San Gimignano
|
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
San Gimignano is in midsiuwske ommuorre stêd yn 'e provinsje Siena yn 'e Italjaanske regio Toskane. In soad toeristen bringe fanwegen de midsiuwske arsjitektuer in besite oan 'e stêd.

San Gimignano is bekend fanwegen de fjirtjin tuorren, dy't it oansjen fan 'e stêd bepale. De tuorren waarden boud troch rike famyljes tusken de 12e en 14e iuw en tsjinnen as wenten en fersterkingen, mar fral om harren oansjen dermei te ûnderstreekjen. By konflikten tusken rivalisearjende famyljes, of tusken oanhingers fan 'e Welfen oan 'e iene kant en de Ghibellinen oan 'e oare kant, holden de minsken har skûl tusken de tuorren en fochten se dêr bluodrige skelen út. Op it hichtepunt stiene der 72 fan sokke tuorren yn San Gimignano.
Yn 'e lette midsiuwen wie de stêd tige woltierich fanwegen de lizzing oan 'e pylgerrûte nei Rome. De pest fan 1348 en letter de omlizzing fan 'e pylgerrûte feroarsaken in ekonomyske delgong. Dat betsjutte lykwols wol it behâld fan it midsiuwske karakter fan 'e stêd.
It histoaryske sintrum fan San Gimignano waard yn 1990 UNESCO-wrâlderfgoed. De stêd is ien fan 'e bêst bewarre stêden fan Toskane en is ek ien fan 'e meast besochte stêden fan 'e regio.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ek mei UNESCO-jild yngreven restaurearre stêd is folslein ommuorre. De lêste muorre datearret út 'e 13e iuw. De wichtichste poarten binne:
- yn it suden: de Porta San Giovanni;
- yn it noardwesten: de Porta San Matteo;
- yn it noardeasten: de Porta S. Jacopo.
Alle strjitten liede nei it heechste punt fan it doarp, dêr't it Piazza della Cisterna en it Piazza Duomo lizze. It Piazza della Cisterna is ferneamd nei de 13e-iuwske put, dy't de wetterboarne foar de ynwenners wie. Nijsgjirrige midsiuwske gebouwen en tuorren omklamme it plein. De namme Piazza Duomo ferwiist nei de oanbuorjende tsjerke, de Collegiata. Ofgeand op 'e namme fan it plein soe it om in katedraal gean, mar San Gimignano hat nea in bisdom west en de tsjerke is dus ek gjin katedraal.

- De Collegiata is in tsjerke mei in ienfâldich eksterieur ,mar it ynterieur dêrfoaroer is hielendal fersierd mei fresko's fan û.o. fan Benozzo Gozzoli, Taddeo di Bartolo, Lippo Memmi en Bartolo di Fredi.
- It baptistearium hat in troch Ghirlandaio skildere fresko fan 'e Ferkundiging.
- De Torre Grosso is mei 54 meter de heechste toer fan San Gimignano. De toer stiet njonken it Palazzo del Popolo, it stedhûs en it museum
Dêrnjonken binne ek it neamen wurdich:
- De Sant'Agostino is in tsjerke mei in ryk ynterieur. It hat in moarmeren alter fan Benedetto da Maiano en wurken fan ûnder oaren Benozzo Gozzoli, Lippo Memmi, Piero del Pollaiuolo en Bartolo di Fredi.
- De Spezieria di Santa Fina is ien fan 'e âldste apteken yn Toskana, oansletten by Spedale di Santa Fina.
De smelle strjitten fan San Gimignano binne autofrij.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Museo Civico hat in fresko fan Lippo Memmi en skilderijen fan û.o. Anzo da Siena, Benozzo Gozzoli en Filippino Lippi.
- It Museo Archeologico is ûnderbrocht yn it eardere kleaster fan Sinte-Klara (ex convento di Santa Chiara).
Patroanhilligen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De patroanhilligen fan 'e stêd binne Fina van San Geminiano en Geminianus fan Modena.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boarne op it Piazza Cisterna.
- Palazzo Comunale.
- Augustinustsjerke.
- Kollegiate.
- Sint-Jehannespoarte.
- Piazza delle Erbe.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
