San Cristóbal (Galápagos)
| San Cristóbal | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Stille Oseaan | |
| lân | ||
| koördinaten | 0°49'S 89°25'W | |
| algemien | ||
| ynwennertal | ± 6.000 | |
| sifers | ||
| oerflak | 558 km² | |
San Cristóbal (Spaansk: Isla San Cristóbal ), ek wol bekend as Chatham-eilân, is it eastlikste eilân en ek geologysk ien fan 'e âldste eilannen fan 'e Galápagos-arsjipel. Bestjoerlik makket it diel út fan it kanton San Cristóbal, Ekwador.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]San Cristóbal is Spaansk foar Sint-Kristoffel, de katolike beskermhillige fan seelju.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân San Cristobal bestiet út trije of fjouwer deade fulkanen en hat de âldste permaninte delsetting fan 'e arsjipel. It is it eilân dêr't Darwin yn 1835 foar it earst oan lân gie. De lytse mar mei de namme El Junco is de ienige boarne fan swiet wetter op 'e eilannen. De beskikberens fan swiet wetter is wat late ta de iere delsetting fan San Cristobal.
Yn 1880 waard in strafkoloanje op it eilân boud foar finzenen fan it fêstelân fan Ekwador. Dy strafkoloanje feroare letter yn in militêre basis foar Ekwador en in eksportsintrum foar de produkten fan it eilân, ynklusyf sûker, kofje, kassave, fee, fisk en limoen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]San Cristóbal hat in oerflak fan 558 km² en it heechste punt is 730 m boppe seenivo. It ynwennertal bestiet út likernôch 6000 minsken. San Cristóbal is it fruchtberste eilân fan 'e arsjipel en op Santa Cruz nei it meast befolke. It haadplak fan 'e arsjipel, Puerto Baquerizo Moreno, leit op 'e súdwestlike punt fan it eilân.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân wurdt befoarriede troch San Cristóbal Airport mei deistige flechten fan Quito en Guayaquil.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it eilân libje fregatfûgels, Galápagos-seeliuwen, Galápagos-skyldpodden, blau- en readpoatginten, tropyske fûgels, seeleguanen en swellesturtseefûgels. It wurdt troch BirdLife International as in wichtich fûgelgebiet (IBA) erkend. De begroeiïng bestiet û.o. út Calandrinia galapagosa, Lecocarpus darwinii en beammen lykas Lignum vitae en Matazarna. Yn it wetter libje û.o. haaien, dolfinen, roggen en kreeften.
De grutste swietwettermar fan 'e arsjipel, Laguna El Junco, leit yn in krater yn 'e heechlannen fan San Cristóbal yn 'e súdlike helte fan it eilân. De mar biedt in soad fûgels in habitat, mar om dêr te kommen is it in kuier omheech. Ticheby is La Galapaguera, in briedplak en in reservaat foar reuzeskylpodden.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De measte ynwenners fan it eilân San Cristóbal fertsjinje harren brea mei it wurkjen foar de oerheid, it toerisme en yn 'e fiskerij. De mearderheid fan 'e ynwenners fan San Cristóbal wennet yn 'e havenstêd Puerto Baquerizo Moreno, de haadstêd fan 'e provinsje Galápagos. Toeristyske plakken op it eilân tichter by de stêd Puerto Baquerizo Moreno binne ûnder oaren de Cerro Tijeretas, in koloanje foar fregatfûgels en in stânbyld fan Charles Darwin op it plak dêr't er foar it earst op 'e Galápagoseilannen oan lân gie by de twadde reis fan HMS Beagle op 16 septimber 1835. La Loberia, in koloanje seeliuwen, leit likernôch tsien minuten mei de bus fan 'e stêd.
Lokale boattochten bringe besikers ek nei twa populêre dûkplakken yn 'e buert. León Dormido foarmet de oerbliuwsels fan in lavakegel, no yn twaën spjalte. Isla Lobos ("Seeliuweilân") is ek in nêstplak foar blaupoatgint.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
