Sackler (famylje)
De famylje Sackler is in Amerikaanske famylje dy't eigner wie fan de sels oprjochte farmaseutyske bedriuwen Purdue Pharma en Mundipharma. Guon leden fan de famylje, en Purdue Pharma sels, waarden sûnt 2019 konfrontearre mei rjochtssaken oer it bûtenwenstich foarskriuwen fan ferslavende genêsmiddelen, sa as Oxycodon, mei in opioïde-epidemy as gefolch yn de Feriene Steaten [1]. Kritisy neamden de famylje sels "drugsdealers".[2][3] In oanklacht dy't op 28 maart 2019 yntsjinne waard by it New York Supreme Court neamde acht leden fan de famylje: Richard, Jonathan, Mortimer, Kathe, David, Beverly en Theresa Sackler, en dêrneist Ilene Sackler Lefcourt.[4]

De Sacklers binne yn ferskate media portrettearre, bygelyks yn de dokumintêre The Crime of the Century[5] op HBO, it boek Empire of Pain: The Secret History of the Sackler Dynasty[6] fan Patrick Radden Keefe, de Hulu-minysearje Dopesick[7] út 2021, de Netflix-searje Painkiller út 2023 en de foar in Oscar foar bêste dokumintêre nominearre dokumintêre All the Beauty and the Bloodshed út 2022
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|