Salim Ahmed Salim

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Salim Ahmed Salim
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Salim.JPG
echte namme Salim Ahmed Salim
nasjonaliteit Flag of Tanzania.svg Tanzaniaansk
bertedatum 23 jannewaris 1942
berteplak ? (Sansibar)
etnisiteit Flag of India.svg Afro-Yndysk
Flag of the Arab League.svg Arabysk
Flagge fan de Swahily.PNG Swahily
partij Chama cha Mapinduzi (CCM)
siktaris-generaal fan de OAU
amtsperioade 19892001
foargonger Ide Oumarou
opfolger Amara Essy
Tanzaniaansk minister fan Definsje
fise-premier fan Tanzania
amtsperioade 19851989
premier fan Tanzania
(en as sadanich fise-presidint fan Tanzania)
amtsperioade 19841985
foargonger Edward Sokoine
opfolger Joseph Warioba
Tanzaniaansk minister fan Bûtenlânske Saken en Ynternasjonale Gearwurking
amtsperioade 19811984
foargonger Benjamin Mkapa
opfolger Benjamin Mkapa
ambassadeur foar Tanzania
amtsperioade 19641965 (Egypte)
19651968 (Yndia)
19691970 (Sina)
19701980 (by de FN)
19701980 (Barbados)
19701980 (Guyana)
19701980 (Jamaika)
19701980 (Kuba)
1970 – 1980 (Trinidad & Tobago)

Salim Ahmed Salim (Sansibar, 23 jannewaris 1942) is in Tanzaniaansk steatsman en diplomaat fan mingd Afro-Yndysk, Arabysk en Swahily etnysk komôf. Hy is lid fan 'e regearingspartij Chama cha Mapinduzi (CCM). Salim tsjinne lange tiid as ambassadeur foar Tanzania yn ferskate lannen en by de Feriene Naasjes, en wie letter minister en minister-presidint fan syn heitelân. Fan 1989 oant 2001 beklaaide er de funksje fan siktaris-generaal fan 'e Organisaasje fan de Afrikaanske Ienheid.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salim waard yn 1942 berne yn wat doe noch it Sultanaat Sansibar wie, as de soan fan Ahmad Salim Riyami, dy't oan heitekant etnysk Arabysk wie (mei in famylje dy't oarspronklik út Omaan stamme), en oan memmekant fan Swahily-komôf wie. Salim syn mem wie in Tanzaniaanse fan Afro-Yndysk komôf. Hy genoat middelber ûnderwiis oan it Lumumba Kolleezje yn Sansibar en learde neitiid fierder oan 'e Universiteit fan Delhi, yn Yndia, dêr't er in bachelortitel yn 'e politikology behelle dy't er letter oan 'e Columbia Universiteit fan New York omsette yn in mastergraad. Yn 'e iere 1960-er jierren ûntjoech Salim him ta in polityk aktivist en wied er behelle yn 'e oprjochting fan 'e All-Zanzibar Student Union (AZSU), dêr't er de earste fise-foarsitter fan wie.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1961 sette Salim syn wurkpaad útein as plakferfangend folmacht yn 'e Sansibareeske diplomatike fertsjintwurdiging op Kuba, in posysje dy't er oant 1962 beklaaide. Fan 1963 oant 1964 wied er haadredakteur fan in Sansibareesk deiblêd en siktaris-generaal fan 'e All-Zanzibar Journalists Organisation (AZJO).

Nei't Sansibar yn april 1964 mei Tanganjika gearfoege wie ta de Feriene Republyk Tanzania, kearde Salim werom nei de diplomasy. Efterinoar wied er de Tanzaniaanske ambassadeur yn Egypte (1964-1965), Yndia (1965-1968) en Sina (1969-1970). Fan 1970 oant 1980 beklaaide er de post fan permanint fertsjintwurdiger fan Tanzania by de Feriene Naasjes yn New York, wylst er yn dyselde perioade tagelyk ek fungearre as Tanzaniaansk ambassadeur yn Barbados, Guyana, Jamaika, Kuba en Trinidad en Tobago. Yn 1976 wie Salim foarsitter fan 'e Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes en yn 1979 siet er de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes foar.

Yn 1980 kearde Salim werom nei hûs, wêrnei't er oant 1984 de Tanzaniaanske minister fan Bûtenlânske Saken en Ynternasjonale Gearwurking wie. Fan 1984 oant 1985 tsjinne er ûnder presidint Julius Nyerere as premier (en dêrmei automatysk ek as fise-presidint) fan Tanzania, en fan 1986 oant 1989 wied er ûnder it regear fan presidint Ali Hassan Mwinyi minister fan Definsje en teffens fise-premier fan Tanzania. Ynternasjonaal waard Salim bekend doe't er fan 1989 oant 2001 it amt beklaaide fan siktaris-generaal fan 'e Organisaasje fan de Afrikaanske Ienheid (OAU), in gearwurkingsferbân fan Afrikaanske steaten dêr't yn 2002 de Afrikaanske Uny út fuortkomme soe.

Sûnt 2001 is Salim foarsitter fan 'e Julius K. Nyerere Stifting, en teffens is er lid fan it Sintraal Komitee fan 'e politike partij Chama cha Mapinduzi (CCM). Fan 2004 oant 2008 tsjinne er fierders as spesjaal gesant fan 'e Afrikaanske Uny oangeande de Oarloch yn Darfoer. Sûnt 2002 hâldt er him op útnûging fan 'e Afrikaanske Untwikkelingsbank (ADB) dwaande mei kwestjes op it mêd fan 'e wetterfoarsjenning en wetterbesparring.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salim is troud mei syn frou Amne, mei wa't er trije bern hat, Maryam, Ali en Ahmed. Hy hat ûnder syn lange wurkpaad earedoktoraten takend krigen fan 'e Universiteit fan de Filipinen Los Baños (1980), de Universiteit fan Maiduguri, yn Nigearia (1983), de Universiteit fan Mauritsius (1991), de Universiteit fan Kartûm, yn Sûdaan (1995), de Universiteit fan Bologna, yn Itaalje (1996), de Universiteit fan Kaapstêd, yn Súd-Afrika (1998) en de Universiteit fan Addis Abeba, yn Etioopje (2003).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.