Springe nei ynhâld

Santa Cruzeilannen

Ut Wikipedy
Santa Cruzeilannen
geografy
lokaasjeStille Oseaan
ûnderdiel fanSalomonseilannen
lân Salomonseilannen
koördinaten10°25'S 165°30'E
algemien
haadstêdLata
ynwennertal11.000
sifers
oerflak747.7 km²
kaart
Santa Cruzeilannen (Salomonseilannen)
Santa Cruzeilannen

De Santa Cruzeilannen foarmje in arsjipel yn 'e provinsje Temotû fan 'e Salomonseilannen. Se lizze likernôch 400 km súdeastlik fan 'e Salomonseilannen, wat noardlik fan 'e arsjipel fan Fanuatu. Se wurde ek rekkene ta de reinwâlden ekoregio fan Fanuatu. Somtiden wurdt de namme Santa Cruzeilannen foar alle eilannen yn 'e provinsje Temotu brûkt.

De Santa Cruzeilannen moatte net betiizge wurde mei it eilân Santa Cruz, it grutste bewenne eilân fan 'e Galápagoseilannen, dy't by Ekwador hearre.

De Santa Cruzeilannen waarden ûntdutsen troch de Spaanske kaptein Alvaro de Mendaña op 18 april 1595. Hy ferstoar it jier dêrop op it eilân Nendo.

Yn 1788 sonk it skip "Astrolabe" fan 'e Frânske seefarder Jean-François de La Pérouse foar de kust fan Vanikoro. Yn 1828 fûn Jules Dumont d'Urville dielen fan it wrak op syn wrâldreis.

Yn 1898 waarden de Santa Cruzeilannen, tegearre mei de Rennell- en Bellona-eilannen, anneksearre troch it Feriene Keninkryk. Utsein in koarte perioade yn 'e Twadde Wrâldkriich, doe't yn 1942 in grutte seeslach om de Santa Cruzeilannen plakfûn, bleau it gebiet Britsk, oant de Salomonseilannen yn 1978 ûnôfhinklike waarden.

De wichtichste eilannen binne Nendö (ek wol Ndeni-eilân of Santa Cruz-eilân neamd), Vanikoro en Utupua. De grutste stêd is Lata op it eilân Nendö. Dat is de haadstêd fan 'e provinsje Temotu.

Oersjoch basisdata fan 'e grutste eilannen:

Namme eilânoerflak
(km²)
YnwennertalHaadplakHichte
Koördinaten
Nendö 505.5 5.000 Lata 549 m 10°42'S 165°58'E
Vanikoro
(=Banie + Teanu)
173.2 1.293 Puma 924 m 11°39'S 166°53'E
Utupua 69.0 848 380 m 11°16'S 166°31'E
Santa Cruz Islands 747.7 7,141 Lata 924 m 11°00'S 166°15'E

De Santa Cruzeilannen binne minder as fiif miljoen jier âld en waarden omheech skood troch de tektoanyske subduksje fan 'e nei it noarden bewegende Yndo-Australyske plaat ûnder de Pasifyske plaat. De eilannen binne foar it grutste part opboud út kalkstien en fulkanyske jiske oer kalkstien.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: