Salvadori-ein
| Salvadori-ein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Salvadorina waigiuensis | ||||||||||||
| Rothschild & Hartert, 1894 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De salvadori-ein of Salvadori's ein (Salvadorina waigiuensis) is in ein út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is de iennige soarte yn it skaai Salvadorina. De fûgel is ferneamd nei de 18e-iuwske Italjaanske ornitolooch Tommaso Salvadori. De soarte is endemysk op Nij-Guineä. De spesifike namme waigiuensis ferwiist nei Waigeo, in eilân noardwest fan it haadeilân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein is likernôch 43 sm grut. Hy hat in brune kop en oranjegiele snaffel en poaten. Op 'e rêch is de fûgel donker mei ljochte fertikale streken. It boarst en de búk binne feal griis mei lytse donkere plakjes. De ein is skou en is nei alle gedachten fral nachts aktyf.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn in grut ferspriedingsgebiet op Nij-Guineä foar. Se libje yn berchmarkes en hurdstreamende rivierkes yn it midden- en heechberchte op in hichte fan 700 m oant 4.300. Ut en troch wurdt er ek yn leger lizzende wettergebieten waarnommen.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It territoarium wurdt it hiele jier troch ferdigene. Der wurde twa oant fjouwer aaien lein. Jerken helpe by it grutbringen fan 'e piken. De ein is omnivoar en siket dûkend nei iten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is lokaal ferdwûn of efterút gien troch de jacht en ferwyldere hûnen en troch de ferneatiging fan biotoop as gefolch fan mynbou en hydro-elektryske projekten. Der wurdt lykwols tocht dat de populaasje stabyl is om't in grut part fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Salvori-ein ûntagonklik is. Yn Papoea Nij-Guineä is de soarte beskerme. De fûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige .
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: de:Salvadoriente
|
