Springe nei ynhâld

Sardynske wylde kat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sardynske lynks)
Sardynske wylde kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarteAfrikaanske wylde kat (Felis lybica)
ûndersoarte
Felis lybica sarda (?)
Lataste, 1885
status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Sardynske wylde kat is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar op it ta Itaalje hearrende eilân Sardynje, yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See. It is in kateftige fan ûnwisse taksonomyske status, mei't de klassifikaasje fan dit bist noch altyd kontroversjeel is. Tradisjoneel wurdt de Sardynske wylde kat sjoen as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). Under de wittenskiplike namme Felis lybica sarda genietet er yn Itaalje in wetlik beskerme status as in bedrige bist. De nijste ynsichten lykje der lykwols op te wizen dat it giet om in isolearre populaasje ferwyldere hûskatten (Felis catus).

De Sardynske wylde kat waard foar it earst yn 1885 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Fernand Lataste. Dyselde basearre him op in spesimen besteande út in hûd en in plasse dy't ôfkomstich wiene fan in boarre út Sarrabus op Sardynje. Lataste ornearre dat it gie om in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). Hy joech it bist dêrom de wittenskiplike namme Felis lybica sarda. (De namme Felis ocreata sarda waard fan 1910 ôf ek wol brûkt, mar Felis ocreata is in synonym fan Felis lybica.) Guon soölogen beskôgen de Sardynske wylde kat as in selsstannige soarte. Sa neamde G. Matorelli it bist yn 1896 Felis mediterranea, wylst de Amerikaanske soölooch Gerrit Smith Miller jr. it yn 1912 klassifisearre as Felis sarda.

In hiel ôfwikende miening wie de Italjaanske biolooch Pasquale Mola tagedien, dy't yn 1908 it idee oppenearre dat de Sardynske wylde kat eins in troch eilândwerchgroei krompen ûndersoarte fan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) wie. Hy woe it bist dêrom de wittenskiplike namme Lynx lynx sardiniae tahawwe. Mola basearre him op twa spesimina út 'e soölogyske kolleksje fan 'e Universiteit fan Sassari, mar Alessandro Ghigi, dy't deselde spesimina yn 1911 beseach, kaam ta de konklúzje dat it gewoan wylde katten wiene. De miening fan Ghigi waard yn 1981 befêstige by in nij ûndersyk fan 'e spesimina troch de Italjaanske soölooch Bernardino Ragni.

Neffens it soö-argeologysk ûndersyk dat de Frânske wittenskipper Jean-Denis Vigne yn 1992 op Sardynje en Korsika ferrjochte, soe de Sardynske wylde kat lykwols in geografysk isolearre populaasje ferwyldere hûskatten (Felis catus) wêze, dy't yn 'e Romeinske Tiid, yn 'e earste helte fan it earste milennium, op it eilân ynfierd wêze soe út it Heine Easten wei. Op basis fan 'e útkomsten fan dat ûndersyk waard de Sardynske wylde kat yn 2017 langer net mear beskôge as in jildige ûndersoarte troch de op dat mêd gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN). Lykwols binne yn Itaalje lang net alle soölogen it mei dy konklúzje iens.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sardynske wylde kat hat trochinoar in totale lichemslingte fan 50–70 sm fan 'e noas oan 'e sturtpunt ta, mei in sturt dy't likernôch heal sa lang is as de kop-romplingte. It gewicht bedraacht likernôch 1,6 kg foar de poes en 3,1–3,3 kg foar de boarre. De grûnkleur fan 'e pels is griis, dat boppe-op 'e kop en op 'e rêch oergiet yn in mear rodzige kleur. Dêroerhinne rint in patroan fan fertikale swarte streken dat sterk liket op dat fan in sipertske kat. De sturt hat in stikmannich swarte ringen en in swarte punt. De kop is rûn mei in koarte snút en puntige earen mei lytse eartoefkes.

Yn ferhâlding ta de Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) is de Sardynske wylde kat in slachje lytser en wat lichter. Ek hat de Jeropeeske wylde kat in grize grûnkleur oer it hiele lichem en ûntbrekke de toefkes oan 'e earpunten. Fierders hat de Jeropeeske wylde kat suver in plomsturt, wylst de Sardynske wylde kat langer hier op 'e rêch hat.

Sardynske wylde katten libje yn 'e Mediterrane nullewâlden op Sardynje, mar ek yn gebieten mei in protte strewelleguod en oare ûndergroei en tichte opgeande fegetaasje dy't him útwreidet fan 'e ûnherberchsume bergen oant yn ôfhandige, suver ûnberikbere dellings.

In Sardynske wylde kat wurdt de kamera gewaar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sardynske wylde kat is in tige skou bist, dat oerdeis ferburgen bliuwt middenmank tichte begroeiïng en rêst hâldt. Inkeld ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster ferlit er de feilichheid fan syn skûle om op jacht te gean. It is in robúst en linich bist dat tige goed klimme kin. As er minsken oankommen heart, siket er faak in feilich hinnekommen yn in beam, dêr't er tusken de blêden of de nullen tige dreech gewaar te wurden is.

Sardynske wylde katten liede in solitêr bestean en sykje inkeld yn 'e peartiid aktyf it selskip fan soartgenoaten op. Dy peartiid falt yn it iere foarjier, yn febrewaris of maart. Nei de pearing hat de boarre fierders neat mear út te stean mei it fuortplantingsproses. De poes smyt har jongen yn maaie of juny en bringt dy oer in perioade fan likernôch in fearnsjier allinnich grut.

De Sardynske wylde kat is in karnivoar en it op ien nei grutste lânrôfdier op Sardynje nei de Sardynske foks (Vulpes vulpes ichnusae). Hy fret benammen lytse wringedieren, lykas mûseftigen, wrotmûseftigen, amfibyen, hagedissen en lytse sjongfûgels, mar bejaget by gelegenheid ek gruttere bisten, lykas de patriis (Perdix perdix), de Kaapske hazze (Lepus capensis) en de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus).

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sardynske wylde kat hat op Sardynje eins gjin echte natuerlike fijannen, hoewol't jonge bisten wolris ta proai falle oan grutte ûlen of rôffûgels.

De Sardynske wylde kat is net beoardiele op status troch de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN), mei't dy organisaasje dit bist as in populaasje ferwyldere hûskatten beskôget. Yn Itaalje, lykwols, wurdt de Sardynske wylde kat beskôge as in seldsum lânseigen bist, dat in wetlik beskerme status hat ûnder de wittenskiplike namme Felis lybica sarda. De beskerming is fêstlein yn Wet nû. 503 fan 1981 Anneks III (dy't opsteld waard om 'e Konvinsje fan Bern út te fieren); yn Rjochtline nû. 43 fan 'e Jeropeeske Uny út 1992 Anneks D; en yn 'e Regionale Wet nû. 23 fan 1998. De Sardynske wylde kat wurdt benammen bedrige troch habitatferlies en habitatfragmintearring troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten, en mooglik ek troch hybridisearring mei de hûskat (Felis catus).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Note, op dizze side