Santa Maria Gloriosa dei Frari
| Santa Maria Gloriosa dei Frari | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| koördinaten | 45°26' N 12°19' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Patriarchaat Venetië | |
| patroanhillige | Marije-Himelfeart | |
| status | basilica minor | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | Sûnt 1340 | |
| boustyl | gotyk | |
| Webside | ||
| www.basilicadeifrari.it | ||
| Kaart | ||
De Santa Maria Gloriosa dei Frari, ek wol bekend as de Frari-tsjerke of koartwei Frari (Fenesjaansk foar 'bruorren'), is njonken de San Zanipolo it grutste en wichtichste goatyske religieuze gebou yn Feneesje. De roomske tsjerke leit oan 'e Campo dei Frari yn it stedsdiel San Polo en is wijd oan 'e Himelfeart fan Maria. It gebou is tige ryk oan keunstwurken, wêrûnder twa wichtige wurken fan Titiaan. Ek is de tsjerke ryk oan grêfmonuminten fan ferneamde Fenesjanen, wêrûnder dy fan 'e skilder Titiaan. Sûnt 1926 is de tsjerke in basilica minor. De twa eardere kleasters dy't by de tsjerke hearden, wurde sûnt 1817 brûkt foar it Steatsargyf fan Feneesje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1223 hinne setten Fransiskaanske minderbruorren harren yn in besteand kleastergebou nei wenjen oan 'e râne fan wat doe de sted wie. Dêr begûnen se om 1250 hinne mei de bou fan in lytse, oan 'e Mem Gods wijde tsjerke, de Santa Maria de' Frati Minori ("Sinte-Marij fan 'e Minderbruorren"), dy't yn 1280 ynwijd waard. Om 't de tsjerke al gau te lyts wie troch it grutte oantal minsken dat de preken fan 'e bruorren bywenne, waard dy sawat 40 m lange tsjerke yn 1340 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in nij gebou. Yn 1361 waarden de apsis en it dwersskip fan 'e tsjerke ynwijd. De klokketoer waard yn 1396 foltôge.

Yn 1420 waard súdwestlik fan 'e Milaneeske kapel de Capella Corner oanboud. De bou fûn plak yn opdracht fan Marco Corner, de heit fan 'e lettere keninginne Caterina Cornaro, en is wijd oan syn beskermhillige, Sint-Markus en befettet in triptyk fan Bartolomeo Vivarini mei de hilligen Markus, Hieronymus, Petrus, Nikolaas en Jehannes de Doper. Súdlik fan it sydskip waard tusken 1432 en 1434 de oan 'e apostel Petrus wijde Cappella Emiliana tafoege. Dy doopkapel waard as in grêfkapel troch de oprjochters brûkt, de famylje Emiliana. Beide kapellen hawwe in portaal nei de Campo dei Frari.

Healwei de 15e iuw waard de sakristy as in apart gebou yn it noardlike dwersskip boud. Yn 1468 krige de tsjerke it mei fjirtjin reliëfs fersierde doksaal, dêr't Bartlomeo Buon oan meiwurke hawwe soe. De koerbanken waarden yn itselde jier foltôge.
Tsjin 'e ein fan' e 15e iuw waard de gevel foltôge. Op 19 maaie 1518 waard Titiaan syn alterstik fan 'e Himelfeart fan 'e Jongfaam Marije boppe it heechalter set.
Scuola Grande di San Rocco
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westlik fan 'e Frari-tsjerke steane de tsjerke en it hûs fan 'e Frari-bruorskip fan Sint-Rochus, de Scuola Grande di San Rocco. Dêr binne wurken fan Tintoretto te sjen. Foardat de bruorskip yn 1489 in stik lân fan 'e Fransiskaanske muontsen fan 'e Frari-tsjerke krigen om har skoalle te bouwen, wie de skoalle yn it kleaster fan 'e Frari-tsjerke ûnderbrocht.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basilyk is in trijeskippige tsjerke mei in dwersskip en in groep fan seis lytse en ien sintrale koerkapel, dy't allegear mearsidich sletten binne,


(Titiaan).
- Krúskapel
- Monumint foar Canova
- Monumint foar de Doge fan Pesaro
- Madonna fan it Hûs fan Pesaro
- Emilianikapel of Cappella Emiliana
- Cornerkapel of Cappella Corner
- Milaneeske kapel of Capella Milanese
- Sint-Michaelskapel of Capella Trevisan
- Kapel fan 'e Fransiskaanske hilligen (Capella di S. Francesco)
- Koerbanken
- Koer
- Monumint foar de Doge Tron
- 12e-iuwsk krús
- Himelfeart fan Marije troch Titiaan
- Monumint foar Doge Foscari
- Doopkapel (cappella dei Fiorentini)
- Kapel fan pater Kolbe of Sakramintskapel
- Bernardokapel
- Pietà
- Alter fan 'e sakristy en triptyk fan Giovanni Bellini
- Sakristy mei skilderij Hagar yn 'e woastyn
- relikwy-alter
- Tagong nei de kapittelseal en it kleaster fan 'e Frari
- Muorre fan it rjochter dwersskip
- Monumint foar Jacopo Marcello
- Alter fan Sint-Katarina
- Alter fan Sint-Joazef fan Copertino
- Alter fan 'e Besnijenis fan Jezus
- Grêf fan 'e skilder Titiaan
- Alter fan Sint-Antonius fan Padua
Keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Madonna en Bern mei Nikolaas fan Myra, Petrus, Markus en Benediktus
Giovanni Bellini - Hagar yn 'e Woastyn
Giambattista Pittoni - De Jongfaam en Sint-Fransiskus
Bartolomeo Bon - Tombe fan Benedetto Pésaro
Lorenzo Bregno - Antonius fan Padua
Girolamo Campagna - Sint-Agnes
Girolamo Campagna - Sint Jehannes de Baptist
Donatello - Tombe fan Pietro Bernardo
Tullio Lombardo, - Tombe fan doge Niccolò Tron
Antonio Rizzo, - Sint Jehannes de Baptist
Jacopo Sansovino - Doge Francesco Dandolo en syn frou foarsteld oan 'e jongfaam troch Fransiskus en Elisabeth
Paolo Veneziano, - Portaal
- Hiëronymus van Stridon
Alessandro Vittoria - Sint-Ambrosius en oare hilligen
Alvise Vivarini - Troanende Sint-Markus
Bartolomeo Vivarini - Madonna en Bern mei hilligen
Bartolomeo Vivarini - Marije-Himelfeart
Titiaan - Grêfmonumint Titiaan
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
