Sahara (film út 2005)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sahara
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Sahara film 2005 logo.png
makkers
regisseur Breck Eisner
produsint Stephanie Austin
Howard Baldwin
Karen Baldwin
Mace Neufeld
senario James V. Hart
Thomas Dean Donnelly
Joshua Oppenheimer
John C. Richards
basearre op de roman fan Clive Cussler
kamerarezjy Seamus McGarvey
muzyk Clint Mansell
filmstudio Bristol Bay Productions
Baldwin Entertainment Group
Kanzaman Productions
Mace Neufeld Productions
Studio Babelsberg
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Matthew McConaughey
Penélope Cruz
Steve Zahn
byrollen Lennie James
William H. Macy
Rainn Wilson
Lambert Wilson
Paulin Fudouop
skaaimerken
lân/lannen Flag of Germany.svg Dútslân
Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Spain.svg Spanje
premiêre 4 april 2005
foarm langspylfilm
sjenre aksje-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $160 miljoen
opbringst $119,2 miljoen

Sahara is in Amerikaansk-Britsk-Dútsk-Spaanske aksje-aventoerefilm út 2005 ûnder rezjy fan Breck Eisner, mei yn 'e haadrollen Matthew McConaughey, Penélope Cruz en Steve Zahn. De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Clive Cussler. It ferhaal folget oan 'e iene kant de skatsikers Dirk Pitt en Al Giordino, dy't op 'e rivier de Niger in âld Konfederearre pânserskip op it spoar binne, en oan 'e oare kant Eva Rojas, in dokter fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje, dy't yn West-Afrika besiket út te finen wêr't in mysterieuze mar deadlike nije sykte wei komt. Sahara krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. De film hie te lijen ûnder spul tusken Cussler en de produsinten, en flopte yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Lagos, yn Nigearia, komme Eva Rojas en Frank Hopper, twa dokters dy't foar de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) wurkje, in nije, deadlike sykte tsjin. De mem fan it earste slachtoffer fertelt dat de jonge noch mar koartlyn mei syn heit weromkeard is fan in reis nei Maly. As Eva allinne de heit opsiket, dy't wurket yn in ôfhandige fjoertoer oan 'e kust fan 'e Golf fan Guinee, wurdt se oanfallen troch ûnbekende manlju, dy't har besykje te fermoardzjen. Har libben wurdt rêden troch Dirk Pitt, in Amerikaanske dûker en âld-marineman, dy't foar de kust by de fjoertoer mei in putsje dwaande is. As Eva letter wer by bewustwêzen komt, befynt se har op it skip fan it National Underwater and Marine Agency (NUMA), dat foar de kust by de fjoertoer foar anker leit en ûnder lieding stiet fan 'e Amerikaanske âld-admiraal James Sandecker. It NUMA is in organisaasje dy't skipswrakken opspoart en weardefolle saken fan 'e seeboaiem opdûkt yn opdracht fan museä of nasjonale oerheden. By Nigearia binne se op dit stuit dwaande mei it opheljen fan 'e sarkofaach fan in pre-koloniale kening.

De sarkofaach wurdt dyselde jûns noch presintearre by in formele gearkomste yn it nasjonaal museum yn Lagos. Fia it NUMA binne ek Eva en Frank Hopper dêr útnûge. Hja wolle nei Maly ta, om't hja derfan oertsjûge binne dat de nije sykte dêr wei komt, mar Maly ferkeart yn boargeroarloch: de iene helte fan it lân wurdt regearre troch in moardsuchtige kriichshear, brigadegeneraal Zateb Kazim, wylst yn 'e oare helte anargy hearsket. By de gearkomste yn it museum besykje de beide dokters de rike Frânske sakeman Yves Massarde, fan wa't bekend is dat er konneksjes yn Maly hat, safier te krijen dat er harren helpt om it lân yn te kommen. Massarde seit ta dat er sjen sil wat er foar harren dwaan kin, mar it is fuortendaliks dúdlik dat dat in leagen út fatsoen is. Underwilens hat Dirk Pitt fan in Nigeriaanske swarthanneler in gouden Konfederearre munt kocht. It sterket him yn syn oertsjûging dat it Konfederearre pânserskip de CSS Texas, dat yn 1865, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, spoarleas ferdwûn, de Atlantyske Oseaan oerfearn en yn Afrika op 'e rivier de Niger bedarre is. Admiraal Sandecker, dy't Dirk faker oer de CSS Texas heard hat, is skeptysk, mar hy jout him tastimming om it spoar de Niger op te folgjen, salang't er mar werom is as it NUMA-skip ôfset nei Austraalje foar de folgjende put.

De oare moarns, as Dirk, syn maat Al Giordino en harren kollega Rudi Gunn by de speedboat fan it NUMA arrivearje dy't se brûke sille om 'e Niger op te farren, wurde se dêr opwachte troch Eva Rojas en Frank Hopper, dy't admiraal Sandecker bepraat hawwe om harren de rivier op te farren. Underweis springt der dúdlik in fonk oer tusken Eva en Dirk. Nei't se de beide dokters ôfset hawwe op harren bestimming, ynformearret Dirk dêr by in pleatslike imaam nei de CSS Texas. De pleatslike moskee-argiven befetsje foar 1865 yndie in fermelding dat der in swart skip mei in rikjende toer de rivier opfear, en sykte brocht as straf fan Allah. Dirk is dan wis dat er op it juste spoar sit. As se lykwols fierder de rivier opfarre, wurdt harren speedboat oanfallen troch Malineeske militêren op 'e siik nei twa dokters fan 'e WHO, dy't dêrta oarders krigen hawwe fan generaal Kazim. Dirk, Al en Rudi witte de oanfal ôf te slaan, mar de speedboat giet ferlern. Om't it bart wylst Dirk oan 'e tillefoan wie mei admiraal Sandecker, wit dy dat der wat mis rûn is. Hy skoarret de ôfreis nei Austraalje foar ûnbeskate tiid op en besiket help te krijen foar Dirk-en-dy.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Eva en Frank reizgje mei inkele Malineeske gidsen nei it ôfhandige doarpke dêr't harren Nigeriaanske pasjint de mysterieuze sykte nei alle gedachten skipe hat. Se treffe dêr alle bewenners dea oan: ferstoarn oan deselde sykte as dy't de Nigeriaan hie. De wettersaad is tichtsmiten mei sân, wat derop wiist dat de minsken tochten dat se de sykte fia it wetter oprûn hiene. Frank en gidsen litte Eva oan in tou yn 'e saad omleech om meunsters fan it wetter te nimmen. As sy har op 'e boaiem fan 'e saad befynt, wurde Frank en de gidsen oerfallen troch in ôfdieling militêren ûnder de persoanlike lieding fan generaal Kazim. Dy sjitte de gidsen dea en nimme Frank finzen. Kazim wol fan Frank witte wêr't syn froulike kollega is, mar Frank wegeret mei te wurkjen. Dêrop sjit Kazim him dea en jout syn mannen opdracht om it lykje te litten as is it selskip omkommen by in oerfal fan Tûarek-rebellen.

Wylst Rudi weromreizget nei Lagos om ferslach út te bringen oan admiraal Sandecker, sette Dirk en Al op kamielen de woastyn yn om Eva en Frank te warskôgjen dat de soldaten fan generaal Kazim harren sykje. Se arrivearje lykwols te let by it doarpke dêr't Eva en Frank har befine om Frank te rêden. Nei't generaal Kazim fuortflein is yn syn helikopter, sjocht Dirk Eva har tas by de saad lizzen, en begrypt wêr't sy is. Hy en Al komme de soldaten oer it mad en deadzje party, wêrnei't de rest útnaait. De lêst oerbleaune soldaat stiet op in stuit op it punt om Dirk om hals te bringen, mar wurdt dan sels deade troch Eva, dy't ûnderwilens op eigen manneboet út 'e saad klommen is.

Mei Eva by harren besykje Dirk en Al de noardgrins fan Maly te berikken om it lân fia Algerije út te kommen. Underweis wurde se lykwols finzen nommen troch Tûarek-rebellen, dy't harren meinimme nei harren doarp. Dêr wurde se by de Tûarek-haadman Modibo brocht. As dy heart dat Eva in dokter fan 'e WHO is, nimt er har mei nei in gebou dêr't tsientallen Tûareks ferplege wurde dy't oan deselde sykte lije dêr't Eva om nei Maly reizge is. Nei't se grûnwettermeunsters analysearre hat, stelt se fêst dat it gjin sykte is, mar fergiftiging troch gifstoffen yn 'e wettersaden. Mei't se hjir 300 km noardlik binne fan it doarpke dêr't Frank ombrocht is, liket it hast net te leauwen dat it om ien en itselde gefal fan miljeufersmoarging giet. Wylst se yn it Tûarek-doarp ferbliuwe, ûntdekt Al by tafal yn in mei grotskilderings fersierde grot in ôfbylding fan 'e CSS Texas. Dirk ornearret dat it pânserskip in sydrivier fan 'e Niger opfearn wêze moat, dy't sûnt 1865 folslein fersâne rekke is. It skip moat no earne ûnder it sân fan 'e Sahara bedobbe lizze. It is wierskynlik deselde sydrivier, dy't no ûndergrûnsk streamt, dy't de gifstoffen oer sa'n grut gebiet ferspraat hat. Eva hat yn 'e tuskentiid fêststeld dat der neat is dat se foar de fergiftige minsken dwaan kin.

Modibo lit Dirk, Al en Eva gean, en se reizgje fierder noardoan nei de Algerynske grins. Underweis komme se oan 'e ein fan in dearinnende spoarline in grutte flakte mei sinnepanielen tsjin, mei yn 'e midden in hege toer. Nijsgjirrich wurden, kringe se it swierbewekke kompeks binnen, dêr't se in ûndergrûnske smoargensferbrâningsûne ûntdekke, dy't oandreaun wurdt troch sinne-enerzjy. It ding wurdt brûkt om gemysk ôffal yn te ferbaarnen op ekstreem hege temperatueren. Der wurdt lykwols mei treinladings folle mear ôffal oanfierd as de ûne oankin, en de oerstallige foarried fan lekkende fetten wurdt troch Tûarek-finzenen ûnder de grûn opslein, dêr't it gif yn it grûnwetter siperet. Wylst Dirk-en-dy de boarne fan 'e fergiftiging ûntdutsen hawwe, is Rudi ûnderwilens weromkeard oan board fan it NUMA-skip foar de kust fan Lagos. As er dêr syn wettermeunsters út 'e bopperin fan 'e Niger analysearret, docht bliken dat de gifstoffen de grutte rivier al berikt hawwe. As de oanfier fan gifstoffen oanhâldt, sille se úteinlik troch reäksje mei sâlt wetter yn 'e Atlantyske Oseaan foar in miljeuramp fan ûnbidige proporsjes soargje en de útrûging fan it seelibben yn in grut part fan 'e oseaan.

Yn noardlik Maly wurde Dirk, Al en Eva finzen nommen troch de befeiligingslju fan it smoargensferbrâningsfabryk, dat eigendom blykt te wêzen fan Massarde. De sakeman skûlet ûnder ien tekken mei generaal Kazim, en hy stjoert Dirk en Al ûnder bewekking werom nei it suden ta, om se út te leverjen oan Kazim. Hy hat lykwols in swak foar tsjeppe froulju, en dêrom hâldt er Eva by him en makket er de generaal wiis dat se omkommen is by in sjitpartij. Dirk en Al witte te ûntkommen ear't se by Kazim arrivearje, en swalkje in skoft troch de woastyn ear't se op it wrak fan in fleanmasine út 'e 1920-er jierren stjitte. Troch it út te graven, ien wjuk derôf te slaan en de oare rjocht omheech te binen, meitsje se dêr in sylwein fan, dy't se brûke om 'e bewenne wrâld te berikken. Underwilens bringt admiraal Sandecker de Amerikaanske ambassadeur yn Nigearia fan 'e fersmoarging op 'e hichte, mar dy nimt de saak net botte serieus, en hâldt him foar dat de Feriene Steaten net samar yn in soeverein lân as Maly yngripe kinne. Sandecker giet dêrop nei Carl, dy't op 'e Amerikaanske ambassade de CIA fertsjintwurdiget, en fan wa't er noch wat tegoede hat. Carl seit ta om dwaan te sillen wat er kin.

Dirk en Al, dy't ûnderwilens tillefoanysk kontakt mei Sandecker hân hawwe, ferwachtsje dêr net altefolle fan, en geane derfan út dat se de put sels opknappe moatte sille. Se geane werom nei Modibo, dy't lykwols wegeret om syn Tûarek-krigers yn te setten foar sa'n riskante misje as Dirk yn gedachten hat. As Dirk him lykwols fertelt oer de Tûarek-finzenen yn 'e ûndergrûnske gifopslach, is Modibo wol ree om syn eigen libben te weagjen. Trijeresom ynfiltrearje de mannen it ferbrâningsfabryk, dêr't se de finzenen befrije, dy't mei Modibo ûntsnappe. Massarde, dy't begrypt dat it spul foar him út is, besiket alle bewiis foar syn oandiel yn 'e miljeufersmoarging te ferneatigjen troch it hiele fabryk op te blazen, mar Al wit dat foar te kommen troch de springstoflading út it fet te ferwiderjen dat dêrta op 'e rinnende bân nei de ferbrâningsûne set wie. Underwilens klimt Dirk nei de top fan 'e toer ta, dêr't Massarde sels mei Eva yn in helikopter ûntkomme wol. Dirk rekket yn gefjocht mei Zakara, in ferriedlike Tûarek dy't foar Massarde alderhanne saakjes opknapt dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Dyselde smyt him hast fan 'e toer ôf, mar troch de help fan Eva, dy't út 'e opstiigjende helikopter springt, wit Dirk de man úteinlik sels oer de râne te wâdzjen. Frustrearre en lulk ûntkomt Massarde troch yn syn helikopter fuort te fleanen.

Dirk, Al en Eva ferlitte it fabryk yn in auto, wêrby't se al rillegau efterfolge wurde troch generaal Kazim yn in mei swiere masinegewearen tariste militêre helikopter. Se brûke de springstof dy't Al út it fet helle hat om mei in rige fan ûntploffings sân en stof op te smiten dêr't de helikopter it sicht mei benommen wurdt. Troch de eksploazjes komt de CSS Texas bleat te lizzen, dy't dêre ûnder it sân bedobbe wie. Dirk, Al en Eva klimme oan board, dêr't se troch de bepânsering fan it skip feilich hoopje te wêzen foar Kazim, waans leger fan tanks, pânserweinen en ynfantery ûnderwilens op 'e flakte ûnder it skip ferskynd is. Kazim hat syn masinegewearen lykwols foarsjoen fan pânsertrochboarjende munysje, dy't fan 'e 150 jier âlde bepânsering fan 'e Texas al rillegau in gatsjepanne makket. Dêrby wurde ek guon âlde kisten rekke, dêr't in stream goudene munten út rûgelet. Dirk en Al skuorre dêrop ien fan 'e kanonspoarten fan it pânserskip iepen, lade in âld kanon en sjitte in kanonskûgel troch it foarrút fan 'e helikopter. Eefkes liket der neat te barren, mar dan ûntploft de âlde lading buskrûd yn 'e kûgel, en dêrmei de hiele helikopter. As op 'e hichten efter de CSS Texas Modibo syn hiele Tûarek-striidmacht ferskynt, jouwe de demoralisearre soldaten fan Kazim harren oer, wêrmei't de boargeroarloch yn Maly beëinige wurdt.

Neitiid wurdt it gif yn it smoargensferbrâningsfabryk opromme, wêrmei't in slimmere miljeufersmoarging as al it gefal is, foarkomd wurdt. De technology efter it fabryk is eins neat mis mei; de fersmoarging wie inkeld it gefolch fan 'e ynklauwerigens fan Kazim en Massarde. Der wurdt besletten om it fabryk oan 'e gong te hâlden, mar no ûnder in mear ferantwurdlike lieding. Sandecker kriget fan 'e Amerikaanske ambassadeur yn Nigearia it oanbod om foar de Amerikaanske oerheid te wurkjen, dy't yn ruil dêrfoar de opdûkoperaasjes it NUMA finansiere sil. Op in fraach fan 'e ambassadeur dêroer sprekt Sandecker de geroften oer Amerikaansk goud oan board fan 'e CSS Texas mei klam tsjin. Wat er der net by fertelt is dat it goud eins eigendom wie fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika; Dirk en Al hawwe it no temûk oerdroegen oan 'e Tûareks, dy't der neffens harren it measte rjocht op hawwe. Yn in restaurant wurdt oan Yves Massarde in glês wetter ynskonken troch CIA-agint Carl, dy't de wetterflesse inkeld oanrekket mei wanten oan en soarchfâldich ôffiert. Dirk en Eva nimme in wolfertsjinne fakânsje yn Kalifornje, dêr't de film einiget wylst se tútsjend op it strân omboartsje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Dirk Pitt Matthew McConaughey
dokter Eva Rojas Penélope Cruz
Al Giordino Steve Zahn


byrollen
personaazje akteur/aktrise
brigadegeneraal Zateb Kazim Lennie James
admiraal James Sandecker William H. Macy
Rudi Gunn Rainn Wilson
Yves Massarde Lambert Wilson
Modibo Paulin Fodouop
dokter Frank Hopper Glynn Turman
Carl Delroy Lindo
Zakara Maurice Lee
ambassadeur Polidori Patrick Malahide
imaam Jude Akuwudike
abbekaat Mark Aspinall
frou Nwokolo Rakie Ayola

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sahara wie it rezjydebút fan Breck Eisner. Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch James V. Hart, Thomas Dean Donnelly, Joshua Oppenheimer en John C. Richards op basis fan 'e roman Sahara fan Clive Cussler, út 1992. De film wie in ynternasjonale ko-produksje fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Dútslân en Spanje. As produsinten wiene by it projekt belutsen Stephanie Austin, Howard Baldwin, Karen Baldwin en Mace Neufeld foar de filmstudio's Bristol Bay Productions, Baldwin Entertainment Group, Kanzaman Productions, Mace Neufeld Productions en Studio Babelsberg, hoewol't dy lêste net op 'e begjintitels of de ôftiteling neamd wurdt.

De opnamen fan Sahara fûnen foar it meastepart plak yn Marokko, mar der waard ek filme yn Grut-Brittanje en Spanje. Der wie foar de film in budget beskikber fan $160 miljoen. De kamerarezjy waard fersoarge troch Seamus McGarvey, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Clint Mansell.

Distribúsje en marketing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmdistribúsje waard dien troch de grutte Amerikaanske studio Paramount Pictures. Sahara gie op 4 april 2005 yn premiêre en iepene op 8 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. Om 'e film te promoatsjen ried haadrolspiler Matthew McConaughey mei syn eigen truck mei in oplizzer dy't oan beide sydkanten beskildere wie mei in grutte filmposter fan Sahara, dwers troch de Feriene Steaten. Hy hold dêrby ho op legerbases en by grutte eveneminten, lykas de Daytona 500-autorace. Oeral dêr't er kaam, dielde er hantekenings út oan fans en joech er ynterviews. De hichtepunten fan 'e reis waarden letter toand op 'e tillefyzjestjoerder E!, tagelyk mei de premiêre fan 'e film.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sahara krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 175 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, is Sahara "in ûnnoazele aventoerefilm mei in healwize plot." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 33 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sahara brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen $69 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $50,2 miljoen. Wrâldwiid kaam dêrmei de opbringst út op $119,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $160 miljoen berûn dat al in ferlies fan krapoan $41 miljoen, mar der wie ek noch $61 miljoen útjûn oan marketing, sadat de totale kosten útkamen op $221 miljoen. It ferlies woeks sadwaande oan ta krapoan $102 miljoen.

De Amerikaanske krante de Los Angeles Times wijde op 15 april 2007 in artikel oan 'e film, wêrby't Sahara as foarbyld tsjinne fan hoe't Hollywood-films safolle kostje en dochs floppe kinne. Dêrby waard bekendmakke dat in diel fan it budget opgien wie oan it omkeapjen fan oerheidsfunksjonarissen yn Marokko, dêr't de opnamen foar it meastepart plakfûn hiene.

Haadrolspiler Matthew McConaughey waard foar syn rol yn Sahara nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory favorite akteur yn in aksjefilm/skriller, en Penélope Cruz waard nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite aktrise yn dyselde kategory. Tegearre waarden se ek nominearre foar de Teen Choice Award foar bêste tút. Komponist Clint Mansell wûn foar Sahara de BMI Film & TV Award yn 'e kategory bêste filmmuzyk. Kameraregisseur Seamus McGarvey wûn foar de film de Irish Film & Television Award foar bêste kamerarezjy.

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Matthew McConaughey wie Sahara bedoeld as de earste film fan in mediafranchise dy't basearre wie op it personaazje Dirk Pitt, út 'e romansearje fan Clive Cussler. Der wiene plannen foar in filmsearje à la James Bond, mar troch de minne resultaten fan Sahara kaam it dêr neitiid net fan.

Rjochtsaak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it reekommen fan Sahara wiene Clive Cussler, de auteur fan it boek dêr't de film op basearre wie, en de Anschutz Entertainment Group, dêr't de produksjestudio's neitiid yn opgiene, hast tsien jier lang behelle yn in heech oprinnend skeel dat foar de rjochter útfochten waard. Dat begûn noch foar de premiêre fan 'e film, yn febrewaris 2005, doe't Cussler de produsinten oanklage foar in skeafergoeding fan $100 miljoen om't er net genôch belutsen wie by it ta stân kommen fan it senario. Dêrnjonken bewearde er dat Anschutz tasein hie de filmrjochten op it twadde boek út 'e rige ek te keapjen, mar dêr letter fan ôfsjoen hie. Anschutz klage dêrop Cussler oan foar sjantaazje en sabotaazje fan it filmprojekt. Yn desimber 2012, nei't der foar $20 miljoen oan abbekatekosten fergriemd wie, die bliken dat beide partijen der hielendal neat mei opsketten wiene; der waard gjin skeafergoeding takend, noch koene de proseskosten fan ien fan 'e partijen op 'e oare ferhelle wurde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.