Springe nei ynhâld

Sam Rivers

Ut Wikipedy
Sam Rivers
sjonger en/of muzikant
Sam Rivers (2013)
Sam Rivers (2013)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSamuel Robert Rivers
nasjonaliteit Amerikaansk
berne2 septimber 1977
berteplakJacksonville
stoarn18 oktober 2025
wurkpaad
lid fanLimp Bizkit
sjenreMetal
ynstrumintBasgitaar
grutste hit(s)Nookie
My Generation (The Who cover)
Take a Look Around
Behind Blue Eyes (The Who cover)
jierren aktyf1994-2025

Samuel Robert (Sam) Rivers (Jacksonville, 2 septimber 1977 - 18 oktober 2025), wie in Amerikaansk bassist. Rivers wie benammen bekend as bassist fan Limp Bizkit.

Rivers trof Fred Durst foar it earst doe't er wurke by in Chick-fil-A yn in winkelsintrum yn Jacksonville. De twa rekken oan de praat en ûntdutsen dat se ferskate ynteresses hiene, wêrûnder skateboarden en muzyk. Se besleaten om tegearre wat muzikaal om te gean pielen. Tegearre mei in tal oare minsken foarmen se net folle letter in koartstjondige band mei de namme Malachi Sage.

Doe't de band net fan de grûn kaam, besleaten de twa it nochris te besykjen, yn 1994 rjochten se tegearre mei John Otto, Limp Bizkit op. Letter, yn 1996, kamen Wes Borland en DJ Lethal derby.

Yn 2015 moast Rivers in stap weromdwaan by Limp Bizkit fanwege in leveroandwaning as gefolch fan oermjittich alkoholgebrûk. Rivers ûndergie in levertransplantaasje en stie yn 2018 wer mei de band op it poadium.

Sam Rivers ferstoar op 18 oktober 2025, yn 'e âldens fan 48 jier.

AlbumUtbrocht opBandSingle(s)
Three Dollar Bill, Y'all 1 july 1997 Limb Bizkit Counterfeit,
Sour,
Faith
Significant Other 22 juny 1999 Nookie,
Re-Arranged,
N 2 Gether Now,
Break Stuff
Chocolate Starfish
and the Hot Dog Flavored Water
16 oktober 2002 Take a Look Around,
My Generation (The Who cover),
Rollin' (Air Raid Vehicle)
My Way
Boiler
Results May Vary 23 septimber 2003 Eat You Alive,
Behind Blue Eyes (The Who cover)
Gold Cobra 28 juny 2011 Shotgun,
Gold Cobra
Still Sucks 31 oktober 2021 Dad Vibes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:EN