Sangihe-eilannen
Sangihe-eilannen | ||
![]() | ||
emblemen | ||
![]() | ||
geografy | ||
lokaasje | Selebessee | |
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
koördinaten | 3°35'S 125°30'E | |
algemien | ||
ynwennertal | 142.000 (2022)[1] | |
sifers | ||
oerflak | 1.056 km² | |
heechste punt | Mount Awu: 1.320 m [2] | |
kaart | ||
De Sangihe-eilannen (ek de Sangir-eilannen) binne in groep eilannen yn it noarden fan Yndoneezje tusken de noardpunt fan Selebes en de Filipinen. Se hearre by de provinsje Noard-Sulawesi (Sulawesi Utara). Haadstêd fan it regintskip Tahuna.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen lizze yn 'e Selebessee, tichteby de grins mei de Filipinen. De wichtichste eilannen binne Sangihe Besar (Sangir), Siau, Tagulandang. Fierder binne der noch in soad lytsere eilannen.

It lânskip is bercheftich en fulkanysk. De Mount Awu op it haadeilân Sangihe Besar is ien fan 'e aktyfste fulkanen fan Yndoneezje. De regio leit yn in geologysk aktive sône, itjinge mooglike ierdskoddings en fulkaanútbarstings betsjut.
De Sitaro-eilannen súdlik fan 'e Sangihe-eilannen foarmje sûnt 2010 langer gjin ûnderdiel fan it regintskip Kepulauan Sangihe en binne no in apart regintskip (Kepulauan Sitaro). De grutste plakken binne: Tahuna, Beo en Tamako.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen dreaune eartiids hannel en hiene kulturele bannen mei de Filipinen en fral ek mei de Minahasa. It gebiet kaam yn 1677 ûnder Nederlânsk bestjoer en dat bleau sa oant de ûnôfhinklikens fan Yndoneezje.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking praat Sangireesk, in taal d't besibbe is oan talen yn it noarden fan Selebes en it suden fan 'e Filipinen. Bahasa Indonesia is de offisjele taal.
De befolking is yn mearderheid kristlik, fral protestantske. Der binne ek roomsk-katoliken en in lytse minderheid is islamitysk. De mienskip is hecht en de minsken ha in sterke bining mei de natoer en de see.
De minsken libje fral fan fiskerij, lânbou en jimmeroan faker fan ekotoerisme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|