Sander van de Pavert

Ut Wikipedy
Sander van de Pavert
akteur
Sander van de Pavert (2018)
Sander van de Pavert (2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 febrewaris 1976
berteplak De Haach
jierren aktyf 2003-no
offisjele webside
IMDb-profyl
Van de Pavert (2020)

Sander van de Pavert (De Haach, 21 febrewaris 1976) is in Nederlânsk tf-programmamakker, akteur, regisseur en kollumnist dy't wurket ûnder de skûlnamme LuckyTV.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van de Pavert studearre yn 2000 ôf as grafysk ûntwerper oan de Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam. Dêrnei wurke er in skoftke as foarmjouwer, mar rjochte him rillegau op it bewurkjen fan fideo.
Yn 2003 wurde LuckyTV’s koarte fideo’s foar it earst útsjoerd op de nasjonale telefyzje, mei alle dagen in bydrage oan it VARA-programma Vara Laat.[1] Sûnt produsearre LuckyTV mear as 1500 koarte filmpkes foar ferskate telefyzjeprogramma’s.[2]

Filmpkes en wurkwize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmpkes fan LuckyTV duorje likernôch twa minuten. Meastal wurdt dêryn op lichtfuottige wize kommintaar jûn op in aktueel barren. Oare kearen giet it om ophimselsteande koartswillige filmkes, sûnder dat der ferwiisd wurdt nei aktualiteiten. LuckyTV brûkt meast al besteand byldmateriaal dat dêrnei bewurke as manipulearre wurdt; ynterviews wurde ferknipt ta absurde petearen, akteurs wurde neisyngronisearre of voice-overs wurde ferfongen.

Alle filmkes wurde fan Van de Pavert sels skreaun, regissearre en montearre. Soms ferskynt er sels yn byld, mar hy seit dat er leaver efter as foar de kamera stiet.[3]

De Wereld Draait Door[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2005 leverret LuckyTV in deistige bydrage oan it telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door.

Jinek en BEAU[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

"De Wereld Draait Door" hold op yn maart 2020 en sûnt dy tiid wie LuckyTV in skoft net mear op de lineêre telefyzje te finen. Fan septimber 2020 ôf wienen de filmkes noch inkelde moannen de útsmiter fan de praatprogramma's Jinek en Beau op RTL 4. Unferwachte einige de searje. It is noch ûnbekend oft en wannear 't dy wer oppakt wurde sil. [4]

Earfolle fernijing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 waard LuckyTV mei eare neamd foar syn bydrage oan De Wereld Draait Door troch de Nipkow-sjury. Hy krige de oanmoedigingspriis ‘omdat zijn absurde items actuele situaties verdraaien, ontregelen en uitvergroten.’[5]

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

LuckyTVs bydragen oan telefyzjeprogramma’s sûnt 2002, de wichtichste:

LuckyTV makke twaris in rige koarte telefyzjeprogramma’s:

Sûnt 2008 hat LuckyTV alle wiken in kollumn yn de Varagids.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Revu: Filmen met een koevoet.
  2. Webside LuckyTV: Oer Lucky
  3. De Volkskrant: LuckyTV: verknipte fragmenten vol absurde humor.
  4. Wanneer is LuckyTV weer terug op tv?, GidsTV, 18 jannewaris 2023
  5. Het Parool