Springe nei ynhâld

San Pietro in Vincoli

Ut Wikipedy
San Pietro in Vincoli
San Pietro in Vincoli
San Pietro in Vincoli
Lokaasje
lân Itaalje
plak Flagge fan Rome Rome
koördinaten 41° 53' N, 12° 29' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Rome
patroanhillige Petrus
wijd oan De befrijing fan Petrus
Arsjitektuer
boujier 5e iuw
boustyl Renêssânse
Barok
Kaart
San Pietro in Vincoli (Rome)
San Pietro in Vincoli

De San Pietro in Vincoli is in Roomsk-Katolike basilyk yn Rome. De basilyk is mids 5e iuw boud op de Esquiline heuvel de grutste fan 'e sân heuvels fan Rome.

Grêfmonumint Julius II

De tsjerke is benammen bekend om't dit plak biedt oan it grêfmonumint foar Paus Julius II, ûntwurpen en diels makke troch Michelangelo. It meast promininte en bekende byld fan dit grêfmonumint is it stânbyld fan Mozes. It byldet Mozes út nei syn weromkommen fan de Sinaï berch mei de twa gebodstafels. Dat monumint soe oarspronklik folle grutter wurde en yn de Sint-Pitersbasilyk komme te stean. De San Pietro yn Vincoli wie titeltsjerke fan Paus Julius II doe't dy noch kardinaal wie.

De basilyk hat ferskate restauraasjes en ferbouwingen ûndergien wêrûnder restauraasjes troch de pausen Adrianus I, Sikstus IV en Julius II. Der wie ek in renovaasje yn 1875. De foardoar is fan de hân fan Baccio Pontelli út 1475. It ynterieur hat in skip en twa dwersskippen, mei trije apsissen en antike pylders yn Doarische styl.

De keunstskilder en byldhouwer Antonio Pollaiuolo is links fan de yngong begroeven. Ek de Dútske humanist en kardinaal Nicolaus Cusanus is hjir begroeven en de keunstner Giulio Clovio.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: