Santiago Calatrava
| Santiago Calatrava | ||
| arsjitekt | ||
| Santiago Calatrava (2010) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| echte namme | Santiago Calatrava Valls | |
| berne | 28 july 1951 | |
| berteplak | Falinsia | |
Santiago Calatrava Valls (Falinsia, 28 july 1951), koartwei Calatrava, is in Spaanske arsjitekt en sivyl yngenieur. Hy is bekend fanwegen it ûntwerp fan in soad oriïntaasjepunten oer de hiele wrâld, yn it bysûnder brêgen en treinstasjons, wêryn't op ynnovative wize konstruktyf ûntwerp mei arsjitektuer kombinearre wurdt.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Calatrava studearre yn 1974 ôf oan it Ynstitút foar arsjitektuer yn Falinsia en sân jier letter as yngenieur oan it Ynstitút foar Technology (ETH) yn Zürich. Yn datselde jier fêstige er syn earste kantoar yn Zürich. Yn 1989 iepene er in kantoar yn Parys, yn 1991 yn Falinsia en yn 2004 yn New York.
Troch de kombinaasje fan konstruksjelear en arsjitektuer kin Calatrava yn beide rjochtingen maklik syn paad fine. Hy kreëarret in soad fernijende wurken mei each foar sawol de foarmjouwing as de konstruksje. Syn arsjitektuerstyl soe as neofuturisme omskreaun wurde kinne.
Yn 1979 wûn er de Auguste Perret Award omdat er de kwaliteit fan Perrets wurk op it mêd fan konstruksjes op'e nij libben ynblaasde, en omdat er opnij de klam lei op it belang fan it hawwen fan in basiskonstruksje om in úteinlike foarm te kreëarjen.
Treinstasjons
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stasjon Zürich Stadelhofen (Zürich, 1990)
- Stasjon Lyon-Saint-Exupéry TGV (Lyon, 1994)
- Stasjon do Oriente (Lissabon, 1998)
- Station Luik-Guillemins (Luik, 2009)
- Stasjon Mediopadana alta velocità (Reggio nell'Emilia, 2013)
- WTC Oculus (New York, 2016)
- Stasjon Bergen België (Bergen, 2025)
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lusitania brêge (Spanje, 1988)
- Alamillobrêge (Spanje, 1992)
- Kronprinzenbrücke (Dútslân, 1996)
- Puente de la Mujer (Argentynje, 2001)
- James Joyce brêge (Ierlân, 2003)
- Calatravabrêge de Harp (Nederlân, 2004)
- Calatravabrêge de Citer (Nederlân, 2004)
- Calatravabrêge de Luit (Nederlân, 2004)
- Sundial brêge (Feriene Steaten, 2004)
- Ponte della Costituzione (Itaalje, 2008)
- Samuel Beckett brêge (Ierlân, 2009)
Oare bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Torre Telefónica (Barcelona, 1992)
- Ciutat de les Arts i les Ciències (Falinsia, 1998)
- Palau de les Arts Reina Sofía (Falinsia, 2005)
- Turning Torso (Malmö, 2005)
- Aeropuerto de Bilbao (Bilbao, 2000)
- Milwaukee Art Museum (Milwaukee, 2001)
- Auditorio de Tenerife (Santa Cruz de Tenerife, 2003)
- Palacio de Congresos de Oviedo (Oviedo, 2011)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
