Springe nei ynhâld

Sint-Andréasbasilyk (Mantua)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sant'Andrea (Mantua))
Sint-Andréasbasilyk
Basilica di Sant'Andrea
Lokaasje
lân Itaalje
plakMantua
koördinaten45°9' N 10°47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
statusbasilica minor
Arsjitektuer
arsjitektLeon Battista Alberti
boujier1472–1513
- 1790
boustylrenêssânse
monumintale statuswrâlderfgoed
Webside
parrocchiasantanselmomantova.it
Kaart
Sint-Andréasbasilyk (Itaalje)
Sint-Andréasbasilyk

De Sint-Andréasbasilyk (Italjaansk: Basilica di Sant'Andrea) is in roomsk-katolike tsjerke yn Mantua, Itaalje. De tsjerke is ûntwurpen troch Leon Battista Alberti en ien fan 'e belangrykste renêssânsetsjerken fan Itaalje. De tsjerke is in basilica minor en bewarret reliken fan it Hillich Bloed fan Kristus.

Yn 1470 joech Ludovico Gonzaga de arsjitekt Alberti opdracht om in tsjerke te ûntwerpen, dy't in gaadlik plak biede moast foar de ferearing fan in relikwy fan it Hillich Bloed. Alberti makke by syn ûntwerp foar it grûnflak fan 'e tsjerke gebrûk fan in antyk-romeinske muorreyndieling. Hy basearre syn ûntwerp op in saneamd Etruscum sacrum, in hillichdom út 'e Italjaanske âldheid. Op it plak fan sydskippen ûntwurp Alberti in rige kapellen, in wichtige ynnovaasje foar de tsjerke-arsjitektuer yn 'e lette renêssânse- en baroktiid.

Ynterieur Sint-Adréastssjerke.

Alberti, dy't him sterk op 'e antike arsjitektuer rjochte, stribbe nei in monumintaal effekt, dy't mei syn histoaryske foarbylden meunsterje koe. Hy ûntliende it machtige tonferwulft oan 'e basilyk fan Maksintius yn Rome. Yn 'e gevel kombinearre hy de âlde timpelgevel mei in triomfbôge mei flakke pilasters ynstee fan 'e wenstige pylders.

De earste boufaze rûn fan 1472 oant 1494. Alberti hat de foltôging fan 'e tsjerke yn 1514 net mear meimakke; hy stoar yn it jier dat de bou útein sette.

De hjoeddeiske foarm mei syn krusing en tamboerkoepelkrúspunt en trommelkoepel waard earst yn 'e 18e iuw boud. Alberti hie nei alle gedachten yn syn oarspronklik plan in healrûn ein fan it skip yn 'e holle. De arsjitekt fan 'e foltôging en de koepel yn 'e 18e iuw wie Filippo Juvarra .

De tsjerke besit skilderijen en it grêf fan 'e renêssânse-skilder Andrea Mantegna.

Op 'e sydgalerij stiet in oargel dat yn 1850 troch it oargelboubedriuw Fratelli Serassi út Bergamo boud waard. It ynstrumint hat registers op twa manualen en in pedaal en de traktueren binne mechanysk.

Hillich bloedrelikwy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De relykhâlders fan it Hillich Bloed.

Neffens de oerlevering waard it Hillich Bloed nei Mantua brocht troch in Romeinske soldaat mei de namme Longinus, deselde man dy't, neffens it evangeelje, Jezus mei syn spear trochstuts doe't er oan it krús hong (Jehannes 19:34). Longinus soe ta ynkear kaam wêze, it bloed fan Kristus sammele hawwe en nei syn berteplak Mantua weromgien wêze. Longinus ferstoar yn 37 n.Kr. as martler fan it leauwen en de reliken waarden dêrnei yn in urn yn 'e grûn bedobbe.

Yn it jier 804 (guon boarnen neame 805) soe it relikwy by tafal weromfûn wêze en it waard fuortendaliks as in tige hillige skat beskôge. in lyts part fan it Hillich Bloed waard troch Karel de Grutte oan 'e keninklike kapel yn Parys skonken, de (Sainte-Chapelle). Mantua waard dêrnei in wichtich pylgerplak, fral yn 'e midsiuwen.

It Hillich Bloed wurdt yn in grutte krypt ûnder it haadalter bewarre. Allinne op grutte feestdagen wurde de reliken toant oan it folk, foaral op Goed Freed en somtiden by spesjale prosessys.[1]

It Hillich Bloed fan Mantua hat yn 'e rin fan 'e iuwen in fûnemintele rol spile yn it religieuze libben fan 'e stêd. Troch de ferbining mei it lijen fan Kristus en de figuer fan Longinus waard Mantua yn 'e hege midsiuwen in sintrum fan 'e ferearing fan bloedreliken, te ferlikenjen mei Bologna of Brugge.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sant’Andrea (Mantua)