Santa Maria Maggiore (Assisi)
| Hillige Marije de Meardere Santa Maria Maggiore | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Perugia | |
| plak | Assisi | |
| adres | Piazza del Vescovado | |
| koördinaten | 43°4'N 12°36'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 11e-12e iuw | |
| boustyl | romaanske arsjitektuer | |
| Webside | ||
| www.assisisantuariospogliazione.it | ||
| Kaart | ||
De Santa Maria Maggiore ('Hillige Marije de Meardere') of de Santuario della Spogliazione ('Hillichdom fan 'e Untliddiging') is ien fan 'e âldste tsjerken yn Assisi, Itaalje. De tsjerke stiet tegearre mei it biskoplike paleis oan it Piazza del Vescovado.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke datearret út 'e 11e en 12e iuw en waard op in âlder gebou út 'e iere kristlike tiid boud, dat op syn beurt wer boud wie op it plak fan in Romeinske domus of in Romeinske timpel. Yn 'e krypt binne hjoed-de-dei noch resten te sjen. De gevel is tige ienfâldich, fersierd troch twa fertikale lisenen en in sintraal roasfinster.
Yn 'e trijeskippige basilyk binne fresko's bewarre bleaun út de 14e en 15e iuw. Oarspronklik wiene de muorren nei alle gedachten hielendal mei fresko's oerdutsen.
Yn 'e klokketoer hingje fiif klokken.
Religieuze betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke wie oant 1039 de katedraal fan Assisi. Yn it oangrinzgjende biskoplike paleis die Fransiskus fan Assisi ofstân fan al it ierdske besit. De namme fan 'e tsjerke Hillichdom fan 'e Untliddiging ferwiist nei it ôfstân nimmen fan dat ierdske besit troch Sint-Fransiskus.
Grêftsjerke fna Carlo Acutis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 6 april 2019 waard it lichem fan de doe sillige Carlo Acutis nei de Santa Maria Maggiore en dêr yn in glêzen skryn yn it rjochter sydskip brocht om him dêr te ferearjen. Carlo Acutis waard op 7 septimer 2025 troch paus Leo XIV hillich ferklearre as earste hillige út de generaasje fan 'e millenials.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Santa Maria Maggiore (Assisi) fan Wikimedia Commons. |