Springe nei ynhâld

Salvinstikelmûsgoffer

Ut Wikipedy
salvinstikelmûsgoffer
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûsgoffers (Heteromyidae)
skaaistikelmûsgoffers (Heteromys)
soarte
Heteromys salvini
Thomas, 1893
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De salvinstikelmûsgoffer of Salvins stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys salvini; foarhinne: Liomys salvini) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar yn grutte dielen fan Midden-Amearika, dêr't it benammen libbet yn drûgere en mear iepen dielen fan it leechlânsk tropysk reinwâld. Salvinstikelmûsgoffers binne solitêr libjende nachtdieren mei in fierhinne (mar net folslein) herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.

De salvinstikelmûsgoffer waard yn 1893 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske mammalooch Oldfield Thomas. Dyselde basearre him dêrby op in spesimen dat ôfkomstich wie út 'e neite fan Dueñas yn it departemint Sacatepéquez yn it suden fan Gûatemala. Thomas ferneamde dit bistke nei syn lânsman Osbert Salvin (1835–1898), in biolooch dy't benammen aktyf wie op 'e mêden fan 'e ornitology en de herpetology. De salvinstikelmûsgoffer waard troch Thomas daliks al yndield yn it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys), mar letter stie it bistke lange tiid bekend ûnder de wittenskiplike namme Liomys salvini. Yn 'e 2000-er jierren kaam lykwols fêst te stean dat it skaai Liomys parafyletysk en dêrom taksonomysk ûnjildich wie. Alle soarten út dat skaai kamen doe by de stikelmûsgoffers te hearren.

It ferspriedingsgebiet fan 'e salvinstikelmûsgoffer wreidet him út by de Pasifyske kust fan in grut diel fan Midden-Amearika lâns. It begjint yn it súdwesten yn 'e Meksiko, dêr't it dielen fan 'e súdeastlike steaten Oaxaca en Chiapas omfettet. Dêrwei rint it troch fia de súdlike helte fan Gûatemala en frijwol hiel El Salvador nei twa net streekrjocht opinoar oanslutende parten fan Hondoeras, yn it noardwesten en it suden fan dat lân. Yn Nikaragûa beslacht de fersprieding fan 'e salvinstikelmûsgoffer de westlike helte fan it lân, inkele eilantsjes yn 'e grutte Nikaragûamar ynbegrepen. It ferspriedingsgebiet einiget yn Kosta Rika, dêr't it it Nicoyaskiereilân en oanbuorjende dielen fan it fêstelân omfiemet.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De salvinstikelmûsgoffer is frij lyts foar in stikelmûsgoffer. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 10,3–14,0 sm, mei in sturtlingte fan 9,7–14,4 sm en in gewicht fan likernôch 45 g. Der bestiet yn dizze soarte wat seksuele dimorfy yn 'e sin dat de mantsjes justjes grutter en swierder binne as de wyfkes. De earkes mjitte 1,2–1,6 sm en de efterpoaten hawwe in lingte fan 2,6–3,0 sm. Krekt as oare mûsgoffers hat de salvinstikelmûsgoffer útwindige, mei hier befuorre wangpûden, dy't as in soartemint bûsen oan 'e bûtenkant fan 'e wangen sitte. De pels bestiet út rûch hier dêr't lytse hurde stikels trochhinne sitte.

Hoewol't de kleur fan 'e pels regionaal wat fariëarje kin, is dy op 'e rêch en de oare boppeste lichemsdielen altyd griis of grizich brún en op 'e bealch, it boarst, de kiel en de poatsjes krêmkleurich. De frijwol keale sturt is likernôch like lang as it lichem en hat oan 'e ûnderkant in ljochtere kleur as oan 'e boppekant. Guon yndividuën hawwe oan 'e sturtpunt in hierkwastke sitten. Yn kontreien dêr't de fersprieding fan 'e salvinstikelmûsgoffer oerlapet mei dy fan oare soarten stikelmûsgoffers, kin dit bistke identifisearre wurde oan it ûntbrekken fan swarte foarpoatsjes en it ûntbrekken fan in oranjige streek oer de siden.

De salvinstikelmûsgoffer komt benammen foar yn drûgere en mear iepen dielen fan it tropysk reinwâld yn it leechlân fan Midden-Amearika. De beammen binne dêr benammen dinnen en iken. Yn westlik Nikaragûa libbet dit biske ek yn 'e bergen fan 'e Cordillera de los Maribios, in fulkaankeatling dy't diel útmakket fan 'e Amerikaanske Kordillera. Mar oer it algemien komt er net heger foar as 1.500 m boppe seenivo. Salvinstikelmûsgoffers jouwe de foarkar oan mei strewelleguod oerwoekere fjilden en iepen plakken yn bosken.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De salvinstikelmûsgoffer is in nachtdier dat oerdeis rêst hâldt yn in nêst dat er makke hat yn in eigengroeven ûndergrûnske hoale, yn in rotsspjalt, in beamholte, in fuortrotsjende omfallen beam of in tichte strûk. Fretten wurdt gearfandele op nachtlike foerazjeartochten en foar it meastepart yn 'e wangpûden stoppe om mei werom te nimmen nei hûs, sadat it letter yn alle rêst bepluze wurde kin.

Salvinstikelmûsgoffers binne minder sosjaal as oare stikelmûsgoffers (Heteromys spp.). Yn drûge wâldhabitats fêstigje se territoaria mei in oerflak fan likernôch 20 ha, mar troch agresje dy't benammen rjochte is op soartgenoaten fan itselde geslacht resultearret dat yn it gearkloftsjen fan territoaria fan wyfkes yn en om territoaria fan mantsjes. Dominânsje hinget ôf fan lichemsgrutte en âldens: gruttere yndividuën binne dominant oer lytseren en folwoeksenen binne dominant oer healwoeksen eksimplaren. It nivo fan 'e ûnderlinge agresje bliuwt it hiele jier troch gelyk en fariëarret net nei jiertiid.

De peartiid falt foar de salvinstikelmûsgoffer yn Kosta Rika fan jannewaris oant en mei juny, mar yn oare dielen fan it ferspriedingsgebiet kin de fuortplanting it jier rûn plakfîne. De wyfkes produsearje jiers 1–8, mar trochstrings 2 nêsten jongen. De draachtiid duorret likernôch 25 dagen, wêrnei't der 2–6 (mar yn trochsneed 4) jongen smiten wurde. De jongen komme frijwol helpleas te wrâld en binne yn 't earstoan folslein oanwiisd op fersoarging troch de mem. Mar se ûntwikkelje har tige fluch en wurde mei 18 dagen ôfwûn. Mei 6 moannen binne se geslachtsryp. De trochsneed libbensferwachting leit foar salvinstikelmûsgoffers op likernôch 1 jier. Mar inkelingen libje langer as 15–18 moannen.

Salvinstikelmûsgoffers frette ek wol ynsekten, mar fierwei it meastepart fan har dieet bestiet út sieden. Yn Kosta Rika giet dêrby yn 'e drûge tiid de foarkar út nei de sieden fan 'e bûterblombeam (Cochlospermum religiosum). Yn 'e reintiid fret de salvinstikelmûsgoffer dêr sieden fan in breed ferskaat oan planten, wêrûnder dy fan lânbougewaaksen as weet, stynske weet, beane en de wûnderbeam (Ricinus communis). Opmerklikernôch hat er ek gjin muoite (en rint er neat op fan) it fretten fan 'e giftige sieden fan 'e oaljefante-earbeam (Enterolobium cyclocarpum). Foar it opspoaren fan gaadlike sieden yn it nachtlik tsjuster lykje salvinstikelmûsgoffers benammen har rooksin te brûken.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e salvinstikelmûsgoffer binne ferskate soarten ûlen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en fierders lânrôfdieren lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de Middenamerikaanske katfret (Bassariscus sumichrasti), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten slangen.

De salvinstikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Mei't de habitats dêr't dizze soarte fan ôfhinklik is, yn oerflak tebekrinne, wurdt derfan útgien dat ek de salvinstikelmûsgoffer yn oantallen ôfnimt.

Der binne 3 (stân fan saken yn 2016) erkende ûndersoarten fan 'e salvinstikelmûsgoffer (Heteromys salvini):

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.