Sanaksarkleaster
Kleaster Sanaksar Санаксарский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
republyk | Mordoovje | |
plak | Temnikov | |
koördinaten | 54° 39' N 43° 09' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 1659 | |
opheffing | 1929 | |
weriepening | 1991 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | Twadde helte 18e iuw | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 1310041000 | |
Webside | ||
sanaksary.ru | ||
Kaart | ||
It Sanaksar-kleaster fan 'e Berte fan 'e Mem Gods (Russysk: Рождество-Богородичный Санакса́рский монастырь) is in Russysk-otterdoks kleaster oan 'e Mosksja, in sydrivier fan 'e Oka, yn 'e omkriten fan Temnikov yn 'e Russyske republyk Mordoovje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1659 ûnder it bewâld fan tsaar Aleksej I stifte op sa'n trije werst fan Temnikov oan 'e lofter kant fan 'e rivier de Moksja. It marke dat by it Sanaksar-kleaster leit joech de namme, letterlik betsjut dat yn it lokale dialekt "lizzend yn in sompige delte by de heuvel".
In iuw nei de stifting rêde it kleaster it net mear; it ferlear de selsstannigens en waard tawiisd oan it Sarov-kleaster. Under de starets Fjodor (1718–1791), in omke fan 'e ferneamde marine-kommandant Fjodor Usjakov (1744-1817), waard it kleaster wer opboud en makke it in nije bloeiperioade troch. De houten gebouwen waarden ferfongen troch stiennen gebouwen en it Sanaksarkleaster ûnjoech him mei Sarov ta in wichtich spiritueel sintrum fan it Keizerryk.
Fjodor (boargelike namme Ivan Ignatjevitsj Usjakov) en syn omkesizzer Fjodor Usjakov binne yn it kleaster byset en beide troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre. Ek tsjintwurdich wurde harren reliken noch altiten fereare yn it kleaster.
Nei de Oktoberrevolúsje moast it kleaster yn oktober 1929 de poarten slute.
It regear fan Mordoovje naam yn 1991 it beslut it eardere kleasterkompleks werom te jaan oan it bisdom Saransk. Op 26 maaie 1991, op 'e feestdei fan 'e Hillige Trije-ienheid, waard der foar it earst wer in tsjinst fierd.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gebouwen fan it kleaster datearje út de twadde helte fan 'e 18e iuw. De haadyngong fan it troch muorren en gebouwen omsletten kleaster wurdt foarme troch de 52 meter hege, oan 'e Transfiguraasje wijde, poartetsjerke (1774-1776). Yn it súdeastlike diel stiet de ienkoepelige Vladimirtsjerke (1780-1782). De gastenferbliuwen lizze oan 'e westlike kant fan it kompleks. Sintraal op it terrein stiet de monumintale katedraal (1765-1773), dy't wijd is oan 'e berte fan de Mem Gods en boud wurde koe mei donaasjes fan Katarina de Grutte. It fiifkoepelige gebou yn 'e styl fan 'e barok en rokoko bestiet út in boppe- en benedentsjerke en is sawol oan 'e binnen- as bûtenkant ryk dekorearre.
In pear hûndert meter bûten it kompleks leit it ommuorre tsjerkhôf mei de klassisistyske Ferrizenistsjerke (1805-1810).[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Санаксарский монастырь
|