5.000 oant 10.000 fûgels rûsd.[2] Fierder is der sûnt 2022 groeiende populaasje yn Kambodja.[3]. Pakistan en Nepal ha lytse restpopulaasjes.

"Sarus" komt fan "śāras(a)" (शारस) út it Sanskryt, dat brûkt waard foar de kraanfûgel. Yn ferskate moderne Yndiaaske talen sit dat wurd noch; bygelyks yn it Hindy hjit de soarte sāras (सारस). Sarus is dus gewoan in oernommen lokale namme foar de fûgel.[4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: