Springe nei ynhâld

Santy Sû Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Santee Sioux Tribe of Nebraska)
Santy Sû Naasje
IngelskSantee Sioux Nation
lânseigenIsáŋyathi Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Nebraska
haadkertierNiobrara (Nebraska)
etnisiteitEastlike Dakota
ledetal2.700 (2013)
oprjochting1863
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatSanty Yndianereservaat
lokaasjenoardeastlik Nebraska
oerflak447,8 km²
ynwennertal880 (2000)
offisjele webside
www.santeedakota.org
kaart
Santy Sû Naasje (Nebraska)
Santy Sû Naasje
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Nebraska.

De Santy Sû Naasje (Ingelsk: Santee Sioux Nation; Dakota: Isáŋyathi Oyáte, útspr.: [i'sã:jatʰi o'ja:te], likernôch: "y-saanj-at-hy oo-jaa-tee"), foarhinne bekend as de Santy Sû Stamme fan Nebraska (Santee Sioux Tribe of Nebraska), is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Nebraska.

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1863, hat 2.700 leden, en it haadkertier is fêstige yn Niobrara, yn Nebraska. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen. De Santy Sû Naasje foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

It reservaat fan 'e Santy Sû Naasje is it Santy Yndianereservaat (Santee Indian Reservation) fan noardlik Nebraska, dat in oerflak hat fan krapoan 450 km², en dêr't yn 2000 likernôch 880 minsken wennen. It haadkertier fan 'e stamme, Niobrara, leit bûten it eigentlike reservaat; de grutste bewenne kearn ýn it reservaat is it doarp Santee.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota