Santomeeske poarperdo
| Santomeeske poarperdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columba thomensis | ||||||||||||
| Barboza du Bocage, 1888 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Santomeeske poarperdo (Columba thomensis) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 37 oant 40 sm lang en hat in griiseftige kop, in bordeauxread bealchje mei lytse wite plakjes en in heldergiele snaffel. Ek de poaten binne heldergiel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk op it eilân Sao Tomee yn 'e Golf fan Guinee, West-Afrika en komt dêr hjoed-de-dei noch it meast foar op 'e hegerlizzende, minder tagonklike oerwâldgebieten. Se komme heech yn 'e fruitbeammen foar fan primêr en sekundêr bosk, faak boppe 1300 m hichte. Yn it ferline is der op it eilân in soad bosk ferdwûn foar de oanlis fan plantaazjes, dy't hjoed-de-dei net mear brûkt wurde en ferwylderen ta sekundêr bosk, dêr't de fûgels ek libje kinne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste bedriging foar de fûgels foarmet de yllegale jacht. De do is grut en net skou en dêrfandinne maklik te sjitten. De Santomeeske poarperdo is dêrom foar it grutste part ferdwûn yn gebieten dy't maklik tagonklik binne. De Associação Monte Pico is aktyf op it eilân mei it doel de endemyske fûgelwrâld te beskermjen, de Santomeekske poarperdo is ien fan 'e soarten dy't in soad omtinken kriget. De populaasjes waard yn 2015 op 2600 oant 3700 fûgels rûsd. De soarte wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as bedrige (EN, 2021) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
