Salwan Momika
Salwan Momika | ||
![]() | ||
Salwan Momika (2023) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Salwan Sabah Matthew Momika | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 23 juny 1986 | |
berteplak | Qaraqosh | |
stoarn | 29 jannewaris 2025 | |
stjerplak | Södertälje ![]() | |
etnisiteit | Assyrysk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | Aktivist |
Salwan Sabah Matthew Momika (Qaraqosh, 23 juny 1986 – Södertälje, 29 jannewaris 2025) wie in Iraakske aktivist fan Assyrysk komôf dy't taflecht socht yn Sweden dêr't er ferneamd waard om syn fûle krityk op en iepenbiere protesten tsjin de Islam. By syn protesten ferbaarnde er in kopy fan 'e Koraan, eat dat troch moslims as tige offensyf beskôge wurdt. Hy stjoerde syn protesten út op TikTok, dêr't hy in grutte oanhing krige.[1]
Op 'e jûn fan 29 jannewaris 2025 waard hy deasketten yn syn hûs yn Södertälje tidens in TikTok-útstjoering. Hy soe in dei letter in útspraak krije by in Sweedske rjochtbank yn in saak fan it oantrúnjen fan religieuze haat. Yn Irak hat de stêd al-Kufa in beleanning fan twa miljoen dollar en in Koaran út twa kilogram goud oanbean oan wa't him fermoarde hat.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |